한국   대만   중국   일본 
Kurt Bilau - Wikipedy Springe nei ynhald

Kurt Bilau

Ut Wikipedy

Kurt Bilau ( Posen 29 maart 1872 - Berlin-Friedenau , 17 jannewaris 1941 ) wie in Dutsk offisier , konstrukteur en utfiner . Hy waard benammen bekend as pionier yn it gebruk fan wynenerzjy en as betinker fan avansearre wjukfoarmen foar wynmunen ("Bilausche Ventikanten"). Fierder wie er as privee-gelearde dwaande mei ferskate underwerpen ut de technyk , skiednis , wittenskip en filosofy , benammentlik mei teoryen oer kosmology , de oarsprong fan de wrald en de wrald- en beskavingsskiednis.

Wynmune mei Bilau'sche Ventikanten yn Kleve-Donsbruggen
Detail fan it wjukmeganyk oan de Scholtenmuhle yn Rees

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oplieding en militere karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bilau waard berne yn Posen yn it hjoeddeistige Poalen , dat doedestiids by it Keninkryk Prusen hearde.

Nei syn skoal- en beropsoplieding ta yngenieur gie Bilau as beropsmiliter yn tsjinst by it keizerlike leger, der't er by de artillerytroepen tsjinne. Yn de Earste Wraldoarloch fertsjinne er ferskate underskiedingen, under oaren it Izeren Krus IIe en Ie klasse. Uteinlik waard er befoardere ta majoar , wat him letter de bynamme fan "Flugelmajors" ('wjukkemajoar') besoarge, doe't er oan wynmunewjukken wurke. Fanwegen in oarlochsferwuning waard Bilau oan de ein fan de Earste Wraldoarloch earfol ut militere tsjinst untslein.

Utfiner en untwerper fan wynmunetechnology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de ein fan syn militere karriere, rjochte Bilau him op nije wurkterreinen. As artillerist hie Bilau faak te meitsjen mei wynmunen, dy't oan de iene kant tsjinnen as foarutskode observaasjeposten foar it ferkennen fan doelen, en oan de oare kant as feste mjitpunten foar fjoerlieding en it waarnimmen fan doelen oer grutte ofstannen. Mei't er geregeld kontakten mei munders hie makke Bilau de delgong fan de munen mei; yn de jierren 1900 twong de konkurrinsje fan modernere stoom-, motor- en elektryske munen in protte tradisjonele wyn- en wettermunen ta stilstan. Bilau besleat nije techniken te untwikkeljen om wynmunen te ferbetterjen en se sadwaande konkurrearjender te meitsjen oangeande moderne munen. Bilau brukte derfoar ek syn witten fan de aerodynamika , dat er opdien hie yn it ramt fan de utwindige ballistyk by de artillery.

Bilau untwikkelde om 1920 hinne foar it earst in saneamde Ventimotor ( wynmotor , fan it Latynske Ventus = wyn ), in lytse wynturbine mei fjouwer bleden foar it opwekjen fan elektrisiteit . Bilau hie ek munders op wynmunen as doelgroep foar eagen, foar wa't de Ventimotoren tsjinje moasten as boarne fan ekstra ynkomsten. Bilau basearre de geometry fan de rotor op fleanmasinepropellers. Se wiene effisjint, mar waarden gjin kommersjeel sukses troch de minne ekonomyske tastan yn Dutslan yn de jierren tweintich, dy't benammen dreech foar munders wie. Bilau moast it bedriuw dat er oprjochte hie om syn utfining op de merk te bringen al nei in pear jier (1926) opjaan. Yn 1927 publisearre er syn earste boek oer wynenerzjy , dat yn de jierren dernei troch ferskate oaren folge waard.

Bilau joech lykwols gjin belies. Hy untwikkele yn 'e mande mei de natuerkundige Albert Betz , haad fan de Aerodynamische Versuchsanstalt Gottingen , ferbettere wynmunewjukken, wer ynspirearre op fleanmasinefleugels. Bilau ferdielde de wjuk yn twa parten, in aerodynamysk optimalisearre part ("Ventikante") oan de linkerkant fan de roede fan de sturt wei sjoen en in ferstelber part ("Drehheck") oan de rjochterkant. Fanwege it aerodynamysk ferbettere profyl, benammen de Ventikante, soe de wjuk de wynenerzjy folle better benutsje kinne moatte. De wjukoerflakken wiene fan aluminium , dat hoechden net mei kanvas beklaaid te wurden. De draaiende wjuk wie ferstelber troch in hefboommeganisme, sunder dat it wjukkekrus stilset hoegde te wurden. Dat betsjutte dat de foarm fan de wjuk oan de wynfaasje oanpast wurde koe, wat de enerzjyopbringst fierder ferbettere, en er ek as rim tsjinje koe om de mune stil te setten. Neidielen fan de Bilauwjukken, fanwegen it metaal en de meganika, wiene it hege gewicht en de hege priis.

Yn 1930 fun Bilau in munder yn Gallen, Saksen , dy't ree wie it nije wjukkeuntwerp op syn paltrokmune te ynstallearjen en te testen. It sukses wie oerweldigjend: mei de nije wjukken berikte de mune fuortendaliks twa oant trije kear mear opbringst oan wynenerzjy. Derom sleat Bilau yn 1931 in lisinsje- en gearwurkingsoerienkomst mei de Muhlenbauanstalt und Maschinenfabrik Karl Kuhl ut Vordamm by Landsberg yn de neite fan Stettin yn Pommeren , dy't fan dat stuit of oan de iennige fabrikant fan Bilau syn wjukken weze soe. By gelegenheid fan de jierlikse utstalling foar de hoareka [...] en de itensguodhannel yn 1936 yn Berlyn , waard in komplete standermune mei Bilauwjukken spesjaal oankocht en fan Kunitz yn Thuringen nei it Berlynske tentoanstellingsterrein by de radiotoer oerbrocht, der't er oant 1937 stean bleau. It Dutske Ryk befoardere de ynstallaasje fan de wjukken mei lieningen foar de munders en it bestjoer fan de dielsteat Rheinland stipe it modernisearjen fan it grutte tal munen yn de regio Niederrhein.

Troch de goede resultaten en de promoasje waarden de wjukken fan Bilau hieltiten populerder. Tsjin de tiid dat se it meast ferspraat wiene (om 1940 hinne), wiene sa'n 160 wynmunen yn Dutslan en ut en troch ek yn it butenlan utrist mei Ventikanten. Mar sels de ferbettere wjukken koene de delgong fan de munetechnology net keare, en mei de wynmunen ferdwune de Ventikants ek.

Al by Bilau's libben en nei syn dea yn 1941 (op it toppunt fan de fersprieding fan syn tecnology), waarden syn ideeen oernommen en fierder untwikkele troch oare munemakkers, under oaren troch Nederlanske munebouwers Ten Have of Van Riet.

Oar undersyk en aktiviteiten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Njonken wynenerzjy wie Bilau nei de ein fan syn militaire tsjinsttiid ek dwaande mei ferskillende underwerpen op it med fan filosofy, skiednis en technyk. Hy joech der lezingen oer, publisearre yn tydskriften en skreau boeken. De ynhald omfieme technyske meden lykas de konstruksje fan reauwen, mar ek fragen dy't soms rikten oant yn de sfear fan mystyk en metafysika , lykas teoryen oer it untstean en de ein fan 'e wrald, de skiednis fan de ierde en de beskaving, stjerrekunde, kosmology en kosmogenese, de wraldiisteory fan Hanns Horbiger , teoryen oer de ynterpretaasje fan de bibelske Iepenbiering fan Jehannes en oer de fal fan Atlantis ta.

Publikaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In kar:

  • Kurt Bilau: Die Windkraft in Theorie und Praxis: Gemeinverstandl. Aerodynamik . P. Parey, Berlyn 1927, DNB 572401353.
  • Kurt Bilau: Windmuhlenbau eins und jetzt . M. Schafer, Leipzig 1933, DNB 572401361.
  • Kurt Bilau: Die Windausnutzung fur die Krafterzeugung: Theoret. Grundlagen u. prakt. Anwendg in d. Schopf-, Mahl- u. Silomuhle unter besond. Berucks. d. Elektrizitatserzeugg . Parey, Berlyn 1942, DNB 572401345.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Uwe Karstens: Kurt Bilau. Annaherung an einen Visionar . Hrsg.: Verein zur Erhaltung der Wind- und Wassermuhlen in Schleswig-Holstein und Hamburg e.V. Selbstverlag, Ascheberg 2003.
  • Uwe Karstens: Kurt Bilau. Annaherung an einen Visionar . Hrsg.: Verein zur Erhaltung der Wind- und Wassermuhlen in Schleswig-Holstein und Hamburg e.V. Band 2. Selbstverlag, Ascheberg 2010.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: