Von Schlieffenplan

Ut Wikipedy
It Schlieffenplan

It Von Schlieffenplan wie in kriichsplan fan Dutslan tsjin de kombinearre driging fan it Russysk - Franske bunsgenoatskip tsjin Dutslan oer. It plan waard utfierd yn augustus 1914 , doe't Frankryk him yndie yn it Russysk-Dutske konflikt mingde troch ek te mobilisearjen. Dat wie militer besjoen it begjin wie fan de Earste Wraldkriich .

Opset [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It plan underkenne it gefaar fan in twafronteoarloch tsjin Frankryk en Ruslan, der’t Dutslan net sterk genoch foar wie. Om't Ruslan him fanwege grutte ofstannen net fluch mobilisearje koe, wie der foar de it Dutske leger in untsnapping muglik at hja earst fluch ofrekkenje koenen mei de Franske driging. Om dat te berikken soe it Dutske leger derom it Franske leger oer Belgje omsingelje, en yn it earstoan ek fia Nederlan. It plan wie net om Parys yn te nimmen, mar om der om hinne te luken en sa it yn de Elzas konsintrearre Franske leger klem te setten, wertroch dat him oerjaan soe. De Dutske troepen soenen dan op de trein nei Ruslan set wurde om it Russyske leger der te ferslaan ear't it folslein mobillisearre wie. Foar it ferslaan fan de Fransken wie in perioade fan mar 42 dagen rekkene.

Neidielen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Von Schieffenplan hie in tal swakheden:

  • Troch de neutraliteit fan Belgje te skeinen soe Grut-Brittanje in ferlech hawwe om him yn de oarloch te mingen, op grun fan it Ferdrach fan Londen fan 1839 . Mei it skeinen fan de neutralens fan Belgje soe Dutslan ek in soad polityk kredyt ferspylje, wat it by in lange doer de boeman fan de wrald meitsje koe. Von Schlieffen, in echte Prusyske militer, achte dat net relevant.
  • It Dutske leger wie grut foar de kapasiteiten fan it Belgyske en Noard-Franske (spoar-)wegennet.
  • It wie net wis of it Dutske leger fan 1914 by steat wie dit plan ut te fieren. Von Schlieffen tocht lykwols dat it al koe, at der neat skeef gong.

It plan hie ek twa ynherinte problemen:

  • It Franske leger moast him oerjaan. At dit idee te 19e-iuwsk wie, en it Franske leger him ta fjochtsje sette soe, dan wie de twafronteoarloch, en dermei it ferlies, net tsjin te halden.
  • Der wie net in soad tiid. In tiidskema fan 42 dagen wie sa strak dat by hokfoar ofwiking dan ek de kans op de oerwinning tsjin Ruslan ferlern gean soe.

Von Schlieffen gong der dan ek fan ut dat der, by ofwikings fan de gong fan saken daalks stoppe wurde soe en besocht wurde soe dochs noch te underhanneljen, om't Dutslan dan net mear winne koe.

Diplomasy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It kin derom weze dat de leste muglikheid dy it Von Schieffenplan like te jaan, der nea wier west hat; dat de oarloch mei Ruslan al ferlern wie doe't Ruslan him mobilisearre tsjin Eastenryk, en Dutslan daalks mei underhannelings begjinne moatten hie. Mar de diplomaten reagearden net, en it leger besocht de ienichste utgong dy't it hie.

Of dit wier de ienige muglikheid wie is net dudlik. Frankryk spile op himsels yn de julykrisis fan 1914 gjin rol fan betsjutting. Der is in lytse muglikheid dat in aktivere opstelling fan de diplomaten Frankryk der fan werhalde kind hie syn bunsgenoat te help te kommen.