Ybe van der Wielen
|
keunstner
|
|
Van der Wielen yn syn atelier oan de Ossenmarkt yn Swol
|
persoanlike bysunderheden
|
nasjonaliteit
|
Nederlansk
|
berne
|
26 april
1913
|
berteplak
|
Greeley
|
stoarn
|
4 oktober
1999
|
stjerplak
|
Swol
|
etnisiteit
|
Frysk
|
wurkpaad
|
wurksum as
|
byldhouwer,
keunstskilder
|
streaming
|
Figuratyf en abstrakt
|
Ybe van der Wielen
(
Greeley
,
Kolorado
,
26 april
1913
-
Swol
,
4 oktober
1999
) wie in
Nederlansk
byldhouwer
en
keunstskilder
.
Van der Wielen wie in soan fan
Jarich van der Wielen
en waard grutbrocht yn
Fryslan
. Hy folge in oplieding oan de
Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten
yn
Amsterdam
(1942-1947), der't er learling wie fan
Jan Bronner
. Ek studearre er by
Frits van Hall
en
Jos Rovers
. Yn 1951 festige er him yn Swol. Earder wurke er ek yn
Bakkefean
under lieding fan de Fryske skilder
Andries van der Sloot
.
Hy wurke ynearsten
figuratyf
, mar sloech ein fyftiger jierren in mear
abstrakte
rjochting yn. Yn syn lettere wurk waarden
geometryske
foarmen wichtich; hy makke ferskate komposysjes mei under mear fjouwerkanten en rjochthoeken.
Van der Wielen wie lid fan it Boun fan Fryske keunstners.
In kar ut syn wurk:
-
Het Gevleugelde Denken
, Ljouwert
-
Schipper
(1958), Ljouwert
-
Jong leven
, Ljouwert
- Wielen, Wietske van der
(2006)
Ybe van der Wielen, beeldhouwer
. Bloemendaal: Van der Wielen.
ISBN 9071854183
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|