한국   대만   중국   일본 
Walk the Line (film) - Wikipedy Springe nei ynhald

Walk the Line (film)

Ut Wikipedy
Walk the Line
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur James Mangold
produsint James Keach
Cathy Konrad
senario Gill Dennis
James Mangold
basearre op Man in Black en
Cash: The Autobiography
    beide fan Johnny Cash
kamerarezjy Phedon Papamichael
muzyk T Bone Burnett
filmstudio Fox 2000 Pictures
Konrad Pictures
Tree Line Film
distribusje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Joaquin Phoenix
Reese Witherspoon
byrollen Ginnifer Goodwin
Robert Patrick
Shelby Lynne
Dan John Miller
Larry Bagby
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
Dutslan
premiere 18 novimber 2005
foarm langspylfilm
sjenre biografyske romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $186,8 miljoen
prizen 1 × Oscar
3 × Golden Globe
1 × Grammy Award
2 × BAFTA
2 × Satellite Award
1 × SAG Award

Walk the Line is in Amerikaansk - Dutske biografyske romantyske dramafilm ut 2005 under rezjy fan James Mangold , mei yn 'e haadrollen Joaquin Phoenix en Reese Witherspoon . De titel betsjut letterlik: "Rin op 'e Line", wat frij fertaald delkomt op: "Bliuw op it Rjochte Paad". It is it libbensferhaal fan 'e ferneamde countrymuzikant Johnny Cash , basearre op syn beide autobiografyen . De plot fan 'e film folget Cash yn 'e earste helte fan syn libben, oant 1968 , en lit sjen hoe't er trochbriek as sjonger en wraksele mei in ferslaving oan drugs . In sintraal plak yn 'e film wurdt ynnommen troch Cash syn unlijige relaasje mei sjongster June Carter , de leafde fan syn libben, dy't er lykwols pas mette doe't se allebeide al mei oaren troud wiene. Walk the Line waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride . De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in grut kommersjeel sukses yn 'e bioskopen . Walk the Line wun de Golden Globe foar Beste Film ? Musical of Komeedzje . Reese Witherspoon wun foar har rol as June Carter de Oscar , Golden Globe, BAFTA , Satellite Award en Screen Actors Guild Award foar beste aktrise, wylst Joaquin Phoenix de Golden Globe foar beste akteur binnenhelle foar syn fertolking fan 'e rol fan Johnny Cash.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De film set utein mei in ramtferhaal . Yn 1968 wachtet in entusjast publyk fan finzenen yn 'e Steatsfinzenis Folsom yn Kalifornje ungeduldich op 'e opkomst op it poadium fan 'e ferneamde countrysjonger Johnny Cash . Underwilens sit Cash yn 'e romte efter it tydlike poadium, dat it wurkplak fan it tichthus is. Der wurdt er oflaat troch in tafelseage , dy't syn prakkesaasjes werombringt nei syn bernetiid .

Yn 1944 groeit in tolvejierrige Johnny op yn earmoedige omstannichheden op it plattelan fan 'e Amerikaanske steat Arkansas , by it doarp Dyess . Syn aldere broer Jack, mei wa't er twa jier skeelt, is syn beste freon . Harren aldelju Ray en Carrie hawwe in lytse katoen plantaazje der't de hushalding him mar kwealk mei bedrippe kin, temear om't Ray, dy't syn wiif en bern dan wol net fysyk , mar wol deeglik geastlik mishannelet , in grut part fan it ynkommen dertroch bringt mei drinken . Johnny, dy't op dy leeftyd bekendstiet as J.R., is tige muzikaal oanlein, in eigenskip dy't er fan syn mem hat. Syn heit hat lykwols hielendal neat mei muzyk en besiket him of te learen wat er as flauwe kul sjocht, om't er him neffens Ray better talizze kin op hurd bodzjen. Johnny grypt lykwols eltse kans dy't er kriget oan om nei country - en gospelmuzyk op 'e radio te harkjen. Hy is benammen in grut fan fan Mother Maybelle and the Carter Sisters , in groep besteande ut Maybelle Carter en har dochters Helen , Anita en de tsienjierrige June .

