West Hollywood (Kalifornje)

Ut Wikipedy
West Hollywood
Sunset Boulevard yn West Hollywood.
Sunset Boulevard yn West Hollywood.
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Kalifornje
County Los Angeles County
Sifers
Ynwennertal 35.288 (2013)
Oerflak 4,9 km² (ynkl. wetter)
4,9 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 7.201,6 / km²
Stedekloft Los Angeles
Hichte 86 m
Oar
Stifting 1897
Tiidsone UTC ?8
Simmertiid UTC ?7
Koordinaten 34°05′16″N 118°22′20″W
Offisjele webside
www.weho.org
Kaart
Sunset Boulevard yn West Hollywood.
De lizzing fan Wes Hollywood yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje .

West Hollywood , troch ynwenners gauris ofkoarte ta WeHo (utspr.: ['wi:ho?]; likernoch: "wiihoo"), is in sted yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje . Dit plak leit yn Los Angeles County , grinzget yn it westen oan 'e sted Beverly Hills en wurdt oan alle oare kanten omsletten troch wiken fan Los Angeles , werunder Hollywood oan 'e eastkant . West Hollywood stiet bekend om syn grutte homoseksuele en lesbyske mienskip. Neffens in offisjele skatting ut 2013 hie de sted doe goed 35.000 ynwenners. It makket lykwols underdiel ut fan 'e stedekloft fan Los Angeles , mei in befolking fan yn totaal krapoan 13 miljoen minsken .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oarspronklik waard de krite der't West Hollywood no leit, bewenne troch de Tongva - Yndianen . Nei't it gebiet geandewei de achttjinde iuw troch de Spanjerts kolonisearre wie, kaam it yn 1848 , under it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo , dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch , by de Feriene Steaten te hearren. Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard de delsetting Sherman der stifte troch Moses Sherman en syn partners fan 'e Los Angeles Pacific Railroad . Yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw krige Sherman de reputaasje fan in plak der't eksintrikelingen har tultsjes uttulje koene, en teffens fan in plak dat it under de Druchlizzing net sa nau naam mei it ferbod op it skinken fan alkohol .

It stedhus fan West Hollywood.

Nettsjinsteande dat it grutte buorplak Los Angeles ferskate kearen besocht om Sherman te anneksearjen , keas dat derfoar om selsstannich te bliuwen, krektlyk as it buorplak Beverly Hills . Alle oare plakken yn 'e krite waarden meitiid lykwols troch Los Angeles opslokt, mei as gefolch Sherman en Beverly Hills in bestjoerlik selsstannige enklave yn Los Angeles waarden. Yn 1925 , doe't de oangrinzgjende Los Anzjelynske wyk Hollywood ferneamd wurden wie om syn filmyndustry , feroare Sherman syn namme yn West Hollywood. Lang net alle ynwenners wiene it dermei iens, dat it wie in kontroversjeel beslut.

Lange tiid wie West Hollywood in doarp dat fierhinne bestjoerd waard troch Los Angeles County . Om't gokken yllegaal wie yn 'e sted Los Angeles, mar wol tastien waard troch de autoriteiten fan Los Angeles County, untjoech West Hollywood him ta in regionaal sintrum fan 'e gokyndustry, der't fan 'e 1920 -er jierren of it iene nei it oare kasino ferriisde. Al rillegau kamen der ek nachtklubs by, lykas de ferneamde Whisky a Go-Go , dy't gearkloften oan it diel fan Sunset Boulevard dat troch West Hollywood run, en dat bekend kaam te stean as de Sunset Strip .

Uteinlik rekke West Hollywood as sintrum fan it utgeanslibben ut 'e graasje, hoewol't de Sunset Strip in sterke oantrekkingskreft op toeristen hold. Underwilens hiene har in protte riken ut 'e filmyndustry yn it doarp nei wenjen set, dy't oanlutsen waarden trochdat der in stik minder regels wiene om nei te libjen (bgl. op it med fan huzebou ) as yn Los Angeles. Yn 'e 1960 -er jierren waard West Hollywood in sintrum fan 'e hippykultuer . Yn 1978 - 1979 en 1988 - 1992 setten har by twa grutte ymmigraasjeweagen likernoch 6.000 Russyske Joaden yn West Hollywood nei wenjen. Sadwaande hat it hjoed de dei noch altyd de meast konsintrearre Russysktalige mienskip fan 'e Feriene Steaten.

De ferneamde nachtclub Whisky a Go-Go , oan 'e Sunset Strip .

Yn 1984 makke Los Angeles County plannen om 'e wetlike begrinzings op it med fan hierferhegings of te skaffen. De ynwenners fan West Hollywood beseften dat se sunder begrinzings oan hierferhegings nea opbiede kinne soene tsjin it rikere diel fan 'e befolking fan Los Angeles en Beverly Hills, sadat se uteinlik ut har eigen plak weijage wurde soene. Sadwaande untstie der in brede koalysje fan alderein , Joaden , homo's en lesbiennes en earmere hierders dy't bewurkmastere dat West Hollywood formeel stedsrjochten krige, sadat it syn eigen regeljouwing op it med fan hier trochfiere koe. Nei't dat slagge wie, waard der daliks ien fan 'e strangste hierbegrinzings fan 'e Feriene Steaten ynfierd.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grun fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie West Hollywood yn 2013 in befolking fan 35.288 minsken . De befolkingstichtens bedroech 7.201,6 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan West Hollywood 14,9% alder as 65 jier en 4,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 59,7% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst 15,8% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 77,9% blanken ; 10,5% Latino's ; 5,4% Aziaten ; 3,2% swarten ; 0,3% Yndianen ; 0,1% Polyneziers , Melaneziers en Mikroneziers ; 2,6% oaren of fan mingd etnysk komof.

It djoere Chateau Marmont Hotel.

Berne yn West Hollywood [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

West Hollywood hat in druch subtropysk klimaat , mei it hiele jier run waarm waar . July , augustus en septimber binne de waarmste moannen , mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 27 °C, wylst jannewaris it koelst is mei in trochsneed temperatuer fan 19 °C. Rekortemperatueren yn West Hollywood wiene 43,9 °C op 26 septimber 1963 en ?4,4 °C op 4 jannewaris 1949 . West Hollywood kriget jiers trochinoar mar 333,2 mm delslach . Sniefal is tige seldsum, en de leste kear dat snie net daliks fuortteide nei't it delkaam, wie yn 1949 .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .