Wet

Ut Wikipedy

In juridyske wet is underdiel fan it rjocht, mar it rjocht is breder as inkeld wetten. Ek de rjochtspraak (jurisprudinsje), de rjochtslear, algemiene rjochtsbegjinsels en de gewoanten binne rjochtsboarnen. De oankundiging fan in wet wurdt soms in edikt neamd.

Soarten wetten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It generike begryp wet kin twa betsjuttings hawwe:

wet yn formele sin
in wet yn formele sin is in (mienskiplik) beslut, nommen en kenber makke neffens de derta festleine proseduere troch in befoege orgaan, de formele wetjouwer neamd.
wet yn materiele sin
in wet yn materiele sin is in algemien binend foarskrift foar de rjochtsunderhearige(n) en fan tapassing is op in spesifike territoriale ienheid.

Wetten kinne sawol yn materiele sin as fn formele sin weze, mar dit hoecht net. It underskied is twaliddich :

  • it territorialiteitsprinsipe en it derby hearrende foech;
  • yn de formele sin is it in beslut, in nommen beslissing; en yn de materiele sin is it in jildend foarskrift oplein oan persoanen.

Hoewol't dit underskied earder teoretysk liket te wezen binne der yn de alledeiske praktyk dochs dudlike ferschillen.
It Strafrjocht is in wet yn formele sin, tagelyk wet yn materiele sin troch it Wetboek fan Strafrjocht ). De wet is opsteld en kenber makke troch de formele wetjouwer en haldt foarskriften yn, dy't under oare foar eltsenien jilde dy't binnen it grungebiet is.
In foarbyld dat it underskied tusk en formele en materiele wet yllustrearret, is de tastimmingswet foar it houlik fan in lid fan it Keninklik Hus, it parlemint beslist oer dizze fraach en nimt dy beslissing troch it utfurdigjen fan in wet, dy't troch de minister fan binnenlanske saken bekend makke wurdt. Dat is in formele wet mar gjin materiele wet, omdat se gjin betrekking op iderien hat. In AMfB (Algemiene Maatregel fan Bestjoer) is in regel oplein troch de regearing sunder meiwurking fan de Steaten-Generaal, dus dit is gjin wet yn formele sin. As dizze algemien binend is kin it lykwols wol in wet yn materiele sin weze.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Law fan Wikimedia Commons .