Zakia Meghji

Ut Wikipedy
Zakia Meghji
politikus
echte namme Zakia Hamdani Meghji
nasjonaliteit Tanzaniaansk
bertedatum 31 desimber 1946
berteplak Sansibar ( Sansibar )
etnisiteit Swahily
partij Chama cha Mapinduzi (CCM)
lid fan it Tanzaniaanske Parlemint
amtsperioade 2005 ? no
Tanzaniaansk minister fan Finansjes
amtsperioade 2006 ? 2008
foargonger Basil Mramba
opfolger Mustafa Mkulo
Tanzaniaansk minister fan Natuerlike Helpboarnen en Toerisme
amtsperioade 1997 ? 2005
foargonger Juma Ngasongwa
opfolger Anthony Diallo
Tanzaniaansk minister fan Sunens
amtsperioade 1994 ? 1997
Tanzaniaansk underminister fan Sunens
amtsperioade 1992 ? 1994

Zakia Meghji (folut: Zakia Hamdani Meghji ; Sansibar , 31 desimber 1946 ) is in Tanzaniaansk politika fan etnysk Swahily -komof ut 'e autonome republyk Sansibar . Hja hat u.m. tsjinne as minister fan Toerisme en wie letter de earste froulike minister fan Finansjes fan Tanzania .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Meghji waard yn 1946 berne yn 'e sted Sansibar , dat doe noch de haadsted wie fan it Sultanaat Sansibar , in protektoraat under Britsk bestjoer. Hja sette ein sechstiger jierren mei har karriere utein, nei't sultanaat yn 1963 unofhinklik wurden wie, de sultan yn 1964 ofset wie en it lytse steatsje koart dernei gearfoege wie mei Tanganjika ta de Feriene Republyk Tanzania .

Meghji is in lid fan 'e Chama cha Mapinduzi (CCM), de politike partij dy't yn Tanzania al sunt de 1960 -er jierren oan 'e macht is. Hja krige lanlike bekendheid doe't se fan 1992 oant 1994 as underminister fan Sunens tsjinne yn it regear fan presidint Ali Hassan Mwinyi . Neitiid wie se fan 1994 oant 1997 minister fan Sunens, earst under Mwinyi, en fan 1995 of under presidint Benjamin Mkapa . Dyselde beneamde har yn 1997 ta minister fan Natuerlike Helpboarnen en Toerisme , in amt dat Meghji oant 2005 beklaaide. As minister fan Toerisme wie hja ferantwurdlik foar in grut tal ferbetterings op it med fan belied en utfiering.

Under it regear fan presidint Jakaya Kikwete wie Meghji fan 2006 oant 2008 de earste froulike minister fan Finansjes fan Tanzania. Dernjonken hat se fan 2005 of ek in sit yn it Tanzaniaanske parlemint , as in beneamd (en dus net keazen) folksfertsjintwurdiger . Sunt novimber 2012 is Meghji de siktaris foar Ekonomyske Saken en Finansjes fan har partij, de CCM.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .