한국   대만   중국   일본 
Omrop Fryslân > TV Boppeslach Kafee
The Wayback Machine - https://web.archive.org/web/20081211203525/http://www1.omropfryslan.nl:80/TV_Boppeslach_Kafee.aspx
No op 'e radio: De Jûn fan Fryslân  
No op 'e televyzje: Hea!  
Boppeslach_kafee_grut

Tongersdei 11 desimber om 00:00

Preatprogramma oer de Fryske sportwrâld. Te gast binne dizze kear:

* Danny Guijt fan Cambuur

* André Kuipers, kuorballer fan DOS'46

Mear ynformaasje

Boppeslach Kafee
Boppeslach Kafee

Boppeslach Kafee

Fan tongersdei 6 novimber ôf komt Omrop Fryslân Televyzje alle wiken mei Boppeslach Kafee. Om bar presintearje Simone Scheffer en Arjen de Boer it nije programma dat jûns fan 18.30 oant 19.00 oere op TV te sjen wêze sil. It wurdt in opiniearjend praat- en benammen diskusjeprogramma oer sport yn it algemien en fuotbal yn it bysûnder. De klam sil benammen op it kommende sportwykein lizze.
Der is ek publyk by. Dat sille leden fan sportferienings wêze. Der kinne foar de Omrop ferskate oanliedings wêze om in sportferiening út te noegjen. Bygelyks it safolle-jierrich bestean fan sa’n klup, in jubilaris ûnder de frijwilligers, in fúzje mei in oare feriening, in bysûnder sporttoernoai, de earste wedstriid op it nije keunstgersfjild of de iepening fan de fernijde kantine. Neam mar op. Wol jo sportferiening ek ris te gast wêze? Fan no ôf kinne sportferienings har oanmelde by Omrop Fryslân fia it mailadres boppeslachkafee@omropfryslan.nl . Ferjit net de oanlieding der by te setten!

Boppeslach Kafee, tongersdeis 18.30-19.00 oere. Nochris te sjen de hiele jûn en nacht ienris yn de oere.

Boppeslach Kafee

Fan tongersdei 6 novimber ôf komt Omrop Fryslân Televyzje alle wiken mei Boppeslach Kafee. Om bar presintearje Simone Scheffer en Arjen de Boer it nije programma dat jûns fan 18.30 oant 19.00 oere op televyzje te sjen wêze sil.

Boppeslach Kafee in opiniearjend praat- en benammen diskusjeprogramma oer sport yn it algemien en fuotbal yn it bysûnder.

 
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
24 25 26 27 28 29 30
1 2 3 4 5 6 7
8 9 10 11 12 13 14
15 16 17 18 19 20 21
22 23 24 25 26 27 28
29 30 31 1 2 3 4
< foarige | folgjende >

Advertinsjes

BedderieDeBoer
 
© 2008 Omrop Fryslân
banner-tekeap
satellyt
Fryske Top 100
sjopCohen
Thús