Wimbledon (tennistoernoai)

Ut Wikipedy
Wimbledon
De trofeeen

The Wimbledon Championships [1] , better bekend as Wimbledon , is it aldste tennistoernoai fan de wrald en is in grandslamtoernoai . Wimbledon wurdt beskoge as it meast prestisjeuze tennistoernoai fan de wrald. It is ek it grutste gerstennistoernoai en is ien fan de pear tennistoernoaien dy't spilers ferplichtsje om wite klean te dragen. [2] [3]

It jierliks weromkommende grandslamtoernoai, dat foar it earst yn 1877 spile waard, wurdt halden op de All England Lawn Tennis and Croquet Club yn de Londenske butenwyk Wimbledon . Wimbledon wurdt, krektas de trije oare grand slams, organisearre under tafersjoch fan de International Tennis Federation . Yn de twa wiken yn juny en july dogge oan it haadtoernoai 128 inkel- en 64 dubelspilers mei per geslacht. Ek binne der 24 spilers en 24 spylsters yn it mingddubeltoernoai.

De inkeltoernoaien fan Wimbledon 2010 waarden troch de Spanjert Rafael Nadal en de Amerikaanske Serena Williams wun. Foar beiden wie it net de earste Londenske oerwinning: Nadal wist it toernoai al ienkear earder op syn namme te skriuwen en Williams die dat al trije kear. De 125e edysje wurdt fan 20 juny oant en mei 3 july 2011 halden.

Gallery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. History of The All England Club and The Wimbledon Championships , Wimbledon Lawn Tennis Museum, 18 juni 2010
  2. Traditional Final: It’s Nadal and Federer , TNYT, 5 july 2008
  3. Wimbledon , Sport1Travel, rieplachte op 18 juny 2010