Wikipedy : Taalhelp

Ut Wikipedy

Handige taaltips [ boarne bewurkje ]

Om safolle mooglik sunder flaters yn it Frysk te skriuwen, binne der in tal handige helpmiddels beskikber. De meast folsleine is de Fryske staveringhifker foar brukers fan Microsoft Word. Dy is del te laden fan de side fan de Fryske Akademy . Om dermei in troch jo of oaren makke Wiki-tekst te kontrolearjen geane jo nei de side dy't jo kontrolearje wolle en klikke jo op Wizigje . Kopiearje de tekst dy't jo kontrolearje wolle nei in nij Word-dokumint. Kontrolearje de tekst en plak de tekst nei korreksje werom yn it Wiki-artikel. Klik op festlizze en de ferbettere ferzje stiet op de Wikipedy. Klik hjir om de staveringhifker del te heljen.

In (ridlik) folslein oersjoch fan de staveringregels is te finen op de Digiskoalle . Der steane ek ienfaldige oefeningen om jo wer eefkes op te skerpjen.

Fansels is it altyd maklik om in wurdboek by de han te hawwen (sjoch ek it Fryske Wikiwurdboek ).

Der stiet no in koarte kursus Frysk skriuwen op Allezhop .

X of Y [ boarne bewurkje ]

  • ch of g? nl: prachti g = fy: prachti ch , en bygelyks wichti ch . By ferlinging komt de g lykwols wer foar it ljocht: prachti g e en wichti g e.
  • ij of y? Hjir folget it Frysk meastentiids it Ingelsk. Bygelyks en: free (nl: vrij) - fy: frij?; en: bee (nl:bij) fy: bij. By en: he, we en she (nl: hij, wij en zij) altyd op syn Waldsjers. fy: hy, wy en sy.
  • u of u? Sletten wurdlid: u - sl u t. Iepen wurdlid: u - sl u -ting. By in sletten wurdlid mei in koart lud lykas yn it Nederlanske put komt der yn it Frysk gjin streekje op de u.

Stavering fan frjemde wurden [ boarne bewurkje ]

  • Grykske y :
  1. Bliuwt stean op plakken der't er yn it frjemde wurd ek stiet: kategor y , s y steem.
  2. Frjemde wurden dy't yn it Nederlansk op i of ie einichje wurde mei y stavere: sjen y , parod y .
  3. Frjemde foarheaksels (il, im, in ensfh.) wurde yn it Frysk mei y skreaun: y mpresje, y nternasjonaal.

Nederlansk-Frysk idioom [ boarne bewurkje ]

Op de side fan de Stifting ELF stiet in oersjoch fan Nederlansk-Frysk idioom . Sykje op Nederlanske stekwurden en fyn moai Frysk idioom.