한국   대만   중국   일본 
Ynsidint op Heuvel 192 - Wikipedy Springe nei ynhald

Ynsidint op Heuvel 192

Ut Wikipedy

It ynsidint op Heuvel 192 is de eufemistyske beneaming foar de untfiering en groepsferkrefting fan en moard op Phan Thi Mao, in jonge Fjetnameeske frou troch in geweargroep fan it Amerikaanske Leger , dy't under de Fjetnamoarloch plakfun op 19 novimber 1966 . Mar ien lid fan 'e geweargroep wegere mei te dwaan oan wat as in oarlochsmisdie kwalifisearre wurde moat, en krewearre neitiid om 'e oare leden fan syn ienheid berjochte te krijen. De saak krige bekendheid troch in artikel yn The New Yorker der't regisseur Brian De Palma yn 1989 syn film Casualties of War op basearre.

Ynsidint [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 17 novimber 1966 oerleine sersjant David Edward Gervase (20) en soldaat 1e klasse Steven Cabbot Thomas (21) mei de trije oare leden fan harren geweargroep , soldaten 1e klasse Robert M. Storeby (22) en de neven Cipriano S. Garcia (21) en Joseph C Garcia (20) oer harren patrulje dy't de folgjende dei begjinne soe. Harren ienheid hearde ta C Kompanjy , 2e Bataljon ( Loftlaningstroepen ) fan it 8e Kavaleryrezjimint , 1e Kavalerydifyzje fan it Amerikaanske Leger en wie yn it ramt fan 'e oangeande Fjetnamoarloch yn 'e Sintrale Heechlannen fan Fjetnam stasjonearre. Gervase en Thomas sloegen foar om in " tsjep fanke" te untfieren en oan 'e ein fan 'e patrulje, nei har fiif dagen lang " brukt " te hawwen, te fermoardzjen . Neffens Storeby syn letter tsjugenis soe dat neffens Gervase en Thomas "goed foar it moreel fan 'e geweargroep" west hawwe.

Op 'e iere moarn fan 18 novimber krongen de leden fan 'e geweargroep it lytse doarpke Cat Tuong binnen, yn it distrikt Phu My , op 'e sneup nei in gaadlik frommeske. Nei't se Phan Thi Mao (21) utkeazen hiene, bunen se har de polzen oaninoar fest mei in stik tou , knevelen se har en namen har tsjin har wil mei. Letter, nei't se harren kamp opsetten hiene yn in ferlitten hutte , waard Mao om bar troch fjouwer fan 'e soldaten ferkrefte . Inkeld Storeby wegere oan 'e groepsferkrefting mei te dwaan. Op 19 novimber , doe't de geweargroep yn in fjoergefjocht ferwikkele rekke mei rebellen fan 'e Viet Cong , kamen Gervase en Thomas deroer yn noed te sitten dat se mei Mao sjoen wurde soene troch de fersterkings dy't se oproppen hiene om harren yn 'e striid tsjin 'e Viet Cong te stypjen. Thomas naam Mao derom mei it strewelleguod yn en stiek trije kear op har yn mei syn jachtmes om har te deadzjen. Hja oerlibbe dy oanfal, mar doe't hja neitiid besocht te flechtsjen, giene trije fan 'e soldaten efter har oan. Thomas helle har yn en skeat har troch de holle mei syn M16 - mitrailleur .

Berjochting fan 'e dieders [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de weromkear fan 'e geweargroep op 'e legerbasis rapportearre Storeby de oarlochsmisdie oan syn befelfierende ofsieren . Dat sortearre yn 't earstoan gjin effekt, mei't dyselden, de kommandant fan 'e kompanjy ynbegrepen, leaver de oare kant ut seagen. Nettsjinsteande it feit dat de oare leden fan syn geweargroep him mei de dea bedrigen , hold Storeby oan mei syn krewearjen om harren berjochte te krijen. Syn festhaldendheid die op 't langelest fertuten doe't er de saak under de oandacht fan hegere autoriteiten brocht. Gervase, Thomas en de beide Garcia's waarden foar de Amerikaanske kriichsried dage. Pas under dat proses waard it oant dy tiid nammeleaze slachtoffer troch har suster identifisearre as Phan Thi Mao.

De fjouwer dieders waarden yn maart en april 1967 allegearre skuldich befun oan moard . De oanklager frege om 'e deastraf foar Thomas, dy't de eigentlik moard utfierd hie, mar dyselde waard feroardiele ta libbenslang . Dy straf waard neitiid omset yn 20 jier en doe ferkoarte ta 8 jier, wat betsjutte dat er mei goed gedrach al mei 4 jier frijkomme koe. Krektsa waarden de lange finzenisstraffen fan Gervase en Cipriano Garcia ferkoarte ta 8 jier, resp. 22  moannen . Joseph Garcia, dy't earst in straf fan 15 jier krigen hie, waard yn 1968 hielendal frijsprutsen om't syn swijrjocht troch de undersikers mei fuotten trede wie. Alle fjouwer mannen krigen unearfol untslach ut it leger.

Bekendheid fan 'e saak [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oer it ynsidint op Heuvel 192, sa't de untfierings-, ferkreftings- en moardsaak eufemistysk bekend kaam te stean, waard koart nei de utkomst fan it proses foar de kriichsried ferslach dien yn 'e Amerikaanske media . De saak waard lykwols bekender doe't sjoernalist Daniel Lang der yn oktober 1969 yn it tydskrift The New Yorker in lang en yngeand artikel oer publisearre, mei as titel Casualties of War . Yn novimber fan dat jier brocht er dat yn utwreide foarm under deselde namme ek yn boekfoarm ut. Yn 1970 ferfilme de Westdutske regisseur Michael Verhoeven it ynsidint op Heuvel 192 under de titel o.k. , dy't yn 1970 meitinge om 'e Gouden Bear op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn . In bekendere ferfilming, basearre op it boek fan Lang, waard yn 1989 makke troch de Amerikaanske regisseur Brian De Palma , under de titel Casualties of War , mei Michael J. Fox en Sean Penn yn 'e haadrollen .

Moard op George Loeb [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e fjouwer dieders kaam Thomas yn 1992 op 'e nij yn oanrekking mei justysje , doe't er oanklage waard foar mandeligens oan 'e moard op George Loeb. Dyselde wie de wierskynlike dieder fan 'e moard op Harold J. Mansfield, in Afro-Amerikaanske matroas fan 'e USS  Saratoga , in fleandekskip fan 'e Amerikaanske Marine . Sawol Thomas as Loeb wiene lieders fan 'e rasistyske Wraldtsjerke fan de Skepper (WCC). Yn ruil foar syn tsjugenis tsjin 'e oare fertochten krige Thomas yn 'e saak-Loeb mar in jier under betingst oplein en bleau er dus op frije fuotten.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Bibliography , op dizze side .