한국   대만   중국   일본 
Rjochtsaak - Wikipedy

In rjochtsaak , pleit of proses is de behanneling fan in skeel tusken twa of mear partijen troch in rjochtbank of in gerjochtshof . De partijen kinne derby sawol natuerlike persoanen weze (d.w.s. minsken ) as rjochtspersoanen ( juridyske konstruksjes dy't troch minsken oandreaun wurde, lykas ferienings , stiftings , bedriuwen of de steat ). Benammen yn it strafrjocht wurdt de partij dy't earne fan beskuldige wurdt, de beklage neamd, wylst de oare partij it Iepenbier Ministearje (of de iepenbier oanklager) is, fertsjintwurdige troch in ofsier fan justysje . It gehiel oan wet- en regeljouwing dat foarskriuwt hoe't rjochtsaken fierd wurde moattte en wer't se oan foldwaan moatte, wurdt it prosesrjocht neamd.

De eardere assiseseal yn it Paleis fan Justysje te Straasburch .

Yn it Nederlanske rjochtssysteem docht ien rjochter of in panel fan rjochters in utspraak yn in rjochtsaak; sa'n utspraak wurdt yn it sivyl rjocht en it strafrjocht it funis neamd. In protte oare lannen hawwe in sjuerysysteem , werby't beskate priveeboargers ynlotte en oproppen wurde om plak te nimmen yn in panel fan yn 'e regel in stik as tolve persoanen. Dizze sjuery, dy't yn namme bestiet ut de gelikensen fan 'e beklage, docht dan in utspraak, dy't de rjochter neitiid ornaris bekreftiget mei in funis. Yn guon lannen en/of yn guon gefallen is it lykwols mooglik dat de rjochter de utspraak fan 'e sjuery njonken him delleit as dy neffens him net oerienkomt mei de wet . Soks komt lykwols mar tige selden foar.

Nei in skriftlike tarieding weryn't de partijen offisjele dokuminten utwikselje kinne dy't betrekking hawwe op 'e rjochtsaak, folget de eigentlike rjochtsitting , werby't de partijen inoar moetsje yn oanwezichheid fan 'e rjochter . Sa'n rjochtsitting fynt yn 'e rjochtseal plak. Buten it strafrjocht is it mooglik dat der foarofgeande oan in rjochtsitting noch in oare moeting plakfynt yn 'e foarm fan in mediation of in bemiddeling . Ek is it mooglik dat in rjochter daliks utspraak docht, sunder dat der in rjochtsitting holden wurdt. Dat kin bygelyks aa daliks al dudlik is dat der oan beskate formele easken foar in proses net foldien is, as der saneamde foarmflaters makke binne.

Rjochtsaken fine faak plak yn ferskate sittings. Soms docht de rjochter earst in utspraak under foarbehald om te sjen oft dy in oplossing biedt; sa kin hy of sy de partijen oarderje om mei-inoar om 'e tafel te gean en te besykjen om it skeel ut te praten. Dat hjit in foarriedige foarsjenning . De definitive utspraak fynt dan plak yn in boaiemproseduere . Utspraken dy't fuortkomme ut rjochtsaken hearre neitiid ta de saneamde jurispredinsje , in rjochtsboarne mei in wichtige funksje oangeande de ynterpretaasje fan wetlike termen dy't op ferskate wize utlein wurde kinne. Rjochters yn lettere rjochtsaken sille har datoangeande yn 'e jurispredinsje ferdjipje om te sjen wat harren amtsgenoaten yn eardere saken oer inselde underwerp besletten hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .