한국   대만   중국   일본 
News Corp - Wikipedy Springe nei ynhald

News Corp

Ut Wikipedy
News Corp
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor utjouwerij
haadkertier New York ( New York )
oprjochte 2013
oprjochter Rupert Murdoch
eigner oandielhalders
fuortk. ut News Corporation
dochters sjoch under difyzjes
offisjele webside
www.newscorp.com

News Corp (oarspronklik koart foar News Corporation , "Nijskorporaasje"; offisjeel oantsjut as New News Corp , mar op 'e beurzen ferhannele under de namme News Corp) is in Amerikaansk utjouwersconcern festige yn New York . It is ien fan twa bedriuwen dy't yn 2013 fuortkommen binne ut 'e alde News Corporation fan krantemagnaat Rupert Murdoch . News Corp is benammen aktyf op it med fan it utjaan fan kranten en tydskriften , mar dernjonken is it ek de eigner fan HarperCollins Publishers , ien fan 'e fiif grutste boeke - utjouwerijen fan 'e Angelsaksyske wrald .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De skiednis fan News Corp giet werom oant 1923 , doe't yn Adelaide it Australyske bedriuw News Limited oprjochte waard, dat u.o. de krante de Adelaide News utjoech. Yn 1949 waard dat deibled oankocht troch de sakeman sir Keith Murdoch , en doe't dy yn 1952 kaam te ferstjerren, urf syn soan Rupert Murdoch in mearderheidsbelang yn it bedriuw. Under dy syn lieding untjoech News Limited him neitiid ta ien fan 'e grutste utjouwerijen fan kranten en tydskriften fan Austraalje. Hjoed de dei hjit News Limited fan News Corp Australia en is it de Australyske difyzje fan it bedriuw.

Rupert Murdoch .

Yn 1973 bejoech News Limited him foar it earst op 'e Amerikaanske merk, mei de oankeap fan 'e San Antonio Express-News . Koart dernei waard ek de National Star , in lanlik bulevaarbled , oankocht, en yn 1976 folge de oankeap fan 'e lanlike krante de New York Post . Yn 1979 rjochte Murdoch de News Corporation op as in holding der't er sawol syn Australyske as syn Amerikaanske belangen yn underbrocht. Fierdere utwreiding folge yn 'e jierren tachtich, doe't u.m. yn 1981 50% fan 'e filmstudio 20th Century Fox oankocht waard, folge troch de restearjende 50% yn 1984 , wylst yn 1986 de tillefyzjestjoerder de Fox Broadcasting Company (better bekend as FOX) oprjochte waard.

Tsjin 'e milenniumwiksel wie News Corporation ien fan 'e grutste en ynfloedrykste multymediabedriuwen fan 'e wrald wurden. Yn 2012 hie it in wearde fan $56,7 miljard, en makke it in omset fan $1,2 miljard mei in winst fan $33,7 miljoen. Datselde jiers hie it wraldwiid 47.650 wurknimmers. Yn 2011 rekke News Corporation yn Grut-Brittanje lykwols behelle yn in geroftmeitsjend skandaal , doe't oan it ljocht kaam dat sjoernalisten fan it bulevaarbled News of the World (in utjefte fan News Corporation) in grut ferskaat oan lju, fan politisy en akteurs oant de djipdroven fan misdieslachtoffers, tillefoanysk oflustere hiene en teffens harren e-mailboksen hackt hiene.

Yn 2012 kundige Rupert Murdoch oan dat er as reaksje op it skandaal en teffens om 'e winstutkearings foar de oandielhalders te maksimalisearjen, besletten hie om News Corporation op te spjalten yn twa aparte bedriuwen. Dat krige yn 2013 syn beslach, en derby waarden alle tillefyzje - en filmbelangen underbrocht by it nije 21st Century Fox , wylst alle utjouwerijen byinoarbrocht waarden yn it nije News Corp. Dy splitsing waard sa beavensearre dat 21st Century Fox foar de wet in fuortsetting fan 'e alde News Corporation is, en News Corp in folslein nij bedriuw.

Difyzjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wichtichste difyzjes fan News Corp binne:

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .