De
Amerikaanske Senaat
(
Ingelsk
:
United States Senate
) is mei it Amerikaansk
Hus fan Offurdigen
it
Amerikaansk Kongres
, de
wetjouwende macht
fan de
federale
oerheid fan de
Feriene Steaten
. De Senaat hat 100 sitten, twa foar eltse Amerikaanske steat. Dy sitten binne fan senatoren, dy't foar 6 jier keazen wurde. Om de twa jier wurd der neffens Kest I, Paragraaf 3 fan de Amerikaanske grunwet ien-tredde part werkeazen, sadat der trije groepen yn de Senaat sitte.
De fise-presidint fan de Feriene Steaten is de foarsitter fan de Senaat, en as it tal stimmen fan de senatoren krekt heal-om-heal is, mei er ek stimme. Dat bart net faak. By ofwezigens fan de fise-presidint kin ien fan de senatoren it foarsitterskip waarnimme, de
president pro tempore
. Dat is trochstrings de aldste Senator fan de partij dy't de mearderheid hat.
De Senaat hat mear ynfloed as it Hus fan Offurdigen. De Senaat is lytser en har leden hawwe mear underfining. De Senaat stiet ek net bot under druk fan de publike opiny, omdat se foar in langere perioade keazen binne, en dus net foartendaliks ofrekkene wurde. De Senaat hat ek bysunder foech. Neffens Kest 1 fan de Amerikaanske grunwet kin de
presidint
yn de measte gefallen net samar ynternasjonale oerienkomsten meitsje sunder goedkar fan de Senaat. De Senaat moat ek har goedkar jaan oan wichtige beneamings (
Heechgerjochtshof
, ambassadeurs en leden fan it kabinet).
De Amerikaanske Senaat is yn
Washington D.C.
, de haadsted fan de Feriene Steaten. Gearkomsten binne yn de noardlike wjuk fan it
Kapitoal
. It Hus fan Offurdigen beslacht de sudlike wjuk.
Oarspronklik waarden de senatoaren keazen troch de
wetjouwende macht
yn de ferskillende steaten, mar sunt 1913 wurde senatoaren streekrjocht troch it folk keazen, alle kearen foar in perioade fan seis jier. It
Districht of Columbia
en gebieten oarekant de see (b.g.
Puerto Riko
) hawwe gjin rjocht op in eigen senator. De langstsittende senator fan eltse steat hat de titel ‘senior-senator’. Syn tsjinhinger wurdt oantsjut mei ‘junior senator’. Senatoaren wurde meast oansprutsen mei ‘earbiedweardige’. It trochsneed salaris wie
$
165.000 yn 2006.
In senator kin troch stjerren of weromluken ut de funksje senator-of wurde. Fierders hat de Senaat de mooglikheid om bij twa-tredde fan de stimmen in Senaatslid ut syn funksje te untheffen. Yn it ferline binne der fyftjin senatoaren op dy wize fuortstjoerd, werfan fjirtjin tusken 1861 en 1862 doe't dy keazen foar de
Konfederaasje
yn de
Amerikaanske Boargerkriich
. Sunt dy tiid is dat net mear bard, mar der binne omraak senatoaren fuortgien om it net sa fier komme te litten.
Wannear't der in sit frijkomt hoecht it net sa te wezen dat der nije ferkiezings holden wurde moatte. De
guverneur
fan in steat hat it foech om ien oant op de dei foar de plande ferkiezings te beneamen foar de sit.