한국   대만   중국   일본 
Omrop Fryslân > Radio Radio Froskepôle
The Wayback Machine - https://web.archive.org/web/20090123080843/http://www1.omropfryslan.nl:80/Radio_Radio_Froskep%C3%B4le.aspx
No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
froskepole_grut

Sneon 24 jannewaris om 13:00

Yn Radio Froskepôle wurdt rom omtinken jûn oan muzyk út Fryslân en oare regio's. De muzyk is net perfoarst Frysk- of streekfrysktalich, mar komt wol foar it grutste part út Fryslân.

Dizze wike muzyk fan ûnder oare Eddy Dijkstra, Sânman & Sikke, Bauke en Greetje en Chris Kalsbeek.

Muzyklist

Piter Wilkens - Liwwader Blues
 
Eddy Dykstra - Drivin'Home
 
Melle Leegstra - Omke Wytse
 
Jan Kuipers Alma - Heilwinsk:Leafde
 
Veeman, Douwstra, Louwes en Wilkens - Gans Anders
 
Sanman & Sikke - Jongfolk
 
Hail Gewoan - Ik heb tied
 
Bauke van der Woude - Basje
 
Bauke en Greetje - In prachtige dei
 
Nynke Laverman - Hallelujah
 
BeunstrA - Swart Jild
 
Chris Kalsbeek - Ride On
 
Van Wieren - Nim dyn tiid

SKRIUW IN LEAFDESGEDICHT!

Dit is in oprop oan alle dichters, rimers, skriuwers, romantisy en oare deskundigen yn de leafde. Op sneon 14 febrewaris, Falentynsdei, is der in spesjale útstjoering fan Radio Froskepôle. In oere lang ha we it oer de leafde mei moaie leafdeslieten en leafdesgedichten. En dêr ha we jo help bij nedich. Skriuw in moai leafdesgedicht en stjoer it ús op. Dûk yn je herinnerings, brûk je fantasij, lit je hert sprekke en set it op papier.

Stjoer je gedicht nei gedicht@omropfryslan.nl of fia de post Omrop Fryslân/ gedicht, Postbus 7600, 8903 JP, Ljouwert. Op 14 febrewaris sil it gelegenheidsduo Gurbe Douwstra en Annelies van der Goot in seleksje fan de gedichten foardrage yn de Radio Froskepôle Falentynsspecial.

Radio Froskepôle

Yn Radio Froskepôle wurdt rom omtinken jûn oan muzyk út Fryslân en oare regio's. De muzyk is net perfoarst Frysk- of streekfrysktalich, mar komt wol foar it grutste part út Fryslân. Dêrnjonken is der ek omtinken foar muzyk yn 'e streektaal út oare regio's yn binnen- en bûtenlân. Njonken nije Fryske cd's binne yn Radio Froskepôle ek opnames út it argyf te hearren en is der in aginda mei nijsgjirrige konserten.

 
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
29 30 31 1 2 3 4
5 6 7 8 9 10 11
12 13 14 15 16 17 18
19 20 21 22 23 24 25
26 27 28 29 30 31 1
2 3 4 5 6 7 8
< foarige | folgjende >

Reaksje

Stjoer in reaksje nei de redaksje fan dit programma.
Jo e-mail
Reaksje

© 2009 Omrop Fryslân
Alvestêdetocht DVD
sjopCohen
bannerNijsbrief
Thús