Doeke fan Martena (1530-1605)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Doeke fan Martena (1530) )
Doeke fan Martena troch Albert Martin (1873)

Doeke fan Martena of Duco Martena (?, 1530 - Ljouwert , 11 novimber 1605 ) wie deputearre en lid fan de Steaten-Generaal foar Fryslan , earste admiraal Fryslan en fan de wettergeuzen op de Sudersee en kommandant fan Hasselt .

Hy is de leste manlike ofstammeling fan in ald geslacht fan Koarnjum , dat op Martenastate wenne. Nei it langoed fan de state rinne ymposante leanen. Begjin 20e iuw wie it in ruine, letter is it restaurearre. Trochdat hy wat leard hie wie Doeke by steat om de bibel sels te lezen en krityk te hawwen op it roomske leauwe.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doeke fan Martena hie in swier libben. Syn heit, Tjebe fan Martena, stjert yn syn bertejier 1530 op Martenastate. Syn mem, Bauck fan Heringa, trout dernei mei Syds fan Botnia. Op syn santjinde jier ferstjert ek syn mem. Doeke Martena trout mei Swob fan Botnia, in suske fan syn styfheit. Harren earste soan stjert jong. Ek syn frou komt jong te ferstjerren. Yn 1554, hy is dan 23 of 24 jier, is er lid fan de Fryske Steaten.

Doeke is 38 jier at de Tachtichjierrige oarloch begjint. Hy is dan wertroud mei Tryn Unema. Syn soan Jan, ek in frijheidsstrider in ieren en sinen, stjert yn 1584.

Doeke syn komof en houlik leverje him in flugge karriere op. De famylje Martena hat in soad huzen yn de Fryske steden. Ien derfan is de Martena Stins yn Frjentsjer , it lettere gemeentehus fan Frjentsjerteradiel . It gebou wurdt nei alle gedachten in museum.

Doeke wurdt lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslan. Yn 1564 wurdt er lid fan Deputearre Steaten. Hy ferset him ful tsjin de strange maatregels fan lanfad Alva en steedhalder Caspar de Robles . Op Martena State haldt er geheime gearkomsten. At Alva yn oantocht is moat Martena ek flechtsje.

Doeke fan Martena wurdt in wichtige skeakel tusken Willem fan Oranje en de Fryske ballingen yn Emden . Under de ballingen sit ek Karel Roarda , dy't in selsstannich Fryslan wol. Roarda stiet streekrjocht foar Willem Loadewyk fan Nassau oer, dy't Fryslan mear as in Nederlanske provinsje sjocht.

Wettergeuzen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De slach op de Sudersee

De wettergeuzen krije nei fjouwer jierren striid op see, feste foet oan wal yn Den Briel yn 1572. Doeke fan Martena makket daliks plannen om Fryslan yn te nimmen. Grutste obstakel is it sterke blokhus fan Ljouwert.

Yn 1573 is de Slach op de Sudersee dy't mei troch Doeke Martens in sukses foar de wettergeuzen wurdt. De wettergeuzen hawwe no de see lans de kust fan de Lege Lannen foarfest yn hannen. Willem fan Oranje beneamt Doeke yn 1573 ta de earste admiraal fan Fryslan. Mar Fryslan is noch net befrijd. De Robles hat syn fleat yn de haven fan Harns lizzen. Yn de slach om de Sudersee, tusken de wettergeuzen under lieding fan Cornelis Dirks fan Monnickendam en de Spanjerts, under de greve fan Bossu, haldt Doeke fan Martena de fleat fan De Robles yn betwang op de rede fan it Fly. De seeslach duorret seis dagen en nachten.

Neidat de wettergeuzen Seelan en Hollan befrije wurdt it stil yn Fryslan. Pas yn 1576 bart der wat. It min betelle leger fan Spaansk befelhawwer De Robles wegert tsjinst te dwaan. Spanje is bankerot en oproer meitsjende soldaten nimme De Robles finzen.

Ferset [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It ferset bloeit runom op, ek yn Fryslan. It Hof fan Fryslan funksjonearret net mear en de biskop wurdt ofsetten. De freze blokhuzen ferdwine. De Friezen keapje it rjocht om tenei allinnich noch Friezen ta te stean oan it Hof fan Fryslan. Ljouwert soarget mei tsien lytsere steden foar jild en de haadsted krijt in grutte troef yn hannen.

De pakesizzer fan Doeke, Catharina Entens ferstoarn yn 1660, bringt Martena State ten houlik oan Sjuck fan Burmania , grytman fan Wymbritseradiel († 20 juny 1650 ). Harren tredde soan Laes fan Burmania wennet dernei yn de state.

Flechtlingen krige kaaiposysjes yn it nije Fryske bestjoer dat radikaal wurdt. It bestjoer wol yn it earstoan frijheid fan godstsjinst, sa't Willem fan Oranje foarstiet. Op 13 augustus 1578 wurdt de earste protestantske preek halden yn Ljouwert. Dochs wurdt de roomsk-katolike religy sa'n oardel jier ( 3 maart 1580 ) letter ferbean. Kleasters gean ticht, krije in oare bestimming of wurde sels ofbrutsen. De roomske tsjerke dy't ea sa machtich wie falt wei.

It slagget de Spanjerts yn 1580 om Doeke Martena finzen te nimmen. Willem fan Oranje biedt losjild oan mar de fijan wegeret it jild. Pas neidat de wettergeuzen in oantal gizelders yn hannen krije, geane se akkoart mei in finzeneruil. Nei hast in jier finzenskip komt Doeke Martena frij, yn ruil foar trije Spaansk gesinde 'lanslju'.

Earmoede [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doeke fan Martena offeret hast syn hiele fermogen op oan de frijheidsstriid. De Fryske Steaten hawwe in diel fan syn traktemint nea betelle. De eardere admiraal wurdt sa earm as in stien.

Yn 1603 ferstjert syn frou Tryn en twa jier letter, op 11 novimber, stjert er sels yn de aldens fan 75 jier. Doeke is yn de Galileertsjerke yn Ljouwert begroeven; dy tsjerke bestie noch yn 1902. Twa fan syn seis bern libje op dat stuit noch. Swob en Bauck, twa dochters, sette it geslacht fan Martena fuort.

Famyljewapen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It famyljewapen fan Martena is opdield: 1. Yn goud in heale earn fan swart, kommende ut de dielline; 2. Trochsnien: a Yn blau in leelje fan goud, b. Yn read in beblede ikel fan goud, de stale nei underen ta.

Skilderijen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Albert Martin makket yn 1873 in portret fan de frijheidsstrider Doeke fan Martena. In wat skansearre skilderij hinget yn it Frysk Museum yn Ljouwert

Ferskaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Yn it sintrum fan Ljouwert sit op de Nijsted noch altyd de Duco Martenapiip. De Duco Martenapiip ferbynt it wetter lans de bolwurken mei de greft yn de Nijsted.
  • De 'Doeke van Martena' is in orizjineel IFKS wedstriid skutsje . [1]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red. , Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Martena, Doeke .
  • Oer Martena en de wettergeuzen