한국   대만   중국   일본 
Wylp - Wikipedy Springe nei ynhald

Wylp

Ut Wikipedy
Wylp

De wylp ( Numenius arquata ) is in fugel ut de famylje fan de snipfugels ( Scolopacidae ). It is in grutte steltrinner (52 sm lang) mei in 9 - 15 sm lange, kromme nei underen bugde snaffel. It is de grutste steltrinner fan West-Europa. Hy is sunder mis te werkennen, betizing is allinnich moogklik mei de reinwylp dy't 10 sm lytser is mei in snaffel fan 6 - 9 cm. De wylp hat net folle tekening op de kop, allinnich in skiere ljochte eachstreek. De reinwylp hat in donkere eachstreek en in krunstreek.

Status yn Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan binne wylpen it hiele jier troch te finen. De fugel briedt yn iepen agrarysk gebiet mar ek yn druge, iepen natoergebieten. Yn de jierren 1980 groeide it oantal fugels dat briede yn agrarysk gebiet en naam it oantal dat keas foar natoergebieten of. Fugels dy't yn Nederlan briede, oerwinterje sudliker, bygelyks yn Belgje , Frankryk , Dutslan , Ierlan , Spanje en it Feriene Keninkryk . Yn de winter halde hjir fugels ta ut Ruslan en Skandinaavje en mooglik in lyts oantal dat hjir ek briede.

Yn it briedseizoen binne se yn hiel Europa werom te finen, mei utsein inkele lannnen yn Sudeast-Europa .
De wylp stiet net op de Nederlanske reade list, wol op de ynternasjonale IUCN-list as 'gefoelich' ( Near Threatened ).

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]