한국   대만   중국   일본 
Young Guns II - Wikipedy Springe nei ynhald

Young Guns II

Ut Wikipedy
Young Guns II
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Geoff Murphy
produsint James G. Robinson
Paul Schiff
Irby Smith
senario John Fusco
kamerarezjy Dean Semler
muzyk Alan Silverstri ( soundtrack )
Jon Bon Jovi ( lieten )
filmstudio Morgan Creek Productions
distribusje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Emilio Estevez
William Petersen
Kiefer Sutherland
Lou Diamond Phillips
byrollen Christian Slater
Alan Ruck
Balthazar Getty
Jenny Wright
Viggo Mortensen
Scott Wilson
James Coburn
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 1 augustus 1990
foarm langspylfilm
sjenre biografyske westernfilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Spaansk )
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $59,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Young Guns
● foarich diel Young Guns

Young Guns II is in Amerikaanske biografyske westernfilm ut 1990 under rezjy fan Geoff Murphy , mei yn 'e haadrollen Emilio Estevez , William Petersen , Kiefer Sutherland en Lou Diamond Phillips . De film is it ferfolch op 'e suksesfolle western Young Guns , ut 1988 , dy't love waard om syn relatyf akkurate werfertelling fan it iere libben fan 'e bandyt Billy the Kid . Young Guns II fertelt hoe't Billy uteinlik oan syn ein kaam, mar hoewol't yn grutte halen de bekende foarfallen yn byld brocht wurde, is dizze film folle minder histoarysk ferantwurde, benammen as it giet om it oerlibjen fan Billy en syn identifisearring mei Brushy Bill Roberts , dy't neffens histoarisy in fantast wie. De film krige oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes fan 'e filmkritisy , mar wie likegoed in kommersjeel sukses yn 'e bioskopen .

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn in ramtferhaal wurdt der yn 1950 kontakt opnommen mei abbekaat Charles Phelan troch in man op hege jierren, dy't Brushy Bill Roberts hjit. Dyselde fertelt him dat er syn ein neieroan kommen fielt en dat er foar't er stjert de amnesty hawwe wol dy't him santich jier earder troch de guverneur fan Nij-Meksiko unthjitten is. As Phelan trochfreget, docht bliken dat Brushy Bill beweart de ferneamde bandyt Billy the Kid te wezen. De abbekaat mient dat er mei ien te krijen hat dy't net hielendal doocht, mei't eltsenien wit dat Billy the Kid yn 1881 deasketten is troch Pat Garrett . Dat seit er ek tsjin Brushy Bill, dy't derop hiel opsternaat wurdt. Tsjin betterwitten yn rekket Phelan yntrigearre troch de aldman, dat hy freget him oft er bewize kin dat er Billy the Kid is. Brushy Bill begjint te fertellen.

Inkele jierren nei de ein fan 'e Prerjeoarloch fan Lincoln County , weryn't Billy the Kid syn reputaasje festige (sjoch: Young Guns ) binne de oerlibbenen fan 'e Regulators, de binde dy't er yn dat konflikt oanfierde, allegear har eigen wegen gien. Billy hat om him hinne in nije binde foarme, besteande ut Pat Garrett en Arkansas Dave Rudabaugh . De nije guverneur fan it Territoarium Nij-Meksiko , Lew Wallace , hat arrestaasjebefellen utfurdige tsjin alle lju fan wa't bekend is dat se by de Prerjeoarloch fan Lincoln County belutsen wiene, under wa Billy sels en de oare eardere Regulators Doc Scurlock en Jose Chavez y Chavez . Dy leste beiden hawwe har libben bettere en in nij bestean opboud, en dertroch binne se foar plysjeminsken en preemjejagers maklik op te spoaren. Beide wurde se nei Lincoln (Nij-Meksiko) ta sleept en yn in gat yn 'e grun opsletten om mei koarten ophongen te wurden. Billy is syn efterfolgers lykwols hieltyd te fluch of, dat uteinlik wurdt er troch guverneur Wallace, dy't foar gek stiet om't Billy by wize fan sprekken runtsjes om him draaft, utnuge foar in persoanlik oerlis. By dy moeting leit de guverneur oan Billy ut dat Billy mar ien persoan is, wylst syn tsjinstanners ut 'e Prerjeoarloch fan Lincoln County fan 'e Murphy / Dolan -faksje mei in hiel soad binne. Dyselden hawwe no in binde foarme wermei't se har skuldich meitsjen oan feedieverij fan 'e keppels fan 'e grutte ranchers dy't Wallace syn efterban foarmje. Mei oare wurden: de Murphy/Dolan-faksje hat him ta in grutter probleem foar de guverneur makke as Billy sels. Hy wol derom dat Billy tsjin syn eardere fijannen tsjuget . Yn ruil derfoar sil er soargje dat Billy mar in lichte finzenisstraf kriget. Billy stimt yn mei dy oerienkomst, mar wol folsleine amnesty hawwe. Guverneur Wallace betinget dat Billy dan fuort neitiid Nij-Meksiko ferlitte moat en der nea weromkomme mei. Sa wurdt ofpraat.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Dat, Billy lit himsels arrestearje yn ofwachting fan it proses der't er tsjugje moat en de unthjitten amnesty. Sadree't guverneur Wallace lykwols Lincoln ferlitten hat, wurdt him troch de pleatslike ofsier fan justysje Ryerson fertelt dat dy wetlik sjoen neat te krijen hat mei de ofspraken dy't Billy mei de guverneur makke hat. Hy seit Billy oan dat er gewoan berjochte wurde sil om uteinlik ophongen te wurden lykas eltse oare moardner . No is it sa dat Billy seinge is mei grouwe polzen en lytse hannen , dat hy wit him mei wat muoite en pine fan syn hanboeiens te befrijen, wernei't it foar him in kald keunstke is om fia de skoarstien te untsnappen. Hy siket Rudabaugh en Garrett op en trijeresom ride se werom mei wite kappen oer it gesicht om har foar te dwaan as lju dy't Billy the Kid lynche wolle. De helpsheriffs ferwachtsje al in lynchkliber en binne mar al te ree om dy tewille te wezen. As de sabeare lynchers te hearren krije dat Billy untsnapt is, nimme se der sadwaande genoegen mei dat syn eardere trewanten Doc Scurlock en Jose Chavez y Chavez oan harren oerdroegen wurde, dy't se sa sunder in skot te lossen befrije kinne. Underweis ut Lincoln wei komme se lykwols de echte lynchkliber tsjin, wernei't se har dochs noch in wei ut it stedsje fjochtsje moatte, dat fierhinne ferrinnewearre efterbliuwt.

Neitiid hat Billy the Kid it oer de "Meksikaanske Klyster", in geheim paad dat nei Meksiko liede soe. Der kinne hy en de oaren alteast in skoft underduke of miskien wol foargoed bliuwe. Pat Garrett beslut om net mei te gean, om't er in saloon iepenje wol yn Fort Sumner . Rudabaugh is Billy syn iennichste rivaal foar it liederskip fan 'e binde, dat er allegeduerigen besiket oer te nimmen; Billy hat der wille yn om him hieltyd te gled of te wezen. Underweis pikke se twa nije leden fan 'e binde op: de fan syn lan ferdreaune boer Hendry William French en Tom O'Folliard , in opslupen jonge fan fjirtjin jier dy't Billy ferofgoadet as de "Prins fan 'e Pistoalskutters". Se stekke oan op 'e ranch fan John Chisum , in feebaron dy't yn 'e Prerjeoarloch fan Lincoln County in bunsgenoat fan Billy syn fermoarde freon John Tunstall wie. Billy ornearret dat Chisum him noch $ 500 skuldich is: $250 om't er yn 'e prerjeoarloch syn smoarge wurk opknapt hat, en $250 om't er yn 'e ofrune jierren de keppels fan Chisum untsjoen hat. As Chisum him hjit op te sokkebaljen, stelle Billy-en-dy in keppel kij fan him om oan jild te kommen der't se yn Meksiko fan oerlibje kinne.

Neitiid komme guverneur Wallace en Chisum by Pat Garrett mei it foarstel dat dyselde sheriff fan Lincoln County wurde sil mei as doel om Billy the Kid op te pakken en op te hingjen of gewoan dea te sjitten. Dat plantsje komt ut 'e koker fan Chisum, dy't ornearret dat inkeld ien dy't Billy goed ken, him pakke kin. Garrett sjocht earst net folle yn it foarstel, oant guverneur Wallace him $500 jout en him fertelt dat er nochris $500 krije sil as de put dien is. Foar safolle jild wol Garrett syn freonskip mei Billy wol oan 'e kant dwaan, dat sadree't er sheriff wurden is, set er of op 'e siik nei de ferneamde bandyt. Om't er wol foar it ferstan hat dat er sels nei Billy syn dea yn 'e media ofskildere wurde sil as in ferrieder en in slupmoardner , nimt er de mislearre sjoernalist Ash Upson op sleeptou om alles dat er docht te dokumintearjen, sadat se neitiid in boek oer de wiere gong fan saken skriuwe kinne. Ta syn argewaasje kriget er unwinske fersterking fan in posse under lieding fan in John W. Poe, dy't stjoerd is troch Wallace.

Billy en syn binde geane yn it stedsje White Oaks del by in alde bekende fan him, Jane Greathouse, in madam dy't der in bordeel eksploitearret. Wylst de bindeleden wille hawwe mei de hoeren , organisearje de bewenners fan White Oaks harren ta in lynchkliber dy't Billy ophingje wol. De pleatslike helpsheriff Carlyle besiket tusken de beide groepen te bemiddeljen en stelt oan Billy foar dat er "de Yndiaan " (Chavez) oan 'e kliber oerdraacht om sels it libben derof te reden. Ynstee ferklaait Billy Carlyle sels yn Chavez syn klean, smyt him ta de doar ut en ropt "Pas op, hy hat in pistoal!" Derop iepenje de lynchers daliks it fjoer en sjitte harren eigen helpsheriff dea. As se foar it ferstan krije wat se dien hawwe, drippe se beskamme of, wylst Billy en de oaren sunder fierdere swierrichheden it stedsje utride kinne. Garrett arrivearret te let om Billy-en-dy noch te treffen. As er it mei Jane besiket oan te lizzen, stegeret se syn avanses of om't se him as in ferrieder sjocht no't er sheriff wurden is. Derop stekt er ut wraak har bordeel yn 'e bran . Jane klaait har hielendal ut en komt bleat nei buten ta, in utsochte manear om 'e kekene ynwenners fan White Oaks te fernederjen , wernei't se poerlike neaken op har hynder stiget en fuortriidt.

Neitiid wurde Billy en syn binde oanhaldend hjitfolge troch Garrett en syn posse. Op in jun wurde se byhelle, mar Garrett, dy't ferbline wurdt troch it ljocht fan 'e undergeande sinne , sjit by fersin Tom O'Folliard dea, dy't njonken Billy riidt. Inkele dagen letter sykje Billy-en-dy op in ofhandich plak beskul yn in ferrinnewearre gebou, der't Billy einlings en te'n lesten opbychtet dat de 'Meksikaanske Klyster' hielendal net bestiet en folslein oan syn eigen fantasij untspruten is. It ferhaal dat er de oaren nei Meksiko ta liede soe, wie ienfaldichwei in list om 'e binde byinoar te halden. Doc Scurlock is des duvels en springt oerein om nei hus te gean. Sagau't er lykwols in foet buten it doarsgat set, wurdt er yn it boarst rekke troch in kugel fan ien fan Garrett syn posse, der't it gebou temuk troch besingele is. As bliken docht dat der gjin utwei is, offeret Doc, dy't beseft dat er in fatale wune oprun hat, himsels op troch fannijs nei buten te springen. Hy rekket trochsingele mei kugels , mar de oaren witte efter him lans te untsnappen, allegearre utsein Billy, dy't te let is.

Sa wurdt Billy the Kid troch Garrett-en-dy finzen nommen. Hy wurdt werombrocht nei Lincoln en feroardiele om ophongen te wurden. Wylst Garrett it stedsje ut is foar in fraachpetear mei in krante , wurdt Billy bewekke troch twa helpsheriffs: de wrede Bob Olinger en de freonlike en wat unnoazele James W. Bell. Hoewol't er gjin besite untfange mei, wurdt er under Bell syn tsjinst opsocht troch Jane Greathouse, dy't him in pude prumtabak bringt. Deryn fynt Billy in snipperke papier mei de tekst "Huske". As er fan it huske gebruk makket, treft er der in revolver oan. Billy besiket Bell te untwapenjen, mar as dy syn ofseage jachtgewear op him rjochtet, sjit Billy him dea. Hy hat der folle minder problemen mei om Olinger om hals te bringen. Dernei befrijt er him fan syn boeiens, stelt in hynder en pykt ut.

Tsjin 'e tiid dat Billy oankomt yn Fort Sumner is Rudabaugh utpykt nei Meksiko, wylst Chavez stjerrende is oan in skotwune dy't er by de untsnapping fan 'e binde nei de dea fan Scurlock oprun hat. Nei't Chavez it tydlike foar it ivige ferwiksele hat, jout ek French him desylluzjonearre of. Op in feest yn Fort Sumner rekket Billy op bed mei in tsjep fanke . As dy him der te neare nacht op utstjoerd om wat te iten op te heljen, lit er syn revolvers by har efter. Sadwaande treft er Pat Garrett as er net bewapene is. Ynstee fan him daliks dea te sjitten (sa't it offisjele ferhaal fan 'e ein fan Billy the Kid hawwe wol), giet Garrett mei him in diskusje oan. Billy freget Garrett om him nei Meksiko gean te litten en de autoriteiten foar te ligen dat er him deasketten hat. It wol Garrett lykwols net oan dat Billy it yn Meksiko uthalde kinne soe, en sadree't er wer opdoek, soe dat foar him (Garrett) hiel ferfelende gefolgen hawwe. Derop draait Billy him om en rint fuort, om Garrett te twingen en sjit him yn 'e rech . Dat wegeret er lykwols. De oare moarns wurdt der in falske begraffenis holden foar Billy the Kid. Garrett is der ek by. As er letter wer nei syn hynder giet, blykt dat stellen te wezen, in ferwizing nei Billy syn sizzen dat er inkeld hynders stelt fan minsken dy't er wol lije mei.

Yn 1950 seit Phelan, nei't er Brushy Bill syn hiele ferhaal oanharke hat, ta om 'e aldman te helpen om dochs noch de unthjitten amnesty te bemachtigjen. Teksten dy't dernei yn byld ferskine, fertelle hoe't it fierder gie mei de haadrolspilers fan it ferhaal. Arkansas Dave Rudabaugh waard koart nei syn oankomst yn Meksiko by wize fan ofskrikwekkend foarbyld unthalze om foar te kommen dat Meksiko in taflechtsoard foar Amerikaanske banditen wurde soe. Garrett publisearre it boek dat er yn gearwurking mei Ash Upson oer syn jacht op Billy the Kid skreaun hie, mar dat waard in flop. Uteinlik waard er yn 1908 troch in jongeman deasketten. Phelan beavensearre dat Brushy Bill de guverneur fan Nij-Meksiko moetsje koe, mar nettsjinsteande dat doe noch libbene freonen fan Billy the Kid syn ferhaal befestigen, waard er net leaud. Hy ferstoar minder as in moanne letter. Oft er wier Billy the Kid wie, bliuwt sadwaande in mystearje.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Emilio Estevez yn 2006 .
William Petersen yn 2004 .
Lou Diamond Phillips yn 1987 .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                          
Billy the Kid / Brushy Bill Roberts Emilio Estevez
Pat Garrett William Petersen
Doc Scurlock Kiefer Sutherland
Jose Chavez y Chavez Lou Diamond Phillips


byrollen
personaazje                                      akteur/aktrise
Arkansas Dave Rudabaugh Christian Slater
Hendry William French* Alan Ruck
Tom O'Folliard Balthazar Getty
Jane Greathouse Jenny Wright
John W. Poe Viggo Mortensen
guverneur Lew Wallace Scott Wilson
John Chisum James Coburn
Beever Smith Tracey Walter
ofsier fan justysje Rynerson R.D. Call
Ash Upton Jack Kehoe
helpsheriff Carlyle Robert Knepper
helpsheriff James W. Bell Tom Kurlander
Charles Phelan Bradley Whitford
helpsheriff Bob Olinger Leon Rippy
Deluvina Maxwell Carlotta Garcia
sheriff George Kimball Jerry Gardner
Poe Posse Howie Young
Rat Bag Richard Schiff
Dove Ginger Lynn
Juanita Joy Bouton
Jesus Silva Albert Trujillo
Sonia Alina Arenal
Pietro Stephan Kraus
Fernando Nicholas Sean Gomez
Ignio Mark Bustamante
finzene yn gat mei branmerk senarioskriuwer John Fusco ( cameo )
finzene yn gat #2 Jon Bon Jovi (cameo)

*) in personaazje gearstald ut 'e histoaryske persoanen Henry Newton Brown en Jim French .

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Young Guns II waard regissearre troch Geoff Murphy nei in senario fan John Fusco . De dialooch fan Billy the Kid wie foar in grut part oernommen ut fraachpetearen mei de echte Billy en oare artikels oer him dy't fan 1879 oant en mei 1881 yn 'e Amerikaanske kranten ferskynden. As produsinten wiene James G. Robinson , Paul Schiff en Irby Smith by it projekt belutsen foar de filmstudio Morgan Creek Productions , Foar de film wie in budget beskikber fan $ 20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler . De filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silverstri , wylst de yn 'e soundtrack opnommen lieten skreaun wiene troch sjonger Jon Bon Jovi . Ien fan dy lieten, Blaze of Glory waard in grutte hit en berikte it earste plak fan 'e Billboard Hot 100 - hitlist .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Young Guns II funen plak op lokaasje yn Arizona en Nij-Meksiko . Sawol Jon Bon Jovi as senarioskriuwer John Fusco hiene yn 'e film in cameo as mei-finzenen fan Doc Scurlock en Jose Chavez y Chavez dy't yn it gat yn 'e grun yn Lincoln festholden wurde. James Coburn , dy't yn 'e film de rol fan rancher John Chisum spilet, hie yn 1973 sels de rol Pat Garrett spile yn 'e western Pat Garrett and Billy the Kid , fan regisseur Sam Peckinpah .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Young Guns II waard fersoarge troch 20th Century Fox . De film gie op 1 augustus 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiere . It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 septimber 2011 foar it earst op cd by platemaatskippij Intrada Records .

Historisiteit [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn tsjinstelling ta de foargeande fillm Young Guns , ut 1988 , dy't troch histoarisy priizge waard om syn relatyf akkurate ofskildering fan 'e Prerjeoarloch fan Lincoln County en de iere jierren as bandyt fan Billy the Kid , krige Young Guns II beslist net sokke lof. In protte foarfallen ut it libben fan Billy komme yn 'e film wol werom, mar net altyd yn 'e juste folchoarder. Ek waard de akkuratens fan 'e film behindere trochdat guon personaazjes al yn 'e earste film stoarn wiene wylst se eins yn 'e twadde film noch in rol spylje moatten hiene. Om in foarbyld te jaan: de man dy't deasketten waard doe't er sunder euvelmoed ut it ferfallen gebou nei buten kaam en troch de posse fan Pat Garrett foar Billy the Kid oansjoen waard, wie net Doc Scurlock (sa't de film hawwe wol), mar Charlie Bowdre . Dat personaazje hiene de filmmakkers lykwols oan 'e ein fan Young Guns al omkomme litten.

It grutste euvel oan Young Guns II wie foar histoarisy lykwols dat de film de myte ferspriedt dat Brushy Bill ien-en-deselde persoan wie as Billy the Kid. Fral de tekst oan 'e ein fan 'e film, dat it in mystearje bliuwt oft Brushy Bill no al of net Billy the Kid wie, skeat in protte saakkundigen yn it ferkearde kielsgat. Wat der eins oan 'e han wie, is dat yn 1949 in man yn sintraal Teksas , in Ollie Partridge Roberts, byneamd Brushy Bill, bewearde dat er Billy the Kid wie. Hy sei dat er nei it yn sene setten fan syn dea de namme Roberts oannommen hie en underdukt wie. Histoarisy wjerleine al rillegau op oertsjugjende wize syn ferhaal, en dat wie de reden dat er net leaud waard troch de autoriteiten. Nettsjinsteande dat profitearre syn wenplak Hico (Teksas) fan syn bekendheid troch nei syn dea it Billy the Kid Museum te iepenjen.

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Young Guns II oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes . Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren . Hy skreau dat it senario him "in unfoltoge gefoel" joech, en hy fun de rezjy "wifkjend", mar it aktearjen omskreau er as "ynteressant". Yn 'e Deseret News , de wichtichste krante fan Salt Lake City , parte Chris Hicks Young Guns II ek 2 fan 4 stjerren ta. Hy neamde de film "wielderich filme, tige goed spile en fol potinsjeel", dat lykwols net goed ut 'e ferve kaam.

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Young Guns II in leech goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 25 underskate resinsjes. Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Young Guns II in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 18 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Young Guns II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 44,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $59,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $39,1 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .