한국   대만   중국   일본 
Omrop Fryslân > TV Alvestêdetocht
The Wayback Machine - https://web.archive.org/web/20081211203520/http://www1.omropfryslan.nl:80/TV_Alvest%C3%AAdetocht.aspx
No op 'e radio: De Jûn fan Fryslân  
No op 'e televyzje: Hea!  
Alvestêdetocht

Tiisdei 16 desimber om 18:30

Yn dizze sânde ôflevering oer de Alvestêdetocht fan 1956.
Mei syn fifen gienen se doe oer de streek, mar krigen gjin priis.
Jeen van der Berg kryg materiaalpech.
En wat is der dochs mei Snits?

De  earste fiif oer de streek
De earste fiif oer de streek 
Jeen van den Berg
Jeen van den Berg  
Jeen Nauta oer jurybeslút
Jeen Nauta oer jurybeslút  

De Alvestêdetocht fan 1956

De sande utstjoering yn de rige oer De Alvestedetocht giet oer it jier 1956.
It wie yn de tiid dat de winters elkoar opfolgen. Ommers, 1954 hie der ek al in Alvestedetocht west. Dy waard wun troch Jeen van den Berg, mar de oare fjouwer funen dat it tefolle op him ofstrielde en temin op de groep.
Derom dat yn ‘56 fiif man Jeen van den Berg efterlieten om redens te wikseljen yn Froubuorren en seine “we gean mei syn fiven oer de streek, wy wolle allegear yn it ljocht stean”.
Se krigen gjin priis, mar krigen wol gelyk: se stiene mei har fiven foaroan: Jeen Nauta, Anton Verhoeven, Jan van der Hoorn, Maus Wijnhout en Aad de Koning.
De redens fan Jeen fan doe bin ek oanlieding om ris te sjen nei it materiaal.
En fierder: Snits, altyd in plakje fan it kin, it kin net. Oant en mei 1997.
 

Mear ynformaasje

Alvestêdetocht
bonusmateriaal

Alvestêdetocht

De feriening De Friesche Elf Steden bestiet op 15 jannewaris takom jier 100 jier. Hûndert jier myte en hilligens.

stimpelpost
stimpelpost

Alvestêdetocht bij Omrop Fryslân

Deroan foarôfgeand stjoert Omrop Fryslân fan tiisdei4 novimber ôf op alle tiisdeitejûnen alve dokumintêres út oer de Alvestêdetocht. Dêryn sille wy besykje it ferhaal fan de Alvestêdetocht nochris te fertellen. En dan út de Fryske ynfalshoeke wei. Mei ferhalen dy´t miskien wolris thús ferteld binne, mar fierder net. Mei minsken dy’t it noch goed by stiet hoe't se de tocht rieden, mei wa, wat se ûnderweis allegeare belibben en hoe bang se soms wiene yn it tsjuster tusken de kistwurken op 'e marren. De Alvestêdetocht. Noch ien kear ferteld!

Abe de Vries en Sipke Castelein
Abe de Vries en Sipke Castelein

Alvestêdetocht

Der binne al wedstriidbylden fan 'e tredde tocht ôf. Dat wie yn 1917. Ynterviews mei de winners binne der al fan 1933 ôf. Omrop Fryslân hat dêr no hiel wat oan taheakke: Petearen mei minsken dy't eartiids, no en yn 'e takomst mei de Alvestêdetocht dwaande wiene, binne en wêze sille. Prachtige ferhalen út it ferline, ferwachtings foar de takomst, fan alle belutsenen. Riders en riidsters, fan Jeen vd Berg en Sipke Beetstra oant Klasiena Seinstra en Henk Angenent. Se sitte der allegear yn. Yn harren eigen Alvestêdetocht.

Alvestêdetocht

De vereniging "de Friesche Elfsteden" bestiet op 15 jannewaris takom jier 100 jier. Hûndert jier myte en hilligens. Deroan foarôfgeand stjoert Omrop Fryslân fan 4 novimber ôf alle op tiisdei alve dokumintêres oer de Alvestêdetocht út.

We prate mei minsken fan doe en no. Jeen vd Berg en Sipke Beetstra oant Klasiena Seinstra en Henk Angenent. Se sitte der allegear yn, yn harren Alvestêdetocht.

 
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
24 25 26 27 28 29 30
1 2 3 4 5 6 7
8 9 10 11 12 13 14
15 16 17 18 19 20 21
22 23 24 25 26 27 28
29 30 31 1 2 3 4
< foarige | folgjende >

Advertinsjes

BedderieDeBoer
 
© 2008 Omrop Fryslân
banner-tekeap
satellyt
Fryske Top 100
sjopCohen
Thús