Op in dei, as Ray Cash wer ris yn 'e kroech sit te drinken, nimt Jack in putsje oan op in houtseagerij om wat by te fertsjinjen troch in lading tmmerhout troch in tafelseage te heljen. It is de bedoeling dat Johnny him helpe sil, mar dy ferfeelt him der sa, dat Jack him fuortstjoert om te angelfiskjen , en unthjit dat er by him komme sil sadree't er it seachwurk klear hat. Dat, Johnny giet sunder euvelmoed te fiskjen, mar Jack komt net opdaagjen. Uteinlik, as er op hus oan giet, komt er syn lulke heit Ray tsjin, dy't om him siket. Johnny wurdt meinommen nei it pleatslike sikehus , der't Jack nei in needlottich ungemak mei de tafelseage yn it stjerren leit. Ray jout Johnny de skuld fan Jack syn dea en byt him ta dat de duvel him "de ferkearde soan ofnommen" hat.

Seis jier letter, yn 1950 , ferlit Johnny mei achttjin jier foar it earst syn aldershus om yn militere tsjinst te gean. Hy komt by de Amerikaanske Loftmacht te tsjinjen en wurdt op in fleanbasis yn Landsberg am Lech stasjonearre, yn West-Dutslan . Hy hat it der tige min nei it sin. Yn 1952 skaft er syn earste gitaar oan en begjint er, om soelaas te finen, yn syn frije tiid ferskes te skriuwen, werunder Folsom Prison Blues . Nei't er yn 1954 ut 'e tsjinst komt, keart Johnny werom nei de Feriene Steaten, der't er mei syn freondinne Vivian Liberto trout . It jonge pear set him nei wenjen yn Memphis (Tennessee) , der't Johnny in baan oannimt as (unsuksesfol) kolporteur . Yn syn frije tiid spilet er gospelmuzyk mei twa freonen, de monteurs Luther Perkins en Marshall Grant . Al rillegau krije hy en Vivian in lyts famke en net folle letter is der in twadde bern op kommendeweis.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Fanwegen syn wurk komt Johnny oeral yn Memphis, en sadwaande wit er fan it bestean of fan in opnamestudio , der't aspirearjende muzikanten tsjin betelling in grammofoanplaatsje opnimme litte kinne. As Vivian him under de noas wriuwt dat er net genoch fertsjinnet om 'e hier foar harren behindige appartemintsje op te bringen en dat der in utsettingsbefel tsjin harren utfurdige is, beslut Johnny einlings en te'n lesten de grutte sprong te weagjen. Hy set mei Luther en Marshall nei de opnamestudio ta, der't er de utbater, muzykprodusint Sam Phillips , dy't ek eigner is fan platemaatskippij Sun Records , wit te bepraten om harren daliks audysje dwaan te litten. De gospelmuzyk der't se mei oankomme, fynt Phillips mar neat, dat hy jout Johnny te ferstean dat er opsokkebalje moat as er neat betters wit. Ut klearebare wanhope sjongt Johnny dan Folsom Prison Blues . Dat is in liet der't Phillips wol belangstelling foar hat, dat Johnny en syn maten krije in platekontrakt .

It earste liet dat fan harren utbrocht wurdt, Cry! Cry! Cry! , wurdt in grutte hit , dat net folle letter geane Johnny-en-dy op toernee as Johnny Cash en The Tennessee Two (letter Johnny Cash en The Tennessee Three). Se dogge mei oan in junfoljend programma mei oare opkommende muzikanten en reizgje fan gefolgen yn in toerkarafaan mei u.o. Elvis Presley , Jerry Lee Lewis en Carl Perkins . Ek June Carter is fan 'e partij, en sadwaande komt Johnny mei har yn 'e kunde. As jonkje dat by de radio omhong, wied er al fereale rekke op har stim , en no't er har yn it echt moetet, is er smoar. Sy hat ek gefoelens foar him, mar hy is troud en sy hat krekt in aaklike skieding efter de rech, dat as er har op in jun besiket te tutsjen , wiist se him op mylde wize of. Se wurde freonen, mar Johnny langet nei mear. Underwilens rekket Johnny ferslave oan alkohol en troch tadwaan fan Elvis Presley ek oan drugs . Thus kin er eins gjin wurd kwyt oer syn wurk, want Vivian hat neat mei muzyk en wol it oer oare dingen hawwe. Harren houlik wurdt hieltyd ungelokkiger.

Yn 1962 , as er June fjouwer jier net sjoen hat, moetet Johnny har wer by utrikking fan 'e American Music Awards . June har twadde houlik rint dan op syn ein en se hat ferlet fan in ynkommen. Johnny syn stjer is almar fierder riisd, dat hy biedt har oan om mei him op toernee te gean as syn wurknimster . As se dan in pear dagen frij hawwe moat om't ien fan har dochterkes siik is, betellet er har gewoan troch. Dat is in oanbod dat se net ofslaan kin. Dat June giet mei Johnny en The Tennessee Three op toernee en dat wurdt in grut sukses. Efter de skermen binne der lykwols oanboazjende spannings. Johnny is noch altyd smoarfereale op June, en Vivian, dy't ek net gek is, merkt dat. Se begjint June beskogjen as de reden foar it feit dat it mei har houlik yn 'e nederklits rekket, en der hat se foar in part gelyk oan.

Nei in optreden yn Las Vegas freget Johnny oan June oft se noch eefkes in nachtmutske nimme sille, en sy nuget him ut yn har hotelkeamer . Se reitsje mei-inoar op bed , mar de oare moarns hat June der spyt fan dat se mei him sliept hat as se opmerkt hoe't Johnny in hantsjefol pillen efteroer slacht. Johnny is der hielendal stikken fan as er neitiid wer ofwiisd wurdt troch June, dat hy siket untwyk yn drank en yn noch folle mear drugs. By it optreden fan dy juns haldt en draacht er him nuver en unfoarsisber, en uteinlik falt er derhinne op it poadium. June, Luther en Marhsall stopje him op bed en sizze de rest fan it toernee of. Ear't se op hus oan giet, trochsiket June de hotelkeamer fan Johnny en spielt al syn drugs troch it huske . Dat makket dat Johnny 'twongen' is om yn Meksiko nije drugs te keapjen. As er weromkomt yn 'e Feriene Steaten, wurdt er op 'e lofthaven yn El Paso opwachte troch de pleatslike narkotikabrigade , dy't syn bagaazje trochsiket. De plysje ferwachtet heroine oan te treffen, mar it blykt allinne om pillen te gean, der't Johnny in doktersresept foar produsearje kin. Fan gefolgen ferbliuwt er mar ien nacht yn 'e sel . Underwilens komt June thus, der't se it liet Ring of Fire skriuwt om utering te jaan oan har gefoelens oer it feit dat Johnny almar fierder weisakket yn syn ferslaving.

Johnny syn houlik mei Vivian spat utinoar as er thus grutte foto's ophingje wol fan syn optredens, der't June prominint op stiet. Nei in heechoprinnende ruzje nimt Vivian de bern mei en lukt by har aldelju yn. Sy en Johnny skiede, wernei't hy yn 1966 nei Nashville ferhuzet , der't June ek wennet. Hy keapet in grutte filla yn in bosk oan 'e igge fan in marke by Hendersonville , in foarsted fan Nashville. Der nuget Johnny yn novimber fan dat jier June en har alden en syn eigen aldelju ut foar de fiering fan Thanksgiving . Syn heit Ray kin lykwols mar net ophalde mei Johnny del te heljen, en nei al dy jierren hat Johnny der sa njonkelytsen skjin syn nocht fan. Under ynfloed fan alkohol en drugs siket Johnny under iten de konfrontaasje mei syn heit op, sadat de dei utrint op in bittere famyljeruzje.

Nei't Ray en Carrie ofset binne, fiteret Maybelle Carter har dochter oan om Johnny te helpen. June antwurdet dat se der net oan begjinne kin, mar har mem wiist har derop dat se der jierren lyn al oan begun is. Dat, June besiket it noch in kear. Se trochsiket it hiele hus en goait alle drugs en drank fuort. Sy en har alden luke tydlik by Johnny yn, en as syn drugsdealer delkomt mei syn gebruklike levering, jaget Ezra Carter de man fuort under bedriging mei in jachtgewear . Sa wurdt Johnny twongen om of te kicken . Neitiid begjinne hy en June foarsichtich oan in relaasje, mar al hoe't er har ek freget en smeekt en biddelet, se slacht syn houliksoansiken of.

No't er wer tiid hat foar sokke dingen, ynstee fan dat er de heale dei foar pampus leit fan 'e drank en drugs, untdekt Johnny dat in grut diel fan syn fanmail komt fan lju dy't festsitte yn finzenissen . Hy stelt foar om op toernee te gean by tichthuzen yn 'e hiele Feriene Steaten lans, te begjinnen mei de Steatsfinzenis Folsom , der't syn liet Folsom Prison Blues oer giet. De platebazen by syn label Columbia Records binne der gjin foarstanner fan. Se halde ut dat it meastepart fan 'e lju dy't de platen fan Johnny keapet, bestiet ut fromme kristenen , dy't net wolle dat er moardners en ferkrefters yn 'e finzenis bliid makket. Johnny antwurdet dat it dan ek gjin kristenen binne en set syn idee troch. Hy beslut sels om in live-album op te nimmen yn Folsom, mei as titel At Folsom Prison .

Werom yn 1968 yn 'e Steatsfinzenis Folsom komt Johnny Cash wer ta himsels fan syn koarte fersinking yn gedachten oer syn eigen libbensskiednis. Hy en June geane it poadium op en halde harren earste optreden yn in tichthus, en it album dat se der opnimme wurdt in grut sukses. Se geane op toernee by finzenissen en oare gelegenheden lans. By in optreden yn London (Ontario) underbrekt Johnny in opfiering fan it duet Jackson troch te sizzen dat er net fierder sjonge kin ear't June taseit om mei him te trouwen. It publyk haldt de siken yn. June wifket, mar Johnny praat foar de mikrofoan op har yn oant se einlings en te'n lesten tawurd jout. Se omearmje en tutsje inoar en it publyk barst ut yn juchhei . Troch syn houlik mei June en it feit dat er fan 'e drugs en de drank of is, wurdt Johnny in hiele nije minske. Hy is in bettere heit foar syn bern en in goede styfheit foar June harres. Hy leit it skeel mei syn eigen heit Ray by.

Mei teksten dy't foarofgeande oan 'e oftiteling yn byld ferskine, wurdt ferteld dat Johnny en June tegearre in soan krigen, John Carter Cash , en inoar 36 jier lang trou bleaune, yn goede en minne tiden. Yn 2003 kaam June mei 73 jier te ferstjerren ; fjouwer moanne letter folge Johnny har mei 71 jier yn 'e dea.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Joaquin Phoenix .
Reese Witherspoon .
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
Johnny Cash Joaquin Phoenix
June Carter Reese Witherspoon


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Vivian Cash Ginnifer Goodwin
Ray Cash Robert Patrick
Carrie Rivers Cash Shelby Lynne
Luther Perkins Dan John Miller
Marshall Grant Larry Bagby
Sam Phillips Dallas Roberts
Jerry Lee Lewis Waylon Payne
Elvis Presley Tyler Hilton
Maybelle Carter Sandra Ellis Lafferty
Ezra Carter Dan Beene
de jonge Johnny Cash Ridge Canipe
de jonge Jack Cash Lucas Till
Carlene Carter Victoria Hester
Reba Cash McGhee Monteith
Waylon Jennings Shooter Jennings
W.S. "Fluke" Holland Clay Steakley
Roy Orbison Johnathan Rice
Carl Perkins Johnny Holiday

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De produksje fan 'e film Walk the Line giet uteinlik tebek op in oflevering fan 'e westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman , ut 1993 , der't Johnny Cash in gastrol yn hie. Hy en syn frou June Carter rekken befreone mei aktrise Jane Seymour , de haadrolspylster fan 'e searje, en har doetiidske man James Keach , dy't de rezjy fierde oer de oanbelangjende oflevering. Inkele jierren letter frege Cash oan Keach om in film oer syn libben te meitsjen. Yn tarieding derfoar hold Keach yn 1997 ferskate fraachpetearen mei Cash en de frou. Gill Dennis skreau op basis derfan in senario , dat foar in part ek basearre wie op 'e beide autobiografyen dy't Cash skreaun hie: Man in Black: His Own Story in His Own Words ( 1975 ) en Cash: The Autobiography ( 1997 ).

Keach gie mei it skript te suteljen by de grutte filmstudio's yn Hollywood lans, mar dy hiene der gjin ynteresse foar. Twa jier letter, doe't der noch altyd gjin foarutgong boekt wie, behelle Keach regisseur James Mangold yn it projekt, dy't al fan it begjin of oan grutte belangstelling toand hie. Mangold en syn frou Cathy Konrad , dy't in yngong hiene by Sony Pictures , untwikkelen it senario fierder oant se yn 2001 in skript tochten te hawwen dat ferfilmber wie. Sony betanke derfoar, mar Fox 2000 Pictures , in dochterundernimming fan 20th Century Fox , hapte ta. Mei Mangold as regisseur en Keach en Konrad as filmprodusinten sette de produksje fan Walk the Line utein. Njonken Fox 2000 Pictures wiene ek Konrad Pictures en Tree Line Film as produksjemaatskippijen by de film belutsen. Walk the Line wie dermei in Amerikaansk - Dutske ko-produksje . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 28 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Phedon Papamichael , en de filmmuzyk waard fersoarge troch T Bone Burnett .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Walk the Line funen plak yn 2004 . Der waard foar it meastepart filme yn Los Angeles en Santa Clarita yn Kalifornje en yn Memphis , Nashville en Covington yn Tennessee . De sene yn 'e opnamestudio waard filme yn 'e echte Sun Studio yn Memphis, der't Johnny Cash yn 1955 syn earste single opnaam. De sene by it optreden yn London (Ontario) , der't Cash fan June einlings tawurd kriget, waard opnommen yn The Orpheum yn Memphis. De butendoarbylden fan 'e Steatsfinzenis Folsom (eins yn Folsom , yn Kalifornje), waarden filme by de Steatsfinzenis fan Tennessee yn Nashville.

De senes fan 'e jonkheid fan Johnny Cash waarden ek wier yn 'e neite fan syn iere wenplak Dyess yn Arkansas opnommen. De senes yn en by syn filla yn Hendersonville (Tennessee) koene der net filme wurde om't de wente yn 2007 by in bran ferwoastge wie. Derom moast utwykt wurde nei in filla dy't der sterk op liek, yn Hernando (Mississippy) . En de sene yn it kasino yn Las Vegas , der't Cash en June foar it earst mei-inoar op bed slagje , waarden opnommen yn Sam's Town Casino yn Tunica (Mississippy) . De haadrolspilers Joaquin Phoenix en Reese Witherspoon songen alle lieten yn 'e film sels sunder neisyngronisearre te wurden. Se learden ek fan nul of muzykynstruminten te bespyljen, yn it gefal fan Phoenix gitaar en foar wat Witherspoon oangie, de autoharp .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Walk the Line waard fersoarge troch 20th Century Fox , de memme-undernimming fan Fox 2000 Pictures . De film waard foar it earst fertoand op 4 novimber 2005 op it Filmfestival fan Telluride yn Colorado . De film iepene dernei op 18 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen . It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 15 novimber 2005 by platemaatskippij Wind-up Records . Walk the Line waard op 28 febrewaris 2006 utbrocht op dvd yn 'e bioskoopferzje fan 136  minuten . Op 25 maart 2008 ferskynde der ek in twaskiifs extended cut fan 'e film op dvd, dy't in spyldoer hie fan 153 minuten. De letter utbrochte blu-ray fan Walk the Line befette yn ferskate Jeropeeske lannen de extended cut , mar yn Noard-Amearika de bioskoopferzje.

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Walk the Line oer it algemien positive resinsjes . Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times , bygelyks, priizge Reese Witherspoon foar har fertolking fan 'e rol fan June Carter en foarsei dat se dermei de Oscar foar beste aktrise winne soe (wat ek sa betearde). As fan fan Johnny Cash miende er dat it sjongen fan Joaquin Phoenix neisyngronisearre wie mei it stimlud fan syn idoal , en doe't er ut 'e oftiteling gewaar waard dat Phoenix sels songen hie, wied er ferbjustere . Yn 'e Los Angeles Times skreau Carina Chocano dat Phoenix en Witherspoon "earsteklas wurk dogge: se sjonge […], se bespylje ynstruminten dy't nij foar harren binne, se knetterje fan humor en garisma , en se jouwe safolle seksuele hjittens of dat it in merakel is dat se net yn flammen utbarste."

A.O. Scott fan The New York Times hie lykwols problemen mei de aktearprestaasje fan Phoenix, dy't er "it meast oertsjugjend [fun] by konserten ". Yn oare omstannichheden omskreau er it lykwols as "fertize yn it soarte standert psychologyske twangbuis der't Hollywood graach in trublearre genius yn festset". Neffens Richard Corliss , dy't Walk the Line beoardiele foar it tydskrift Time , wie it grutste probleem fan 'e film dat regisseur en senarioskriuwer James Mangold en syn kollega-senarist Gill Dennis "soms it rjochte paad fan 'e ynspirasjonele biografy wat te strang folgje". Guon resinsinten brochten fierders it beswier op 't aljemint dat Walk the Line de leste 36 jier fan it libben Cash en Carter negearre, en dat datselde gou foar Cash syn kontroversjele maatskiplik - politike opfettings.

Yn Entertainment Weekly skreau Owen Gleiberman dat Witherspoon, "dy't sels ek in aardich deuntsje meisjonge kin, Carter tige ynnimlik makket, in wiere springboarne fan waarmte en blydskip". Mar hy fun dat sy en Phoenix sa goed oaninoar weage wiene dat de " romantyske tebekhaldendheid" fan Carter net goed ut 'e ferve kaam. De Britske filmkritikus Mark Kermode hie dan wer neat oars as lof foar Witherspoon, dy't neffens him yn 'e film in dregere rol hie as Phoenix. Hy skreau: "Har ofgryslik fleurige optredens op it poadium stykje oan ien wei troch om parody , mar trouwe der nea mei."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Walk the Line in heech goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 210 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Geweldich aktearwurk en autentike sjongerij fangt de emosjonele subtiliteiten fan 'e leginde dy't Johnny Cash wie mei in orizjinaliteit dy't in plezier is om nei te sjen." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Walk the Line in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 39 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Walk the Line brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 119,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $67,3 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $186,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $158,8 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2006 waard Walk the Line by de Oscars nominearre foar prizen yn 5 kategoryen , werunder beste akteur ( Joaquin Phoenix ), beste filmmontaazje , beste ludsmixing en beste kostumuntwerp . Reese Witherspoon wun foar har fertolking fan 'e rol fan June Carter de Oscar foar beste aktrise. By de Golden Globes waard de film nominearre yn 3 kategoryen en wun er eltse gear. It gie om 'e prizen foar beste film (musical of komeedzje) , beste akteur (Phoenix) en beste aktrise (Witherspoon).

Walk the Line waard ek nominearre foar 2 Screen Actors Guild Awards , werunder dy foar beste akteur (Phoenix). De film wun 'e SAG Award foar beste aktrise (Witherspoon). Ek wun de film de Grammy Award foar beste kompilaasjesoundtrackalbum foar film , tillefyzje of oare media en de Tex Ritter Film Award fan 'e Academy of Country Music Awards . Ridge Canipe , dy't yn 'e senesekwinsje ut 1944 de tolvejierrige Johnny Cash spile, wun mei dat optreden de Young Artist Award foar beste byrol fan in jonge akteur.

By de Satellite Awards waard Walk the Line nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, werunder beste regisseur , beste akteur (Phoenix) en beste adaptearre senario . De film wun 2 prizen, foar beste film (musical of komeedzje) en beste aktrise (Witherspoon). By de BAFTA's , de wichtichste Britske filmprizen, waard Walk the Line nominearre yn 4 kategoryen, werunder beste akteur (Phoenix) en beste filmmuzyk . De film wun de BAFTA's foar beste aktrise (Witherspoon) en beste lud . Walk the Line waard fierders nominearre foar 4 Critics' Choice Awards , in Empire Award , 2 MTV Movie Awards en 2 Teen Choice Awards . Derfan wun de film de Critics' Choice Awards foar beste aktrise (Witherspoon) en beste soundtrack en de Teen Choice Award foar beste aktrise yn in dramafilm (Witherspoon).

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .