Terminator
is in
Amerikaanske
mediafranchise
dy't oarspronklik kreearre waard troch
regisseur
James Cameron
en
filmprodusinte
Gale Anne Hurd
. De franchise heart ta de
sjenres
fan
science fiction
en
aksje
en begun yn
1984
mei de tige suksesfolle
film
The Terminator
, mei
akteur
Arnold Schwarzenegger
yn ien fan syn bekendste
rollen
as de
Terminator
. Dat is in
cyborg
dy't
troch de tiid weromreizge
is ut 'e
takomst
om 'e jonge
frou
Sarah Connor te
deadzjen
, om't hja meitiid
mem
wurde sil fan 'e
man
dy't de
keunstmjittige yntelliginsje
fan it Skynet uteinlik ofhalde sil fan 'e wraldhearskippij. Anno
2021
binne yn it ramt fan
Terminator
fiif
ferfolchfilms
makke, in
tillefyzjesearje
, twa
websearjes
en ferskaat oan
fideospultsjes
,
stripboeken
,
romans
en oare produkten. Tsjin
2010
hie de franchise al
$
3 miljard
opbrocht
.
De Wikipedy hat ek in side
The Terminator
.
Yn
The Terminator
wurdt in
cyborg
, de
Terminator
(
Arnold Schwarzenegger
), troch it Skynet, in
keunstmjittige yntelliginsje
, ut 'e
takomst
troch
de tiid hinne weromstjoerd
nei de hjoeddeistige wrald. Syn opdracht is om 'e jonge
Amerikaanske
frou
Sarah Connor (
Linda Hamilton
) te
deadzjen
, mei't hja de
mem
wurde sil fan John Connor, de lieder fan it
minsklike
ferset tsjin 'e wraldhearskippij fan it Skynet. John Connor stjoert lykwols ien fan syn
soldaten
, Kyle Reese (
Michael Biehn
), ek werom yn 'e tiid om syn mem te beskermjen. Dyselde wit Sarah te berikken en naait mei har ut, efterfolge troch de Terminator. Hja reitsje
fereale
en Reese wurdt de
heit
fan John Connor.
The Terminator
waard
regissearre
troch
James Cameron
nei in
senario
fan himsels,
Gale Anne Hurd
, en
William Wisher
. De film gie op
26 oktober
1984
yn
premiere
, en brocht
$
78,3 miljoen op tsjin in
budget
fan $6,4 miljoen.
The Terminator
wie de film dy't Cameron syn
karriere
as regisseur festige en de
titelrol
wie (mei
Conan de Barbaar
yn
Conan the Barbarian
) ek ien fan 'e wichtichste rollen ut 'e aktearkarriere fan Arnold Schwarzenegger.
Arnold Schwarzenegger
as de
Terminator
yn 'e
film
Terminator 2: Judgment Day
(
1991
).
De Wikipedy hat ek in side
Terminator 2: Judgment Day
.
Yn
Terminator 2: Judgment Day
is John Connor (
Edward Furlong
) tsien jier. Syn mem Sarah (Linda Hamilton) wurdt festholden yn in
psychiatrysk sikehus
en hysels leaut neat mear fan alles dat se him as
bern
ferteld hat. Dan stjoert it Skynet in twadde cyborg werom yn 'e tiid om John te deadzjen. It is de T-1000 (
Robert Patrick
), in ferbettere ferzje dy't ut
floeiber
metaal
bestiet en frijwol net te ferwoastgjen is. Mar de aldere John Connor stjoert ut 'e takomst wei op 'e nij in beskermer werom yn 'e tiid. Diskear is it in troch himsels werprogrammearre orizjinele Terminator (Arnold Schwarzenegger). Underwilens is Sarah wisberet om tsjin eltse priis foar te kommen dat de Oardielsdei (
Judgment Day
) plakfine kin: de dei dat it Skynet
selsbewust
wurdt en beslut de
minskheid
ut te rugjen
troch in
kearnoarloch
te begjinnen en sa in
nukleere holokaust
te feroarsaakjen.
Terminator 2: Judgment Day
waard wer regissearre troch James Cameron nei in senario fan himsels en William Wisher. De film gie op
1 july
1991
yn premiere, en brocht $523,7 miljoen op tsjin in budget fan $102 miljoen. De
special effects
dy't foar
Terminator 2: Judgment Day
brukt waarden, foarmen in trochbraak yn 'e
filmyndustry
. Sa waard yn 'e film foar it earst ea
motion capture
-technyk brukt om natuerlike bewegings te jaan oan in
kompjutergenerearre personaazje
.
Terminator 2: Judgment Day
wun fjouwer
Oscars
, twa
BAFTA's
, fiif
Saturn Awards
en in
Hugo Award
.
De Wikipedy hat ek in side
Terminator 3: Rise of the Machines
.
Yn
Terminator 3: Rise of the Machines
stjoert it Skynet foar de trede kear in cyborg werom troch de tiid. Diskear is it de T-X (
Kristanna Loken
), dy't as opdracht hat om kaaifigueren ut it lettere minsklike ferset om te bringen, sadat de rin fan 'e
skiednis
feroare wurde sil. Under de doelwiten dy't de T-X op it each hat, is Kate Brewster (
Claire Danes
), de takomstige
frou
fan John Connor (
Nick Stahl
), mar net Connor sels, om't it Skynet gjin
ynformaasje
hat oer syn
lokaasje
. Connor syn
libben
komt lykwols dochs op it spul te stean as de T-X him by tafal op it spoar komt. Mar it ferset hat op 'e nij in alde werprogrammearre Terminator (Arnold Schwarzenegger) troch de tiid hinne weromstjoerd om John en Kate te beskermjen.
Terminator 3: Rise of the Machines
waard regissearre troch
Jonathan Mostow
nei in senario fan
John Brancato
en
Michael Ferris
. De film gie op
30 juny
2003
yn premiere, en brocht $433,4 miljoen op tsjin in budget fan $187,3 miljoen.
Terminator 3: Rise of the Machines
wie doedestiden de djoerste film ut 'e
filmskiednis
. De film einige yn in oerwinning fan it Skynet en wie foar in protte
fans
fan 'e franchise in
teloarstelling
.
De Wikipedy hat ek in side
Terminator: Salvation
.
Yn it
post-apokalyptyske
Terminator: Salvation
, dat fuortborduerret op 'e ein fan
Terminator 3: Rise of the Machines
, hat Skynet, dat yn dizze film de foarm oannimt fan syn betinkster Serena Kogan (
Helena Bonham Carter
), it meastepart fan 'e minskheid utruge troch it gebruk fan
kearnwapens
. Marcus Wright (
Sam Worthington
), in
moardner
dy't yn
2003
de
deastraf
kriget en syn
stoflik omskot
donearret oan 'e
wittenskip
, wurdt fyftjin jier letter wekker yn in ferwoastge wrald, der't in
oarloch
geande is tusken de keunstmjittige yntelliginsje en syn
leger
fan
masines
oan 'e iene kant en de gearklofte restanten fan 'e
kriichsmachten
fan 'e underskate
lannen
fan 'e wrald oan 'e oare kant. Marcus moetet Kyle Reese (
Anton Yelchin
), dy't lykwols
finzennommen
wurdt troch de masines. Neitiid liedt Blair Williams (
Moon Bloodgood
), in lid fan it ferset, him nei fersetslieder John Connor (
Christian Bale
) ta. Dyselde is djip behelle yn 'e planning fan in, nei't it ferset hopet, beslissende oanfal op it
haadkertier
fan Skynet. Alles feroaret as Marcus untdekt dat hysels in cyborg is.
Terminator: Salvation
waard regissearre troch
McG
nei in senario fan John Brancato en Michael Ferris. De film gie op
21 maaie
2009
yn premiere, en brocht $371,4 miljoen op tsjin in budget fan $200 miljoen. Oarspronklik wie it de bedoeling dat
Terminator: Salvation
it earste diel yn in twadde
Terminator
-
trilogy
wurde soe, mar doe't
filmstudio
The Halcyon Company
koarte tiid nei de premiere
fallyt
gie, run dat plan op 'e non.
De Wikipedy hat ek in side
Terminator: Genisys
.
Terminator: Genisys
wie in
reboot
fan 'e franchise, dy't it utgongspunt en fan 'e
earste film
yn in oare rjochting utwurke. De film folget Kyle Reese (
Jai Courtney
), dy't troch John Connor (
Jason Clarke
) ut
2029
werom yn 'e tiid stjoerd wurdt nei
1984
om syn mem Sarah (
Emilia Clarke
) te reden. As er der arrivearret, blykt
de tiidline lykwols feroare te wezen
troch yngripen fierder tebek yn it
ferline
. Sarah is net de helpleaze jonge frou dy't Reese ferwachtet, mar in kundige jonge striidster dy't
grutbrocht
is troch in werprogrammearre Terminator (Arnold Schwarzenegger) dy't se 'Pops' ("Heity") neamt.
Terminator: Genisys
waard regissearre troch
Alan Taylor
nei in senario fan
Laeta Kalogridis
en
Patrick Lussier
. De film gie op
22 juny
2015
yn premiere, en brocht $440,6 miljoen op tsjin in budget fan $158 miljoen.
In skematyske werjefte fan 'e kontinuiteit (en it gebrek deroan) tusken de ferskate underdielen fan 'e
Terminator
-franchise.
De Wikipedy hat ek in side
Terminator: Dark Fate
.
Terminator: Dark Fate
is in ferfolch op
The Terminator
en
Terminator 2: Judgment Day
, mar
negearret
de rest fan 'e filmsearje. Fiifentweintich jier nei de foarfallen ut
Terminator 2
stjoert it Skynet in nij model Terminator, Rev-9 (
Gabriel Luna
) werom yn 'e tiid nei
2020
om Dani Ramos (
Natalia Reyes
) te deadzjen, mei't har
lotsbestimming
ferban haldt mei de untjouwing fan 'e takomst. It minsklik ferset stjoert de
sybernetysk
ferbettere
soldaat
Grace (
Mackenzie Davis
) werom yn 'e tiid om Ramos te beskermjen. Grace kriget help fan Sarah Connor (Linda Hamilton) en de oarspronklike Terminator (Arnold Schwarzenegger).
Terminator: Dark Fate
waard regissearre troch
Tim Miller
nei in senario fan
David S. Goyer
,
Justin Rhodes
en
Billy Ray
. De film gie op
23 oktober
2019
yn premiere, en brocht $261,1 miljoen op tsjin in budget fan $196 miljoen. Yn
Terminator: Dark Fate
wiene Linda Hamilton en Arnold Schwarzenegger foar it earst yn 23 jier wer tegearre te sjen.
De Wikipedy hat ek in side
Terminator: The Sarah Connor Chronicles
.
De
tillefyzjesearje
Terminator: The Sarah Connor Chronicles
folget Sarah Connor (
Lena Headey
) en har soan John (
Thomas Dekker
) wylst se 'under de radar' besykje te libjen nei't se Cyberdyne Systems, it
bedriuw
dat it Skynet makket, ferneatige hawwe. Dat leste barde yn
Terminator 2: Judgment day
. De searje kin dan ek as in ferfolch op dy film beskoge wurde en fertsjintwurdiget as sadanich in trede ofspjalting fan 'e ferhaalline njonken
Terminator 3: Rise of the Machines
en
Terminator: Dark Fate
. In Terminator-cyborg dy't Cameron neamd wurdt (
Summer Glau
) en Derek Reese (
Brian Austin Green
), de jongere
broer
fan Kyle Reese, wurde troch it ferset werom yn 'e tiid stjoerd om 'e Connors te beskermjen en in twadde Oardielsdei foar te kommen.
Terminator: The Sarah Connor Chronicles
wie as
tillefyzjesearje
yn
2008
en
2009
twa
seizoenen
op it Amerikaanske
tillefyzjenetwurk
Fox
te sjen. Der waarden yn totaal 31
ofleverings
fan makke. De searje waard
produsearre
troch
Josh Friedman
foar
Warner Bros. Television
.
De Wikipedy hat ek in side
Terminator Salvation: The Machinima Series
.
De
tekenfilmsearje
Terminator Salvation: The Machinima Series
moat yn 'e franchise pleatst wurde nei
Terminator 3:Rise of the Machines
en foarofgeande oan
Terminator: Salvation
. Yn 'e searje fjochtet Blair Williams (
ynsprutsen
troch
Moon Bloodgood
) yn 'e
post-apokalyptyske
wrald fan nei de Oardielsdei yn 'e
ruines
fan
Los Angeles
tsjin 'e masines. Der spoart se de
hacker
Laz Howard (ynsprutsen troch
Cam Clarke
) op en besiket him oer te heljen om 'e lapen gear te smiten mei it ferset.
Terminator Salvation: The Machinima Series
is in
kompjuteranimearre
websearje
dy't produsearre waard troch
Warner Premiere Digital
. De rige, dy't bestie ut seis ofleverings, kaam tusken mids
maaie
en ein
juny
2009
ut fia de
webside
Machinima
.
Terminator Salvation: The Machinima Series
waard ek op
fideo
utbrocht yn
novimber
2009
.
Terminator Genisys: The YouTube Chronicles
is in
websearje
under
rezjy
fan
Charles Paek
nei in senario fan
Jay Bushman
. De rige waard op
22 juny
2015
yn trije dielen fia
YouTube
publisearre om 'e film
Terminator: Genisys
te
promoatsjen
. Der wurken ferskate populere YouTube-stjerren oan mei dy't mei Arnold Schwarzenegger oarspronklike Terminators spilen, wylst se it opnamen tsjin 'e nije T-360 (spile troch YouTube-stjer
Toby Turner
).
Linda Hamilton
as Sarah Connor yn 'e
film
The Terminator
(
1984
).
De folgjende
soundtrackalbums
binne ferskynd yn it ramt fan 'e
Terminator
-franchise:
Fan
2001
oant en mei
2004
waard der under de
titel
T2
, in
trilogy romans
publisearre dy't basearre wiene op 'e
Terminator
-franchise:
Der binne troch de jierren hinne in protte
stripboeken
basearre op 'e
Terminator
-franchise. Sjoch foar in folsleine en byholden opsomming
dizze list
op 'e
Ingelske Wikipedy
.
Der binne troch de jierren hinne in protte
fideospultsjes
basearre op 'e
Terminator
-franchise. Sjoch foar in folsleine en byholden opsomming
dizze list
op 'e
Ingelske Wikipedy
.
Yn
2000
waard troch
Precedence Entertainment
The Terminator Collectible Card Game
op 'e merk brocht, in
sammelkaartspul
.
Ferskate
ferdivedaasjeparken
hawwe of hiene attraksjes dy't wijd binne oan 'e
Terminator
-franchise, werunder
T2-3D: Battle Across Time
yn 'e
Universal Studios Florida
yn
Orlando (Floarida)
.
Terminator X: A Laser Battle for Survival
wie fan begjin
2009
oant
2015
op ferskate lokaasjes aktyf, en
Terminator Salvation: The Ride
bestie yn
2009
en
2010
yn
Six Flags Magic Mountain
yn
Valencia (Kalifornje)
.
Ear't
The Terminator
makke waard, ferkocht
regisseur
James Cameron
de
rjochten
op sawol dy film as eventuele
ferfolchfilms
foar it
symboalyske
bedrach fan ien
dollar
oan
filmprodusinte
Gale Anne Hurd
. De
Hemdale Film Corporation
waard fia Hurd eigner fan 50% fan 'e rjochten, oant dat part yn
1990
ferkocht waard oan
Carolco Pictures
, in
bedriuw
dat oprjochte wie troch
Andrew G. Vajna
en
Mario Kassar
.
Terminator 2: Judgment Day
kaam it jiers derop ut. Yn
1995
gie Carolco lykwols
fallyt
, wernei't de 50% fan 'e rjochten dy't de studio yn eigendom hie, foar
$
8 miljoen
by opbod
ferkocht waard oan Vajna persoanlik. Tegearre mei Kassar kocht dyselde neitiid foar nochris $8 miljoen ek de 50% fan 'e rjochten op dy't oant dy tiid noch yn it besit wiene fan Hurd, sadat se foar de folle 100% eigener fan 'e franchise waarden.
Nei't yn
2003
Terminator 3: Rise of the Machines
utkommen wie, ferkochten Vajna en Kassar de rjochten yn
2007
foar $25 miljoen oan
The Halcyon Company
, dy't yn
2009
Terminator: Salvation
makke. Letter datselde jiers rekke it bedriuw lykwols yn finansjeel swierwaar, en moast it in
fallisemint
oanfreegje. Fan gefolgen waarden de rjochten op
Terminator
yn
2010
op 'e nij ferkocht, diskear foar $29,5 miljoen, oan it
ynvestearringsfuns
Pacificor
, dat de grutste skuldeasker fan Halcyon wie. Dat ferkocht se yn
2012
foar minder as $20 miljoen troch oan
Megan Ellison
, de eigneresse fan
Annapurna Pictures
. It ferskil yn priis wie it gefolch fan in nije Amerikaanske
copyrightwet
, dy't makke dat de rjochten yn
2019
wer yn 'e hannen fan Cameron oergean soene. Megan har
broer
David Ellison
en syn
Skydance Productions
produsearren yn
2015
Terminator: Genisys
.
Yn
2019
wurke Cameron, dy't doe wer foar 50% eigner fan 'e franchise wurden wie, gear mei David Ellison om
Terminator: Dark Fate
te meitsjen. Doe't dy film hast utkommen wie, spande Hurd in
rjochtsaak
oan om in ein te meitsjen oan in 35 jier alde auteursrjochtlike skinking, wat har op 'e nij foar 50% eigner fan 'e franchise meitsje soe. Dertroch soe Skydance Productions it rjocht ferlieze om fierdere films yn it ramt fan 'e franchise te meitsjen, of it moast weze dat de studio in nije oerienkomst wist te sluten. Yn
novimber
2020
makke Skydance bekend dat der mei Cameron yndie sa'n oerienkomst sletten wie, en dat de rjochten op 'e franchise foar de foarsjenbere takomst by Skydance yn bruklien bliuwe sille. De rjochten op 'e franchise binne op 't heden lykwols eigendom fan Cameron en Hurd.