한국   대만   중국   일본 
Omrop Fryslân > Radio Buro de Vries fan Snein 7 desimber 2008
The Wayback Machine - https://web.archive.org/web/20081207114213/http://www1.omropfryslan.nl:80/Radio_Buro_de_Vries_07-12-2008.aspx
No op 'e radio: Buro de Vries  
No op 'e televyzje: Dizze wike  
buro_de_vries_grut

Snein 7 desimber om 11:00

In tropyske ferrassing yn desimber

Keunstner Fons Hoiting út Kollum

It mystearje fan 'e syklus

Sjouke Lousma ûnderweis

De gestichtstekeningen fan Klaas Koopmans

En we helje in slokje yn Leppehiem

Christiaan de Vries
Christiaan de Vries 

In tropyske ferrassing yn desimber

De orchidee  is trendy. En dat kinne se by de Orchideeenhoeve yn Luttelgeest goed fernimme. Smoardrok hawwe se it der. Tuzenen orchideeen wurde der op it stuit yn kryststikjes ferwurke. 


Buro de Vries liet him runliede troch Fries-om-utens Christiaan de Vries.

Fons Hoiting
Fons Hoiting 

Keunstner Fons Hoiting fan Kollum

Fons Hoiting is in keunstner ut Kollum. Hy is in natoerfreak en in ornitofyl .Derom komme der faak fugels foar yn syn skilderijen. Lanskippen, der't de skilder sjen lit wat'tst yn it echt net sjen kinst.

Der komt in boek ut mei nij wurk fan Fons Hoiting. Sneintemiddei 7 desimber wurdt it presintearre yn E.M. galery yn Drachten, tagelyk mei de iepening fan in tentoanstelling.

Op in winerige hjerstdei gong Buro de Vries op atelierbesite yn Kollum.

It mystearje fan de syklus
It mystearje fan de syklus 

It mystearje fan 'e syklus

De "onbevlekte ontvangenis" fan de maagd Maria (op 8 desimber) brocht Buro de Vries op it mystearje fan 'e moannesyklus. It skynt dat froulju dy't in skoft byinoar wenje (nonnen yn in kleaster, in frouljushushalding, famkes yn in studintehus) sa meiinoar ferbun reitsje, dat sels de menstruele syklus op in stuit lykop rint. Hoe kin dat? En is it wol wier, trouwens?
Wy freegje it oan gyneakolooch Doaitse Wilbers.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er underweis hat, stjoert Buro de Vries sneins krekt foar tolven ut.

 

De gestichtstekeningen fan Klaas Koopmans

"De kracht van kwetsbaarheid" is de nije tentoanstelling yn it Museum Martena yn Frjentsjer. Sintraal stean de gestichtstekeningen fan skilder Klaas Koopmans.
Koopmans ferstoar yn 2006 en liet in grutte kolleksje gestichtstekeningen nei.  Sketsen fan pasjinten, ferpleechsters en dokters.
 
Koopmans wie manysk-depressyf. Bytiden hie er der safolle lest fan dat er opnommen wurde moast. Faak in pear moanne, soms ek folle langer. De tekeningen bin al faker utstald, mar de brieven dy't er oan syn frou skreau wiene net bekend.
 
De tentoanstelling wurdt kommende sneon, 13 desimber, iepene yn Museum Martena en duorret oant en mei 2 maart.

Oan in slokje yn Leppehiem


Yn Leppehiem binne we dizze wike te gast by de famylje Gielink. Oan 'e namme kin je al hearre dat it gjin Friezen binne. De famylje Gielink komt ut Salland, ut de omkriten fan Deventer wei.

Reaksjes

Reaksjes op in ûnderwerp of útstjoering? Graach!
Mail se nei BuroDeVries@omropfryslan.nl .

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út!
Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten, ferrassende gesprekken: Buro de Vries giet de djipte yn. Mei rom omtinken foar natuer, kultuer en skiednis, en mei Sjouke Lousma ûnderweis, besoarget Buro de Vries jo in noflike sneintemoarn.

Harkje nei Buro de Vries, alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.

 
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
24 25 26 27 28 29 30
1 2 3 4 5 6 7
8 9 10 11 12 13 14
15 16 17 18 19 20 21
22 23 24 25 26 27 28
29 30 31 1 2 3 4
< foarige | folgjende >

Reaksje

Stjoer in reaksje nei de redaksje fan dit programma.
Jo e-mail
Reaksje

Advertinsjes

BedderieDeBoer
 
© 2008 Omrop Fryslân
banner-tekeap
satellyt
Fryske Top 100
sjopCohen
Thús