Ynternasjonale Reade Krus

Ut Wikipedy
Comite international de la croix rouge

It Ynternasjonale Komitee fan it Reade Krus (ICRC), stifte op 17 febrewaris 1863 , is in neutrale unofhinklike humanitere ynstelling mei haadsetel yn Geneve .

It Komitee besiket op basis fan de Ferdragen fan Geneve de slachtoffers fan ynternasjonale oarloggen en boargeroarloggen te beskermjen en by te stean. It opereart as neutrale tuskenpersoan yn gefal fan wapene konflikten en unlusten.

It Komitee beweitst de tapassing fan de ynternasjonale humanitere konvinsjes , ferspriedet kennis deroer en wurket oan de untwikkeling derfan.

Boppedat biedt it Ynternasjonale Komitee fan it Reade Krus humanitere help oan oarlochsslachtoffers , spoart fermiste persoanen op, besiket skieden famyljes te werienjen en besiket finzenen.

Yn 1917, 1944 en 1963 krige de ynstelling de Nobelpriis foar de Frede ; yn 1996 krige it de Balzanpriis .