한국   대만   중국   일본 
Omrop Fryslân > TV Bit
The Wayback Machine - https://web.archive.org/web/20081203150703/http://www1.omropfryslan.nl:80/TV_Bit.aspx
No op 'e radio: Omrop Fryslân Aktueel  
No op 'e televyzje: Deitelevyzje  
bit

Freed 5 desimber om 18:30

De buorkerij fan de famylje Wierda stiet yn ljochte lôge, mar de bibel fan Hidde baarnt net. Hidde, dy’t net leaut, wurdt muoilik en besiket dochs foar stipe te bidden yn tsjerke.

Renske lit de moedfearren ek hingje, mar se besiket troch it drafsintrum fan Beau Jan Baars in manier te finen om de hynders ûnder te bringen. Joop Prins kriget lêst fan geastferskinings, mar stoppet it fuort.

 
 
 

Bit 4

De buorkerij fan de famylje Wierda stiet yn ljochte loge, mar de bibel fan Hidde baarnt net. Hidde, dy't net leaut, wurdt muoilik en besiket dochs foar stipe te bidden yn de tsjerke. Renske lit de moed ek sakje, mar se besiket troch it drafsintrum fan Beau Jan Baars in manier te finen om de hynders under te bringen. Joop Prins kriget lest fan geastferskinings, mar stoppet it fuort. Menno Prins docht op 'e nij in bod op Renske har hynder Sil. Hidde is oerhelle en tekenet de papieren. Sil en Jackie Black dogge mei oan de belangrike Dragen Stakes. Beide hynders meitsje kans om te winnen, of dochs net?

Bit, freed 5 desimber ’08, 18.30 oere, Omrop Fryslan Televyzje. Nochris te sjen de hiele jun en nacht alle oeren.


Mear ynformaasje

Bit
It ferhaal
Ofleverings
Cast
Filmkes
Media
Sponsoren
Priisfraach
Ynterviews

Bit

Omrop Fryslân presintearret yn gearwurking mei StevenDejong Producties de nije dramasearje Bit.

Priisfraach

Kommende freed is de fjirde ôflevering fan Bit. De pleats fan de Wierda's stiet yn ljochte lôge, Renske moat de hynders earne ûnderbringe. Ried wêr't sy de hynders ûnderbringt en win de DVD fan Bit. Foar alle ynstjoerders leit der in Bit-poster klear mei de hantekening fan Wieke. Stjoer dyn antwurd nei mk@omropfryslan.nl of Omrop Fryslân, ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, Postbus 7600, 8903 JP Ljouwert. Ferjit net dyn gegevens te fermelden! Ynstjoere kin oant 8 desimber.

Renske ropt om Sil
Renske ropt om Sil

Tredde útstjoering

Freed 29 novimber wie de tredde ôflevering fan Bit. Fansels kinst de útstjoering nochris werom sjen by útstjoering mist. Benijd hoe it fierder giet? Sjoch kommende freed wer nei Bit, 18:30, op Omrop Fryslân Televyzje.

Joop Prins
Joop Prins

Bonusmateriaal

Foar de Fryske dramasearje Bit is mear materiaal makke as op tv te sjen is. De kommende wiken sil dit bonusmateriaal op de site pleatst wurde.

  Bonusmateriaal ôflevering 1
De cast op it poadium
De cast op it poadium

Premjêre Bit

Op tongersdei 6 novimber 2008 gie Bit yn premjêre op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Mei hynder en wein kaam de cast oan by stêdsskouboarch De Harmonie. Yn 'e hal fan De Harmonie songen Syb van der Ploeg en Wieke Wiersma live de titelsong fan Bit. Yn de Friesland Bank-seal waard de earste ôflevering fertoand. De haadrolspilers krigen noch in bosk blommen en dêrnei wie it tiid foar in hapke en drankje.

  Besjoch de foto's
Syb van der Ploeg en Wieke Wiersma
Syb van der Ploeg en Wieke Wiersma

Titelsong Bit

Begjin septimber 2008 is de titelsong fan Bit opnommen. It nûmer hjit, hoe tapaslik, ‘Bit’ en is in cover fan de hit van Ramses Shaffy uit 1971: 'zing, vecht, huil, bid, lach, werk en bewonder'. De titelsong is ynsongen troch Syb van der Ploeg en Wieke Wiersma, de haadrolspylster fan Bit.

Bit

Omrop Fryslân presintearret yn gearwurking mei StevenDejong Producties de nije dramasearje Bit.

Nei de earste eigen Fryske dramasearje Baas Boppe Baas yn 2001 en de advokatesearje 'Dankert en Dankert' wurdt 'Bit' de tredde dramasearje fan Omrop Fryslân.

 
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
24 25 26 27 28 29 30
1 2 3 4 5 6 7
8 9 10 11 12 13 14
15 16 17 18 19 20 21
22 23 24 25 26 27 28
29 30 31 1 2 3 4
< foarige | folgjende >

Advertinsjes

BedderieDeBoer
 
© 2008 Omrop Fryslân
banner-tekeap
boekwinkelafuk
satellyt
Fryske Top 100
sjopCohen
Thús