한국   대만   중국   일본 
Wjerstan - Wikipedy Springe nei ynhald

Wjerstan

Ut Wikipedy
Wjerstannen

Wjerstan is de eigenskip in beweging tsjin te wurkjen. It is ek de oantsjutting foar in elektryske komponint dy't it rinnen fan stroom fermindert.

Dy komponinten binne ornaris sa lyts dat der is gjin plak en beskriuw de sterkte. Derom is dy sterkte kodearre mei kleurringen:

0 = swart;
1 = brun;
2 = read;
3 = oranje;
4 = giel;
5 = grien;
6 = blau;
7 = fiolet;
8 = griis;
9 = wyt.

In ezelsbrechje om dizze folchoarder unthalde te kinnen is: "Sy Bringt Roazen Oan Geart's Gref By Fiis Grau Waar". Mar 3 oant 7 binne ek yn de folchoarder fan de reinboge.

De earste (almeast) trije bannen joue it getal fan de sterkte oan, en de fjirde it tal fan nullen dat der noch efterkomt. De fiifde jout in persintaazje oan fan hoe presiis de kompenint dy sterkte hat.

sulver = 10 %;
goud = 5 %;
read = 2 %;
brun = 1 %.
In webstee der't men kleurkodearrings besykje kin.