- NSB
wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch:
NSB (betsjuttingsside)
.
De
Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging yn Nederlan
(ofkoarte
NSB
) wie in
Nederlanske
politike partij
dy't fan
1931
oant
1945
bestien hat. De NSB wie in partij op
nasjonaalsosjalistyske
grunslach en fungearre yn de
Twadde Wraldkriich
as
kollaboraasjepartij
.
De NSB wie fan begjin oan in
anti-parleminter
en
autoriter
en sy kende in grutte wearde oan in sterke lieder ta. Earst letter soe de partij under ynfloed fan de untjouwings yn it Dutslan fan
Adolf Hitler
hieltyd mear radikalisearje, werby't ek hieltyd faker
antisemityske
stanpunten ynnaam waarden. It troch Mussert skreaune
Program
wie foar it grutste part in oersetting fan Hitlers
NSDAP
, mar
rasselear
en antisemitisme kaam der yn 't earstoan net yn foar.
Het
Program
fan de partij befette doe de folgjende
faksistyske
easken:
- in sterk regear;
- ofskaffing fan it persoanlike kiesrjocht;
- korporative
sosjaal-ekonomyske oardening;
- ekonomy tsjinstber oan de folksmienskip;
- arbeidsplicht en sosjale wissichheid;
- beheining fan frijheid fan printparse.
De NSB waard oprjochte yn
Utert
yn 1931 yn in tiidrek dat ferskate nasjonalistyske, faksistyske en nasjonaal-sosjalistyske partijen stifte waarden. De Stichters wienen
Anton Mussert
, dy't ek partijlieder waard, en
Cornelis van Geelkerken
. Foar 1936 wie de partij net
anti-semitysk
en hie doe sels Joadske leden.
Yn 1933, nei in jier fan opbou en organisaasje, waard de earste publike gearkomst, in saneamde
Landdag
yn Utert holden, dy't troch 600 partijlju besocht waard. Hjir presintearre de partij harsels en har krante,
Volk en Vaderland
. Dernei groeide de oanhing fan de partij. Yn itselde jier waard it
amtners
ferbean om lid fan de NSB te wurden.
By de provinsjale ferkiezings fan
1935
krige de NSB 8
%
fan de stimmen en kaam mei twa sitten yn de
Earste Keamer
. Dit resultaat waard behelle tsjin de eftergrun fan de grutte ekonomyske
krisis
. Mussert's imago fan betrouber politikus en syn pragmatisme, guon seine kleurleazens, dat him yn steat stelde ferskillende soarten fan faksisme te ferienigjen droegen ek by ta it sukses, krekt as de sterke organisaasje en politike strategy, dy't him rjochte op in demokratyske, legale oername fan de macht yn Nederlan. Yn 1936 waard de partij under ynfloed fan Meinoud
Rost van Tonningen
iepenlik anti-semitysk.
Rost van Tonningen
begun fraachtekens te setten by it liederskip fan Mussert. Hy waard derby stipe troch de Dutske
NSDAP
. De partij rekke sa yntern ferdield, dat wer late ta ledeferlies en in sterke anti-faksistyske reaksje fan de oare
politike partijen
,
fakbunen
en de tsjerken. By de algemiene ferkiezings fan 1937 helle de partij mar 4% fan de stimmen en fjouwer sitten yn de
Twadde Keamer
, hoewol't it tal sitten yn de
Earste Keamer
op fiif kaam. De Twadde Keamerleden fan de NSB lieten net folle respekt sjen foar de parlemintere prosedures en regels en moasten geregeldwei ta de oarder roppen wurde troch de keamerfoarsitter fanwegen fysik en ferbaal geweld. By de provinsjale ferkiezing fan
1939
krige de NSB ek 4% fan de stimmen.
De NSB hie foaral oanhing under de middenklasse: middenstanners, amtners en lytse boeren. De NSB wie fral sterk yn de
regio's
Drinte
[1]
(benammen
Assen
),
Utert
[2]
,
Noard-Hollan
[3]
(benammen
Amsterdam
,
Bloemendaal
,
Zandvoort
,
Marken
en
Tessel
), de
Achterhoeke
[4]
(benammen
Winterswijk
en omkriten
[5]
,
Borculo
en
Ruurlo
),
Den Haach
en net-
befynlike grifformearde
dielen fan de
Feluwe
(benammen
Rozendaal
), sawol fanwegen de lytse tsjerklike bining dere, mar ek ut reden fan it sukses fan
Landbouw en Maatschappij
[6]
yn dy kriten. Yn de sterk
ferpyldere
katolike
gebieten wie de partij faak tige swak fertsjintwurdige, utsein de eastlike mynstreek yn
Sud-Limburch
der't ranetsjerklike mynarbeiders en arbeiders dy't yn it oanswettende nasjonaalsosjalistyske Dutslan wurken, relatyf faak NSB stimden
[7]
. Ek de mear begoedigen (hege offisieren, undernimmers, frije beroppen) wienen lykwols lid fan ?de Beweging”. Nije NSB-kiezers wienen fral eardere oanhingers fan de
Liberale Steatspartij
(LSP) en eardere
SDAP
-kiezers. De eigentlike partijfunksjonarissen kamen lykwols ut alle lagen, politike en konfesjonele groepen fan de Nederlanske befolking.
