It
Ynternasjonaal Gerjochtshof
(as
Ynternasjonaal Hof fan Justysje
) is it wichtichste rjochtlik orgaan yn de
Feriene Naasjes
. It hof bestiet ut 15
rjochters
dy't keazen wurde troch de
Algemiene Fergadering
en de
Feilichheidsried
. It Ynternasjonaal Gerjochtshof is festige yn
De Haach
en husmannet yn it
Fredespaleis
. Neist it Ynternasjonaal gerjochtshof binne yn De Haach noch in stikmannich ynternasjonale hoven festige: it
Ynternasjonaal Strafhof
, it
Joegoslaavje-tribunaal
, it
Iran-VS Claims Tribunaal
en it
Permanint Hof fan Arbitraazje
.