한국   대만   중국   일본 
Omrop Fryslân > Omrop > Advertearje
The Wayback Machine - https://web.archive.org/web/20090123080511/http://www1.omropfryslan.nl:80/Omrop_Advertearje.aspx
No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Advertearje

Advertearje

As ûndernimmer wolle jo sjen litte wa't jo binne en wêr't jo foar steane. Jo wolle jo nammebekendheid fergrutsje, nije merken oanboarje of in aksje oankundigje. Dêrby wolle jo jo reklamebudzjet fansels sa effektyf mooglik besteegje. Omrop Fryslân Reklame biedt jo dan in tal gaadlike mooglikheden dy't jo net allinnich in heech berik garandearje, mar ek by steat stelle de Friezen emosjoneel te reitsjen en te oertsjûgjen fan jó boadskip.

Sterk ferbûn

Sa as jo grutsk binne op jo ûndernimming, produkt of tsjinst, sa fiele de Friezen harren sterk ferbûn mei harren provinsje. It grutte oantal harkers en sjoggers fan de radio- en tillevyzjesprogramma’s fan Omrop Fryslân bewiist dat alle dagen opnij. Foar advertearders is dat in ynteressant tema. Want nearne kinst sa gau berik opbouwe as mei Omrop Fryslân Radio en Televyzje. En dat ek noch ris tsjin gaadlike tariven. Mei inkeld 100 radio- of tv-spots, evenredich ynset oer de ferskate reklameblokken, keapje jo by ús al gau miljoenen kontakten. Ferlykje dat mar ris mei it advertinsjeberik by kranten of tydskriften. Koartsein, yn hoefolle berik binne jo ree te ynvestearjen?

Yn ‘t foar jo doelstellingen helder meitsje

Sa as jo wol fernimme, binne jo by Omrop Fryslân wis fan massaberik. Mar dat betsjut noch net dat jo jo reklamebudzjet werklik effektyf besteegje. Om in radio- of tv-kampanje ta in sukses te meitsjen is it fan belang om yn ‘t foar heldere doelstellingen te formulearjen. Dêrby giet it om antwurden op fragen as: Hokker effekt wol ik mei myn kampanje berikke? Hokker boadskip moat kommunisearre wurde? En hokker mediumtype hat foar myn reklameboadskip it grutste effekt? Wy lizze de wichtichste ferskillen tusken it advertearjen op radio en televyzje yn it koart oan jo út.

Ynteresse?

Wolle jo ek profitearje fan de doelfêste kommunikaasjemooglikheden by Omrop Fryslân Reklame? Freegje dan om in op maat makke foarstel. Jo kinne mei ús kontakt opnimme fia reklame@omropfryslan.nl. Boppedat ha wy spesjaal foar nije advertearders in hânsum yntroduksjepakket gearstald. Dêrmei wurde jo fluch en ienfâldich weiwiis makke yn de wrâld fan de regionale radio- en televyzjereklame.

Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  
© 2009 Omrop Fryslân
Alvestêdetocht DVD
bannerNijsbrief
sjopCohen
Thús