Joaden
koene lid wurde en wienen dat ek lange tiid en hearden somtiids ta de oprjochters fan lokale ofdielings.
[8]
In protte N.S.B.-ers wiene tige oranjegesind. Yn it ljocht fan de untwikkelingen fan de beweging yn de derop folgjende jierren, is dat lykwols wat oerdreaun te neamen. Nei it begjin fan de
Twadde Wraldkriich
en benammen
Operaasje Barbarossa
waard oan alle ?folle joaden” en in soad healjoaden it lidmaatskip untsein. Op it hichtepunt fan de
joadeferfolging
krigen yn
Doetinchem
inkele joadske eardere NSB'ers - tydlik - in foarkarsbehanneling yn harren ynternearring.
[9]
.
[10]
Mussert sei “dat it nasjonaalsosjalisme yn Nederlan net antisemitysk hoechde te wezen of te wurden, omdat hjir yn Nederlan Joaden binne dy't mei harren hiele hert it wolwezen fan de Nederlanske naasje tadien binne, omdat hja der ien net te ferbrekken gehiel mei foarmje en dat ek yn de takomst dat sa halde wolle.”
De NSB hie in eigen groet, 'Hou Zee!'. De leden neamden elkoar 'kameraad' (m) of 'kameraadske' (f). De jongerein koe te lane by de Jeugdstorm, laat fan C. van Geelkerken. Guon derfan bedarren letter as SS'er oan it Eastfront.
Untwikkeling ledetal NSB
|
1 jannewaris 1933
|
900
|
1 jannewaris 1934
|
21.000
|
1 jannewaris 1935
|
33.000
|
1 jannewaris 1936
|
52.000
|
1 jannewaris 1937
|
48.000
|
1 jannewaris 1938
|
39.000
|
1 jannewaris 1939
|
37.000
|
1 jannewaris 1940
|
32.000
|
maart 1940
|
33.342
|
31 oktober 1941
|
90.788
|
31 maart 1943
|
99.353
|
30 septimber 1943
|
101.314
|
Nei it utbrekken fan de
Twadde Wraldkriich
sympatisearre de NSB mei de Dutsers en woe dat Nederlan strikt neutraal bleaun. Yn maaie
1940
, nei de Dutske ynvaazje fan Nederlan, waarden 800 NSB-leden en sympatisanten troch it regear festset
[11]
. Rillegau nei de kapitulaasje op
14 maaie
1940
waarde sy troch Dutske troepen frijlitten. Yn juny 1940 halde Mussert in speech yn
Lunteren
; hy rop de Nederlanners op om de Dutsers wolkom te hjitten en ofstan te nimmen fan it
Hus fan Oranje
dat nei
Londen
flechte wie.
Yn 1940 waarden alle sosjalistyske en kommunistyske partijen troch de Dutsers ferbearn; yn 1941 ferbearne sy alle partijen, utsein de NSB. De NSB wurke iepenlik gear mei de besettende macht. It tal leden waakste oan nei 100,000. De NSB spile in wichtige rol yn de legere oerheden en boargerynstellingen; eltse nije boargemaster dy't troch de Dutsers beneamd waard wie NSB-lid. Mussert hie ferwachte dat er lieder fan in unofhinklik, mei Dutslan ferbun, Nederlan makke wurde soe, mar de Eastenrykske Nazi
Arthur Seyss-Inquart
waard haad fan it besettend regear. Mussert moete
Adolf Hitler
ferskate kearen en pleite foar in unofhinklik
Nederlan
, mar it slagge him net. Alhoewol't Seyss-Inquart utsteld hie dat Mussert minister-presidint fan Nederlan makke wurde moast, krige er allinne de earetitel 'Lieder fan it Nederlanske folk', mar hy krige hast gjin wiere macht. Troch
Rost van Tonningen
en oare pro-Dutske leden naam Mussert syn ynfloed tige of. Oan it begjin fan de simmer fan
1943
organisearren in soad NSB-ers harren yn de
Landwacht
, dy't it regear holp om it folk te kontrolearjen.
Op 4 septimber 1944 feroveren de
Alliearden
Antwerpen
en de NSB ferwachte dat Nederlan rillegau folgje soe. Dat op 5 septimber flechten de measte lieders fan de NSB nei Dutslan en foel partijorganisaasje ut elkoar; dat wie op
Dolle Dinsdag
(
Male Tiisdei
).
Nei't de Dutser him op
6 maaie
1945
offisjeel oerjun hie, waard de NSB yllegaal ferklearre. Mussert waard de oare deis festset, lykas in protte oare NSB-leden. De measten waarden net feroardiele, mar Mussert waard eksekutearre op
7 maaie
1946
. Der is net besocht om de partij yllegaal fuort te setten.
De parij neamde harsels in beweging en woe har sa underskiede fan konfinsjonele partijen en -persoanen dy't de
ferpyldering
neistribben en stal jun hiene. It taheakjen fan 'yn Nederlan' makke dudlik dat de NSB in Nederlanske wjuk fan de ynternasjonale faksistyske beweging weze woe.
Nei de befrijding waard de NSB ferbearn en moasten in protte fan har leden fanwegen kollaboraasje foar de rjochter ferskine. Mussert krige de kugel nei in proses, Van Geelkerken krige libbenslange finzenisstraf. Meinoud Rost van Tonningen ferlear it libben op 6 juny 1945, om nea opheldere redenen, yn de finzenis fan
Skeveningen
. Oeral yn Nederlan waarden NSB'ers en oaren, dy't fertocht waarden fan 'hulpverlening aan de vijand', arrestearre troch it Militer Gesach, de Binnenlanske Striidkreften (BS) en troch samar boargers. Plondering en dieverij fan hus en hear wiene net seldsum. De arrestanten waarden somtyds geastlik en lichaamlik tramtearre. Froulju waarden kealskeard. Yn de (improvisearre) kampen waard stellen fan de NSB-ers. Der koe yn de earste moannen fan de ynternearing om raak mishannele wurde
[12]
, deaslach hat der west, medyske soarch en iten waard untholden, sels wienen der ferkrefingen. Yn it kamp Westerbork by
Hooghalen
stoaren dertroch yn de hjerst fan 1945 in protte siken, bern en alderein.
[13]
De oerheid makke earst begjin
1946
in ein oan dizze misstannen. Yn
Kamp Erica
by
Ommen
kamen fan
1945
oant de simmer fan
1946
hunderten politike delinkwinten om, der't NSB-bern under wiene, troch tyfus dat net behannele waard. Fan de dieders waarden mar in pear straft. Yn totaal waarden sa'n 150.000 minsken festholden en waarden rom 450.000 kollaboraasjedossiers oanlein. De NSB ferdwun unearfol ut de Nederlanske polityk. Eardere NSB-leden en harren bern hawwe faak noch lang te lijen han fan it NSB-stigma wat by in protte minsken psychyske swierrichheden jun hat; en hja waarden faak mei de nekke oansjoen en noch desennia narre nei 1945.
[14]
De
widdo Rost van Tonningen
bleau oant har dea yn 2007 in oertsjuge oanhinger fan it nasjonaal-sosjalisme en waard derom de 'swarte widdo' neamd. Oant
1952
unteigene de Nederlanske Steat benammen fest guod fan NSB'ers, sunder ek mar in bytsje skea te fergoedzjen.
[15]
In oersjoch fan alle eardere
Earste Keamerleden
foar de NSB:
- Ernst von Bonninghausen
- Gerrit van Duyl
- Jacob Maarsingh
- Max de Marchant et d'Ansembourg
- Dirk Frans Pont
- Wilhelmus de Rijke
- Anton Johan van Vessem
In oersjoch fan alle
eardere
Twadde Keamerleden
foar de NSB
In oersjoch fan de sitten foar de NSB yn de Provinsjale Steaten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑
NSB-Documentatie, Hagespraak. Provincie Drenthe 11,19 % t.o. 7,94 % landelijk gemiddeld
-
Steatenferkiezingen
1935
- ↑
9.5 % Utrecht, t.o. 7,94 % landelijk.
Provincie Utrecht
- ↑
Ibidem, 9.64 % NSB, 1935 PS verk
- ↑
Zonneke Matthee, 5 juli 2008, Oproep in: De Gelderlander. Blog NSB-vrouwen
- ↑
E. Beekink (2003).
Nederland in verandering: maatschappelijke veranderingen in kaart gebracht
. Antwerpen: Maklu, pp. 134-35.
- ↑
H. Gras (2000).
Geschiedenis van Assen
, s. 286
- ↑
NSB-Documentatie, Hagespraak. Provincie Limburg 11,69 % t.o. 7,94 % landelijk gemiddeld
- Statenverkiezingen 1935
- ↑
NSB-Documentatie, Hagespraak.
- ↑
Ch. van der Heijden (2006)
- ↑
Joodse NSB'ers & Villa Bouchina, TracesOfWar.nl
- ↑
Jong, L. 1956, s73.
- ↑
Henk Eefting,
De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs
(Soesterberg 2007), pp. 309-311.
- ↑
Henk Eefting,
De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs
(Soesterberg 2007), s. 309-315.
- ↑
Jenneke: "Ik zag mijn vader niet als fout", 21 januari 2009, Open Archief
- ↑
Henk Eefting,
De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs
(Soesterberg 2007).
- Keppelings om utens
|