Dr.
Wigerus Vitringa
(
Ljouwert
,
8 oktober
1657
?
Wurdum
,
18 jannewaris
1725
) wie in
abbekaat
en
keunstskilder
ut de
17e iuw
. Hy wie benammen ferneamd om syn skilderijen fan haven- en seesichten.
Vitringa kaam ut in famylje fan rjochtsgelearden en teologen ut
Ljouwert
. Hy studearre ek rjochten oan de
Universiteit fan Frjentsjer
, hjir promovearre hy op
4 july
1678
. Nei syn studzje festige hy him yn Ljouwert as advokaat fan it
Hof fan Fryslan
. Neist syn aktiviteiten as advokaat skildere hy portretten, en letter ek seesichten.
Letter gie Vitringa yn
Alkmar
wenjen, wer’t hy him hielendal stoarte op it skilderjen. Hy wie fan
1696
oant
1706
lid fan it
Sint-Lukasgilde
yn Alkmar.
Hjirnei gie hy wer yn Ljouwert wenjen. Trochdat syn sicht hieltyd minder waard troch in eachkwaal, koe hy nei
1706
gjin skilderijen mear meitsje. Wol liede hy learlingen op ta skilder. Ien fan syn learlingen wie
Taco Hayo Jelgersma
, fan
Harns
. Jelgersma hat in tal portretten fan Vitringa makke.
Vitringa stoarn yn
1725
yn
Wurdum
.
It wurk fan Vitringa is bot ynspirearre troch skilderijen fan
Ludolf Backhuysen
, ien fan syn learmasters. In tal wurken fan Vitringa binne sadwaande yn it ferline ek taskreaun oan Backhuysen. Ek
Richard Brakenburg
fan
Haarlim
hat in learmaster fan Vitringa west.
Yn
2008
, tusken
3 febrewaris
en
11 maaie
wie yn it
Frysk Museum
in utstalling fan Vitringa syn wurken te besjen. Yn de utstalling stiene Vitringa syn wurken sintraal, ek wurken fan syn masters en learlingen waarden utstalle.