Nolwenn Leroy
(
Franske
utspr.
: [nol?w?n l???wa], likernoch: "nol-
uen
luh-
chwa
"; echte
namme
:
Nolwenn Le Magueresse
;
Saint-Renan
,
28 septimber
1982
) is in
Fransk
sjongster
,
muzikante
,
lietsjeskriuwster
en
stimaktrise
fan
etnysk
Bretonsk
komof
. Hoewol't se oarspronklik in
oplieding
yn 'e
klassike muzyk
folge, waard se bekend as sjongster fan
popmuzyk
yn it twadde
seizoen
fan 'e Franske
talintejacht
op 'e
tillefyzje
Star Academy
. Sunt skoarde se twa numer 1-
hits
en brocht se acht
studio-albums
ut (teljier
2023
). Har album
Bretonne
, ut
2012
, waard
sertifisearre
as twaris
diamant
. Leroy
sjongt
sawol yn har
memmetaal
, it
Bretonsk
, as yn it
Fransk
, it
Ingelsk
en ut en troch yn oare
talen
, lykas it
Iersk
. Yn
2015
parte
Le Journal du Dimanche
har it santjinde plak ta op 'e ranglist fan
populerste
bekende persoanen yn Frankryk.
Leroy waard yn
1982
as Nolwenn Le Magueresse
berne
yn
Saint-Renan
, yn it
Franske departemint
Finistere
, oan 'e utein fan it
skiereilan
Bretanje
. Hja is de
dochter
fan
proffuotballer
Jean-Luc Le Magueresse
en dy syn
frou
Muriel Leroy. Om har
heite
karriere
te skewielen,
ferfearen
har
alden
yn
1986
ut Bretanje wei en namen de lytse Nolwenn mei. Nei't se yn
Parys
,
Risel
en
Guingamp
wenne hiene, sette har
mem
har uteinlik mei Nolwenn en dy har
suster
Kay nei wenjen yn
Saint-Yorre
, yn sintraal Frankryk, der't se by
pake en beppe
Leroy ynloeken. Yn
1993
skieden
Nolwenn har alden.
Leroy genoat
underwiis
oan it College des Celestins yn
Vichy
. Doe't se alve jier wie, murk har
muzyklearaar
har
talint
op en fitere har oan om
fioelles
te nimmen. Mei trettjin jier wun Leroy yn
1995
Les ecoles du desert
("De Skoallen fan 'e Woastyn"), in muzikale
kompetysje
dy't
sponsore
waard troch de
supermerkkeatling
Cora
. Dat stelde har by steat om mei te gean op in humanitere misje nei
Maly
, der't se u.m.
Gao
en
Timboektoe
besocht. Letter soe se sizze dat dy
reis
in djippe yndruk op har makke hie.
Yn
july
1998
, doe't se sechstjin jier wie, wun Leroy in
studzjebeurs
fan 'e
Rotaryklub
fan Vichy om in jier as
utwikselingsstudinte
nei
Hamilton
, yn 'e
Kanadeeske
provinsje
Ontario
, te gean. Under har ferbliuw dere learde se harsels floeiend
Ingelsk
te sprekken. Nei't se weromkeard wie yn Frankryk begun Leroy mei it folgjen fan lessen yn
klassike
sjongkeunst
oan it
konservatoarium
fan Vichy. Yn
2001
sette se dernjonken utein mei in
studzje
rjochten
oan 'e
Universiteit fan Clermont-Ferrand
yn
Clermond-Ferrand
, om wat te hawwen om op werom te fallen as it neat wurde soe mei har muzikale
karriere
.
Yn
2001
seach Leroy it earste
seizoen
fan 'e
talintejacht
Star Academy
op 'e Franske
tillefyzjestjoerder
TF1
. Hja rekke under de yndruk fan ien fan 'e
sjueryleden
, de sjonglearaar
Armande Altai
, en besleat om in healjier yn
Parys
sjonglessen by syn skoalle te folgjen. Fia dy konneksje waard Leroy yn
2002
selektearre foar it twadde seizoen fan it
tillefyzjeprogramma
. Tagelyk krige se de rol fan Scarlett O'Hara oanbean yn 'e nije
musical
Autant en emporte le vent
(de
Fransktalige
ferzje fan
Gone with the Wind
), mar se besleat te kiezen foar de talintejacht. Sadwaande bejoech se har ein
augustus
2002
nei it
kastiel
Dammarie-les-Lys
, der't it programma opnommen waard. Se besleat de
famkesnamme
fan har mem, Leroy, as
artystenamme
oan te nimmen. Op it kastiel folge se de folgjende fjouwer
moannen
foar de
kamera's
aktear
-,
duns
- en sjonglessen. Yn 'e
finale
op
21 desimber
fersloech se
Houcine Camara
en wun se de kompetysje.
No't se bekend wurden wie, brocht Leroy yn
maart
2003
har earste
album
mei
popmuzyk
ut, dat se nei harsels
Nolwenn
neamde. Tsjin
novimber
wie dat
sertifisearre
as in
platina plaat
. Yn
2006
, doe't der mear as 600.000 eksimplaren fan ferkocht wiene, waard it sertifisearre as twaris platina. Behalven it album sels die ek de
single
Casse
it poerbest en berikte it earste plak yn 'e
hitlisten
yn sawol Frankryk as
Walloanje
, en it twadde plak yn
Switserlan
. Fan itselde album waarden noch trije oare singles utbrocht,
Une femme cachee
,
Suivre une etoile
en
Inevitablement
, werfan't
Suivre une etoile
it fierwei it beste die. Leroy gie ein
2003
op
toernee
troch Frankryk, Walloanje en
Romanje
, it Fransktalige diel fan Switserlan.
Har twadde album,
Histoires naturelles
, broch Leroy yn
desimber
2005
ut. De single
Nolwenn Ohwo!
waard in grut sukses en in
sulveren plaat
. It album sels wie platina yn Frankryk en
goud
yn
Belgje
. Har folgjende album,
Le Cheshire Cat et moi
, waard troch Leroy yn gearwurking mei de
Fereuske
muzikant
Teitur Lassen
skreaun en opnommen yn
Sweden
en op 'e
Fereu-eilannen
. It album, dat neffens
muzykkritisy
"in lichtere klank" hie as har eardere albums, die it minder goed as
Nolwenn
en
Histoires naturelles
.
Nei in nij toernee brocht Leroy yn
desimber
2010
har fjirde studio-album ut, mei as
titel
Bretonne
("Bretonse", d.w.s. "in frou ut Bretanje"). Sa't de namme al suggerearret, hiene de measte
lieten
op it album te krijen mei Leroy har heitelan
Bretanje
. Sa stiene der
coverferzjes
op fan tradisjonele
Keltyske lieten
lykas
Mna na h-Eireann
,
Tri Martolod
en
La Jument de Michao
, mar ek fan kontemporene poplieten, lykas
Brest
fan
Christophe Miossec
. Fan 'e lieten op it album wiene fjouwer yn it
Bretonsk
(
Tri Martolod
,
Suite sudarmoricaine
,
Bro Gozh ma Zadou
en
Karantez Vro
) en ien yn it
Iersk
(
Mna na h-Eireann
).
Bretonne
stie san wiken efterinoar boppe-oan yn 'e Franske albumlisten en fiif wiken yn dy fan Walloanje. Yn Frankryk waard it album sertifisearre as twaris
diamant
, mei't der mear as in miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. Yn
novimber
2011
waard in
Deluxe Edition
fan
Bretonne
utbrocht mei san ekstra
Ingelsktalige
covers, werunder
Amazing Grace
,
Scarborough Fair
en
Moonlight Shadow
. De Amerikaanske ferzje fan
Bretonne
waard yn
jannewaris
2013
under de titel
Nolwenn
utbrocht en berikte it tsiende plak op 'e toanoanjaande World Album Chart fan it
tydskrift
Billboard
. Leroy gie dat jiers op toernee troch Frankryk, Belgje, Switserlan,
Dutslan
en de
Feriene Steaten
.
Fan Leroy har letter albums,
O filles de l'eau
(
2012
),
Gemme
(
2017
),
Folk
(
2018
) en
La Cavale
(
2021
), die
O filles de l'eau
it it beste. Derfan waarden yn Frankryk 350.000 eksimplaren ferkocht, wat it ta in
platina plaat
makke.
Gemme
en
Folk
bleaune stykjen op
goud
, wylst
La Cavale
gjin
sertifikaat fan muzykferkeap
helle.
Yn
2014
waard Leroy har album
Bretonne
nominearre foar in
World Music Award
yn 'e
kategory
wralds beste album. Sels waard se nominearre foar de
prizen
foar wralds beste
entertainer
, wralds beste froulike
artyst
en wralds beste live-
act
. Datselde jiers song Leroy it Bretonske
folksliet
Bro Gozh ma Zadou
foar in
publyk
fan 80.000 man yn it
Stade de France
yn Parys en op 'e nasjonale tillefyzje op
France 2
, foar de
fuotbalfinale
om 'e
Coupe de France
tusken twa Bretonske klubs,
Stade Rennais F.C.
en
EA Guingamp
. Yn
2015
gie se wer op toernee, werby't se diskear ek ofreizge nei de oare kant fan 'e wrald, om optredens te fersoargjen yn
Nij-Kaledoanje
en
Fransk-Polyneezje
. Op
27 novimber
fan dat jier naam Leroy mei
Camelia Jordana
en
Yael Naim
diel oan 'e
betinking
fan 'e
slachtoffers
fan 'e
terroristyske
oanslaggen fan 2015 yn Parys
. Hja song derby it liet
Quand on n'a que l'amour
, fan
Jacques Brel
.
Njonken har wurk as sjongster, is Leroy ut en troch ek aktyf as
stimaktrise
, benammen by de Fransktalige
neisyngronisaasje
fan butenlanske
tekenfilms
.
Leroy hat sunt
2008
in
relaasje
mei
Arnaud Clement
, in restend Fransk profesjoneel
tennisser
. Behalven foar
muzyk
hat se ek oanlis foar
hynstesport
. Se besit in
hynder
dat El Aberkan hjit en hat ferskate kearen har feardichheden op it med fan
hynsteriden
en
hynstespringen
op 'e Franske tillefyzje sjen litten. Leroy docht ek in protte oan
goeddiedichheid
. Sa joech se har yn
2006
by de groep
Les Enfoires
, dy't muzyk utbringt werfan't de
opbringst
nei it
goede doel
giet. Ek is se belutsen by de
Fondation Abbe Pierre
, dy't opfang foar
dakleazen
besiket te beavensearjen.
- 2007 ?
Histoires Naturelles Tour
- 2014 ?
O Tour de l'Eau
(de sjongtaal is
Fransk
as it net oars oanjun stiet)
- 2003 ?
Casse
(
gouden plaat
)
- 2003 ?
Une femme cachee
- 2003 ?
Suivre une etoile
(
sulveren plaat
)
- 2004 ?
Inevitablement
- 2006 ?
Nolwenn Ohwo!
(
sulveren plaat
)
- 2006 ?
Histoire naturelle
- 2006 ?
Mon ange
- 2007 ?
Jaimais tant l'aimer
- 2007 ?
Reste encore
- 2009 ?
Faut-il, faut-il pas?
- 2010 ?
Textile schizophrene
- 2010 ?
Suite sudarmoricaine
(yn it
Bretonsk
)
- 2010 ?
Mna na h-Eireann
(yn it
Iersk
)
- 2010 ?
La jument de michao
- 2011 ?
Tri Martolod
(yn it Bretonsk)
- 2011 ?
Brest
- 2011 ?
Moonlight Shadow
(yn it
Ingelsk
)
- 2012 ?
Juste pour me souvenir
- 2013 ?
Sixieme continent
- 2013 ?
J'ai vole le lit de la mer
- 2014 ?
Ophelia
(live)
- 2017 ?
Gemme
- 2017 ?
Trace ton chemin
- 2018 ?
So Far Away from L.A.
(yn it Ingelsk)
- 2018 ?
Je t'aimais, je t'aime, je t'aimerais
- 2007 ?
Aimer a perdre la raison
(mei
Les Enfoires
)
- 2007 ?
L'amitie
(mei Les Enfoires)
- 2012 ?
Without You
(yn it Ingelsk; mei Les Enfoires)
- 2012 ?
Attention au depart
(mei Les Enfoires)
- 2013 ?
Jeanne
(mei Les Enfoires)
- 2014 ?
Laissez-nous chanter
(mei Les Enfoires)
- 2014 ?
Des que le vent soufflera
(mei ferskate artysten)
- 2014 ?
Luscie
(mei
Francis Cabrel
)
Filmografy
as stimaktrise
|
jier
|
titel
|
rol
of
funksje
|
opmerkings
|
films
|
2012
|
Rise of the Guardians
|
de
Toskefee
|
Fransktalige
neisyngronisaasje
|
2013
|
Lady O
|
de ferhaleferteller
|
|
2014
|
Song of the Sea
|
Bronagh
|
Fransktalige neisyngronisaasje
|