한국   대만   중국   일본 
Waakstaffeltsje - Wikipedy Springe nei ynhald

Waakstaffeltsje

Ut Wikipedy
Rekonstruksje fan in Romeinsk waakstaffeltsje mei trije griffels
De Ruusbroec-miniatuer yn it hanskrift K.B. Brusse, 19.295-97. Yn dizze stileare foarstelling sjogge wy in muonts (lofts) dy’t Ruusbroec foarstelle sil mei yn de lofterhan in waakstaffeltsje en yn de rjochterhan in griffel, oan it skriuwen mei in tekst. Der liket er ta ynspirearre te wezen troch de Hillige Geast , dy’t yn symboalyske gedaante fan in (wite) do omfljocht. Rjochts is te sjen hoe’t in oare muonts, in kopiist, sittend oan in skriuwtafel, de tekst fan de waakstafel kopyearret op in stik perkamint . Oan harren fuotten leit it einprodukt: in kodeks , it mei de han skreaune midsieuske boek mei in publike funksje.

In waakstaffeltsje - Latyn : tabula - is in rjochthoekich houten plankje mei opsteande ranen dat binnen dy ranen oan ien kant bestrutsen is mei in donkere (griene, reade, swarte) bijewaaks . Mei help fan in skerppunte metalen griffel - Latyn: stilus - koe yn dy waaks in tekst skreaun wurde, yn grutte fariearjend fan in notysje / brief (bryfke) oant in side fan in boek . It waakstaffeltsje is de foarrinner fan de moderne boekfoarm: de kodeks .

Skiednis en bruken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar koarte notysjes dy’t mar ienkear opskreaun hoegden te wurden brukten se yn de aldheid faak diggels - fan stikken rekke hushaldlik diggelguod -, klaai of oar goedkeap materiaal.
Foar’t neist is de waakstafel in Romeinske utfining mar deroer is gjin wissens. Yn de Aldheid en de Midsiuwen hong it waakstaffeltsje mei de griffel yn in etui oan de gurdleriem fan elke belezen man (en inkeld ek frou). It waakstaffeltsje is de foarrinner fan it underwilens yn unbruk rekke laaike mei krytsje, en wie tagelyk bedoeld om it skriuwen te learen. It waakstaffeltsje wie net bedoeld om ienkear te bruken, mar krektoarsom foar hieltyd wer bruken. Derfoar moast de bruker de yn waaks skraste letters wiskje troch de waaks earst wat te ranen en dan gled te striken: tabula rasa . Foar it gledstriken brukten se de platte efterkant fan de griffel. Twa skernierjende waakstaffeltsjes mei de beskreaune kant nei binnen tsjininoar klapt koene mei in lint oaninoar bun wurde en mei in segel fan waaks befeilige wurde tsjin nijsgjirrige eagen fan net-winske lezers.
Njonken lytse waakstaffeltsjes binne der yn de midsiuwen ek grutte waakstafels, dy’t troch auteurs brukt waarden om har boeken op te skriuwen. Dat proses wurdt yn byld brocht op in miniatuer yn in sammelhanskrift fan de Brabanske teolooch en mystikus Jan van Ruusbroec .

Plankje fan Tolsum [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De aldst bekende skreaune tekst fan Nederlan is fun yn Fryslan - te witten Tolsum - it skriuwplankje fan Tolsum . Yn de tekst stiet de Bataaf foar it earst neamd, in soldaat yn de rol fan ien fan de tsjugen by de oerienkomst.

Trivia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De griffel koe (en waard) sa nedich as stekwapen brukt wurde - tink bygelyks oan de tige drove Floaris dy’t foar it gref fan syn leaf Blancefloer himsels it libben nimme woe mei it skriuwark dat er fan har presint krigen hie (fergeat Diederic van Assenede oer te setten, mar stiet wol yn de Franske boarnetekst 'Floire et Blancheflor’') doe’t er har efterlitte moast, om’t er earne oars nei skoalle moast, mei it doel dat er hieltyd oan har tinke soe as er syn waakstaffeltsje(s) bruke soe, en as oantrun om har treastbrieven te skriuwen: leafde docht sear!

Al ut de aldheid datearret de siswize Saepe stilum vertas! - 'Draai dyn skriuwstift gauris om!' - der’t mei bedoeld wurdt dat jo net tefreden weze moatte mei wat jo skreaun hawwe, mar hieltyd weroan nei ferbetterings sykje moatte.

It hat der alle skyn fan dat de galei , der’t let-midsiuwske setters harren siden setsel parkearden, oflaat is fan de sa betroude waakstafels.