한국   대만   중국   일본 
Winterpaleis - Wikipedy Springe nei ynhald

Winterpaleis

Ut Wikipedy
Winterpaleis
  kastiel
Lokaasje
lan Ruslan
plak Sint-Petersburch
adres 2, Dvortsovaja Plein
koordinaten 59° 56' N 30° 18' E
Skiednis
boujier 1754-1762
Oars
boustyl barok
hjoeddeisk gebruk museum
monumintale status federaal monumint
monumintnumer 781510390340026
Webside
www.hermitagemuseum.org
Kaart
Winterpaleis (Sint-Petersburch-Sintrum)
Winterpaleis

Het Winterpaleis ( Russysk : Зимний Дворец, Zimnij Dvorets ) is in paleis yn Sint-Petersburch oan 'e igge fan 'e Neva . It rjochthoekige paleis is 250 m lang en 30 m heech.

It paleis waard yn 'e 18e iuw boud as winterresidinsje foar de Russyske tsaren en is no underdiel fan 'e Hermitaazje , ien fan 'e meast ferneamde musea yn Ruslan. It oangrinzgjende Paleisplein wie it toaniel fan in soad histoaryske barrens, lykas de Bloedsnein fan 1905 en de Oktoberrevolusje fan 1917.

It 233.345 m² grutte Winterpaleis, dat ut mear as 1500 romtes bestiet, heart ta de wichtichste toeristyske attraksjes fan Sint-Petersburch. Fral de Jordaantrep, de Peter- of Lytse Troanseal, de Fjildmaarskalkseal, de Joaris- of Grutte Troanseal, de Malachytseal, de Gouden Salon, de 1812-galerly en de paleiskapel binne it neamen wurdich. Sunt 1990 heart it paleis by it UNESCO - wralderfgoed .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Winterpaleis waard tusken 1754 en 1762 boud yn opdracht fan tsarina Elisabeth I fan Ruslan . De Russyske-Italjaanske arsjitekt Bartolomeo Rastrelli krige de opdracht om it paleis te bouwen, dat oare Europeeske paleizen yn alles oertreffe moast. De bou koste in soad jild en der wurken acht jier lang wol 4000 minsken oan it projekt. Rastrelli wie fan doel de 460 keamers fan it paleis yn barokke styl te fersieren en de opdracht fan tsarina Elisabeth te foltogjen, mar Elisabeth ferstoar yn 1762 en har opfolger, har muoikesizzer Peter III , in pear moanne letter dernei ek. De nije hearsker fan Ruslan wie de frou fan Peter III en soe bekend wurde as Katarina de Grutte . Hja hie in hiele oare smaak as Elisabeth en socht nije arsjitekten om it paleis yn neoklassisistyske styl of te meitsjen. Noch yn itselde jier (1762) kaam der in ein oan 'e bou; it paleis bestie doe ut in mingstyl fan barok en neoklassisisme.

Bran [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bran yn it Winterpaleis.

Yn 'e nacht fan 17 desimber 1837 unstie der in grutte bran yn 'e Fjildmaarskalkseal fan it paleis. De bran wie troch de konstruksje en it brukte materiaal lestich te dwesten, mar it fjoer gie stadich genoch om de skilderijen en it meubiler op 'e tiid nei buten te bringen. Foar it meitsjen fan in brangong joech de tsaar opdracht om de trije trochgongen dy't nei de Hermitaazje laten te ferneatigjen. Dat wie in tige ferstannige set dy't de unbidich grutte keunstkolleksje rede. It fjoer bleau noch dagen trochbaarnen en it hiele ynterieur gie ferlern.

Tsaar Nikolaas I wie grif fan doel om it paleis yn in koart skoft wer bewenber te meitsjen. Yn fyftjin moannen wurken likernoch 6.000 minsken under swiere omstannichheden oan de weropbou, dy't under lieding fan 'e arsjitekten Vasili Stasov en Alesksandr Brjullov stie. De measte steatsferstrekken lykas de Jordaantrep en de grutte paleistsjerke waarden under Vasisi Stasov wer yn it oarspronklike untwerp werboud. Oare keamers, lykas de Wapenseal, waarden noch dekorativer werboud mei in soad tapassing fan fergulding. Alesksandr Brjullov naam de lytsere fertrekken en de priveefertrekken fan 'e tsaar foar syn rekken. Hy boude it ynterieur op yn de neffens de doe hearskjende moade en paste mear neogotyk en rokoko ta.

Yn 1839 wenne de keizerlike famylje yn it paleis.

Gebruk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Winterpaleis wie fan 1762 oant 1917 de offisjele residinsje fan 'e Russyske monargy.

Iepening fan 'e Duma (1906) yn it Winterpaleis.

In part fan it paleis, bekend as de Hermitaazje, waard sunt Katarina de Grutte brukt om de keizerlike keunskolleksje yn under te bringen. Nikolaas I boude de kolleksjeromtes ut ta in museum, it Hermitaazjemuseum.

Oant de slagge moardoanslach op tsaar Aleksander II yn 1881 bleau it paleis de winterresidinsje. Aleksander hie al in rige oanslaggen meimakke en in jier earder wie der ek al in swiere bomoanslach yn it Winterpaleis. Der kaam de tsaar mei syn famylje noch goed foar wei, mar alve leden fan 'e keizerlike garde ferlearen doe it libben.

De nije tsaar Aleksander III fielde him net feilich mear yn it Winterpaleis en hy brukte tenei oare paleizen. It Winterpaleis bleau allinne noch foar plechtichheden en eveneminten lykas grutte feesten yn gebruk.

De leste tsaar, Nikolaas II , wenne it leafste yn it Aleksanderpaleis yn Tsarskoje Selo buten Sint-Petersburch. Hy brocht mei de famylje yn 'e regel winterdeis wol in pear wiken yn it Winterpaleis troch.

Yn 'e Earste Wraldkriich waard it paleis oant de priveefertrekken fan 'e tsaar ta sunt 1915 in sikehus foar de ferwune soldaten en it ferpleegjend personiel.

Mei't Aleksandr Kerenski yn juny 1917 nei it ofsetten fan Nikolaas II haad fan it Provisoaryske Regear waard, brukte it regear it Winterpaleis en wenne Kerenski sels yn 'e apparteminten fan Nikolaas II.

De bolsjewiken grypten op 7 novimber 1917 de macht en de Reade Garde omsingele dy deis it Winterpaleis. Yn 'e rin fan 'e jun waard it paleis sunder grutte wjerstan ynnommen. Kerenski wist te untkommen en de ministers fan it Provisoaryske Regear joegen har oer. Rillegau dernei waard it hiele paleis in museum.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Winterpaleis