De Soldaat Dy't Weromkaam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Soldaat Die Terugkwam )
De Soldaat Dy't Weromkaam
algemiene gegevens
oarspr. titel De Soldaat Die Terugkwam
auteur Theun de Vries
taal Nederlansk
foarm roman
sjenre histoaryske roman
1e publikaasje 1980 , Amsterdam
oarspr. utjwr. Querido
kodearring
ISBN 9 02 14 86 555
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Soldaat Dy't Weromkaam
publikaasje 2003 , Dokkum
utjouwer KFFB
oersetter Dick Eisma
ISBN  oers. 9 07 49 18 45X

De Soldaat Dy't Weromkaam , yn it oarspronklike Nederlansk : De Soldaat Die Terugkwam , is in roman fan 'e yn Feanwalden berne Nederlanske skriuwer Theun de Vries ( 1907 - 2005 ). It is in histoaryske roman , dy't it ferhaal fertelt fan in Fransk soldaat ut 'e sechstjinde iuw dy't nei jierren fan ofwezigens sterk feroare nei wiif en bern weromkeard. De Soldaat Dy't Weromkaam waard foar it earst utjun yn 1980 . De Fryske oersetting fan Dick Eisma ferskynde yn 2003 .

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in oantekening fan syn han, efteryn it boek, hat De Vries De Soldaat Dy't Weromkaam basearre op wiere foarfallen. Francois de Pitaval ( 1673 - 1743 wie in Fransk jurist te Lyon , dy't by syn libben in samling ferslaggen fan nuveraardige kriminele prosessen utjoech. De Dutske dichter en toanielskriuwer Friedrich von Schiller ( 1759 - 1805 , dy't in grut leafhawwer wie fan detektiveferhalen , bewurkmastere de earste Dutske oersetting fan Pitaval syn wurk (yn dielen, 1782 - 1794 ). Ut dy oersetting publisearre it Insel Verlag te Leipzig yn 1910 in blomlezing troch Paul Ernst "yn trije alderaardichste dieltsjes" , neffens De Vries. Deryn (dl. 2, s. 331-359) fun De Vries it ferhaal oer Martin Guerre, dat er as utgongspunt naam foar dizze roman. Hy skreau De Soldaat Die Terugkwam yn 1978 en 1979 . It waard foar it earst utjun yn 1980 , as underdiel fan De Blinde Venus: Twee Romances , tegearre mei De Merrie . Yn 1987 waard it werutjun as selsstannige roman.

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Soldaat Dy't Weromkaam spilet yn it sechstjinde-iuwske Frankryk, dat doedestiden ferskuord waard troch folksopstannen en godstsjinstoarloggen. Yn in lyts doarpke oan 'e rivier de Garonne , yn 'e Languedoc , moat Martin Guerre, fanwegen jildsoargen fan syn aldelju, al trouwe as er noch mar alve jier is, mei de like alde Bertrande de Rols. Martin is in groubloedigen hont, dy't earst neat fan syn frou witte wol. Nei mear as san jier krije se dochs in bern, in jonge, dy't Alexandre (ropnamme Sanxi) komt te hjitten. Mar dan naait Martin ut en lit wiif en bern lykme-allinne en yn earmoed efter. Nei jierren komt der in feteraan troch it doarp, dy't uthaldt dat er mei Martin yn it Franske leger tsjinne hat, en dat Martin by ien fan 'e oarloggen yn Itaalje in skonk ferlern hat.

Theun de Vries.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels leze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Mar nei tsien jier komt Martin Guerre werom, en docht bliken dat er beide skonken noch hat. Hy jout him wer by Bertrande en syn soan en liket wol in oar man wurden te wezen: hy is soarchsum en leafdefol foar syn frou, wurdt in echte heit foar Sanxi en is helpfeardich en flot op 'e trie mei syn goekunde en famylje. Guon twifelje lykwols oan syn identiteit, derby oanfitere troch syn omke Pierre Guerre, mei wa't er in skeel oer syn heite beerf kriget. Nei in ut 'e han rune ruzje yn 'e pleatslike herberge fynt der in gerjochtlik undersyk nei him plak, mar de rjochtbank befestiget dat er Martin Guerre is. Yn it doarp broeit under syn fijannen de wrok lykwols troch. Dan ferskynt der ynienen in unfersoarge keardel mei in houten poat op it toaniel, in alderaaklikst stik ungelok, dy't safolle op him liket dat er syn twillingbroer weze kind hie. Dermei begjint it hiele sirkus wer fannijs. Diskear stelt it gerjochtshof yn Toulouse lykwols Martin mei de houten poat yn it gelyk, en uteinlik jout de Martin mei de twa skonken ta dat er eins fan Antoine Tilh hjit. Hy hie de echte Martin yn it leger kennen leard en dy syn identiteit oannommen om't er sels socht waard foar moard. It hie nea syn bedoeling west om 'e poppekast sa lang fol te halden, mar hy wie fereale wurden op Bertrande. It boek einiget frij abrupt mei Antoine Tilh syn terjochtstelling.

Fryske oersetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Fryske oersetting fan De Soldaat Die Terugkwam ferskynde yn 2003 under de titel De Soldaat Dy't Weromkaam by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nu. 425) te Dokkum . De Fryske fertaling wie fan 'e han fan Dick Eisma , en it printwurk waard dien troch Schaafsma & Brouwer, yn Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: