한국   대만   중국   일본 
Buk - Wikipedy Springe nei ynhald

Buk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Weak fan 't liif )
In anatomysk ofbyld fan 'e minsklike buk.

De buk of buk , by bisten yn 'e regel bealch neamd ( Latyn : abdomen ), is by rechstringdieren (werunder de minske ) in holte (de bukholte), weryn't in stikmannich organen lizze dy't benammentlik de spiisfertarring , de dermei mank geande offier fan offalstoffen beavensearje.

Fan organen dy't har yn 'e bukholte befine, lykas de mage , de lever , de milt en it grutste part fan 'e terms (utsein it duodenum ), seit men yn it medysk jargon dat se yntraperitoneaal lizze, nei it bukflues of peritoneum , dat de bukholte oan 'e binnenkant en de bukorganen oan 'e butenkant beklaait. Organen dy't net yn 'e eigentlike bukholte lizze mar dertsjinoan, lykas de nieren en de alfleisklier , wurde ekstraperitoneaal neamd (en binne almeast retroperitoneaal ). In orgaan as de limoer is in bytsje in grinsgefal.

De bukholte is fan 'e boarstholte , der't it hert en de longen lizze, ofskaat troch it mulruft of middelruft ( Nederlansk : middenrif ; Latyn : diafragma ). Dat is in spier mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearluking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e bukholte, sadat de longen har folsuge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e bukholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de bukwand nei buten ta ut.

Oan 'e butenkant is de buk oerdutsen mei spieren en hud, en yn 'e midden befynt him de nale . By bisten is de buk yn 'e regel behierre; by de minske is dat by manlju meastal yn beheinde mjitte ek sa, wylst by froulju de buk ornaris keal is. By manlju bestiet de behierring meastal ut in net al te tichte streek hier tusken de nale en de geslachtsdielen . De buk is, fral by minsken, dy't rjochtop rinne en net de buk mei de rest fan it lichem beskermje kinne, in kwetsber lichemsdiel. De buk wurdt net beskerme troch in koai fan bonken ( ribbekast ), en derom sprekt men yn it Frysk ek wol fan it weak fan 't liif .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .