한국   대만   중국   일본 
Wim Hora Adema - Wikipedy Springe nei ynhald

Wim Hora Adema

Ut Wikipedy
Wim Hora Adema
Wim Hora Adema (1981)
Wim Hora Adema (1981)
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlansk
berne 1914
berteplak Huzum
stoarn 1998
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Sjoernaliste, skriuwer
reden
  bekendheid
Feministysk aktivist
meioprjochter tydskrift Opzij
prizen Harriet Freezerring (1992)

Wilhelmina Remelia (Wim) Hora Adema ( Huzum , 14 july 1914 - Amsterdam , 10 desimber 1998 ) wie in Nederlansk sjoernaliste , skriuwster en feministe .

Adema begun har karriere as unbetelle wurker by it de Amsterdamske liberale krante Algemeen Handelsblad; yn 1939 waard se beneamd ta redakteur fan de lanlike seksje. Der wurke se oant 1941, doe't se untslach naam ut protest tsjin de anty-joadske maatregels dy't op de krante naam wiene. Under de Twadde Wraldoarloch wie se warber yn it Nederlansk ferset, dat har yn 'e kunde brocht mei de groep dy't Het Parool, in yllegale krante, publisearre.

Fan 1948 oant 1968 hie se de lieding fan de Frouljusside fan deibled Het Parool , der't bekende persoanen oan meidiene lykas Hella Haasse , Mies Bouhuys , Harriet Freezer , Lidya Winkel , Wina Born , Fiep Westendorp en letter ek Hedy d'Ancona en Jeanne Roos . In heech kreatyf nivo gie mank mei in emansipatoaryske ynhald, wermei't Wim Hora Adema it paad sljochte foar de twadde feministyske weach .

Sy wie yn 1972 tegearre mei Hedy d'Ancona oprjochster fan it tydskrift Opzij .

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Wim Hora Adema, red.: Dag ouwe tijd (fraachpetearen). Assen 1972

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: