De
Libanon
(
Arabysk
: ????? ?????????,
jabal lubn?n
, Libaneesk-Arabyske utspraak: [??abal l?b?neːn];
Syrysk
: ??? ?????,
??r levnon
, Westsyryske utspraak: [t?ur liv?n?n]) is in
berchtme
yn
Libanon
en
Syrje
mei in trochsneed hichte fan 2.500 meter.
De namme fan de Libanon komt fan it
Arameeske
laban
dat "wyt" betsjut. Dat ferwiisde mooglik nei de besnijde berchtoppen fan de Libanon.
It Libanonberchtme rint parallel oan de
Middellanske Seekust
en hat in totale lingte fan 240 km, der't 160 km fan yn Libanon en 80 km yn Syrje rint. It heechste punt is de
Qurnat as Sawda'
mei in hichte fan 3.088 meter. It berchtme krijt in reedlike hoemannichte delslach, werunder in soad snie, mei in trochsneed djipte fan fjouwer meter.
It Libanonberchtme hat troch de jierren hinne in soad beskerming jun oan de pleatslike befolking. Yn Libanon hat it ferskil fan it pleatslike klimaat earder te krijen mei it ferskil yn hichte as yn gegrafyske ofstan. De bergen binne ferneamd om syn
ike
- en
nullebeammen
. De leste oerbliuwende kloften fan de ferneamde
libanonseder
binne oan de hege hellings fan de Libanon yn it
Bosk fan de seders fan God
, dat in
Wralderfgoed
is.
De
Fenysjers
brukten de bosken foar it bouwen fan harren skippen en foar de hannel mei harren
Levantynske
buorlju. De Fenysjers en de hearskers dy't letter oer it gebiet hearsken setten hieltyd nije beammen en folden sadwaande de houtfoarried fan it berchtme oan, oant yn de
sechtjinde iuw
ta.
It Libanonberchtme waard al ferskate kearen neamd yn it
Alde Testamint
. De Joadske Timpel yn
Jeruzalim
waard mei
sederhout
fan de Libanon boud. De Fenysjers brukten de sederhout foar it bouwen fan harren skippen sa't se de Middellanske See befarre koene. Hja wiene de earsten dy't doarpen yn de Libanon stiften, der't men fan de houthannel libbe en it hout nei de kust ta ferfierde.
Neffens it skriuwen fan
Eusebius fan Caesatrea
liet de
Romeinske keizer
Konstantyn de Grutte
in timpel fan
Fenus
yn de bergen fan de Libanon ferniele. Nei de
fyfde iuw
n.Kr. kamen kristlike
muontsen
, dy't folgelingen fan de hearremyt
Maron fan Beit
wiene, fan noardlik Syrje nei it uterste noarden fan de Libanon en preekje harren leauwe oan de befolking dere. Oan de ein fan de
achtste iuw
hiet de
Byzantynske keizer
de
Mardaiten
om harren yn it noarden fan Libanon te festigjen om islamityske gebieten yn Syrje oan te fallen. Hja mingden mei de pleatslike befolking en hja wegeren it gea te ferlitten nei't de keizer in ferdrach mei de
kalyf
fan
Damaskus
sletten hie, dus se waarden part fan de Maroniten. Yn
1291
nei de
fal fan Akre
festigen de oerbliuwende Jeropeanen, dy't it slagge wie om ut de hannen fan de
Mammelukken
te bliuwen, harren yn Noard-Libanon, en hja waarden ek part fan de Maroniten.
Yn de
njoggende iuw
festigen
stammen
fan de
Janukiden
ut Syrje wei yn Sud-Libanon. Dy stammen waarden yn de
alfde iuw
bekeard ta it leauwe fan de
Druzen
en hja hearsken dat gebiet dat bekend kaam te hjitten as
Jabal ad-Druze
. Nei it besykjen de Libanon te ferienigjen, waarden Maroniten en oare
kristenen
yn it gebiet fan de Druzen talitten.
Yn de
achttjinde
en it begjin fan de
njoggentjinde iuw
kamen der mear en mear Maroniten yn it gebiet fan de Druzen. De Druzen seagen dy Maroniten as in driging en dat late ta ferskate tsierderijen yn it midden fan de njoggentjinde iuw. Der bruts al gau in lytse
boargerkriich
ut en tuzenen kristenen waarden ofslachte. De Druzen wunen dy slach, mar Jeropeeske machten, sa as
Frankryk
en it
Feriene Keninkryk
, griepen yn ut namme fan de Maroniten, en hja ferparten Libanon yn in Maronitysk en Druzysk part. In stikmannich Druzen ferfearen dernei nei sudlik Syrje. Yn
1861
waard it autonoom distrikt Libanon yn it
Ottomaanske Ryk
stifte, lykwols under ynternasjonaal tafersjoch. It waard behearske troch in Ottomaanske lanfad, de
Mutasarrıf
. Kristenen foarmen de mearderheid fan de befolking fan de Libanon, mei in grutte Druzyske minderheid .
Tsientallen jierren lang hawwe de kristenen de Jeropeeske machten oantrune, en jou harren selsbestjoer oer "
Grut-Libanon
", it gebiet fan it berchtme, mei de kuststripe yn it westen en de
Bekadelling
yn it easten. Nei de
Earste Wraldkriich
krige Frankryk it mandaat oer de eardere Ottomaanske gebieten yn de noardlike Levant. Hja foarmen yn
1920
Grut-Libanon, dat ornearre waard foar de kristlike befolking fan it
Midden-Easten
.