한국   대만   중국   일본 
Tydskrift - Wikipedy Springe nei ynhald

Tydskrift

Ut Wikipedy
In rek mei tydskriften yn in winkel.

In tydskrift of bled (de Ingelske beneaming magazine komt ek foar) is in periodyk ferskinende publikaasje dy't per oplaach bestiet ut in samling artikels en in ferskaat oan begeliedend of op himsels steand fotomateriaal . Yn 'e regel befetsje tydskriften dernjonken tsjintwurdich ek (faak in grut tal) betelle advertinsjes . Yn 'e gefallen dat dat net sa is (wat foarhinne faker foarkaam as no), wurdt it oangeande tydskrift folslein finansierd troch de ferkeappriis . Ek is it mooglik dat it funksjonearret as in kommunikaasjemiddel fan in organisaasje mei syn leden en/of donateurs ; yn sokke gefallen wurdt it bekoste ut 'e kontribusje en/of de donaasjes . De measte tydskriften besteane lykwols fan in mingde finansiering op basis fan advertinsjes en ferkeap .

Tradisjoneel wurde tydskriften op papier drukt, mar der besteane hjoed de dei ek tydskriften dy't inkeld yn digitale foarm ferskine. Tydskriften underskiede har fan kranten troch de frekwinsje fan ferskinen, mar fral ek troch it hawwen fan in omslach en in ynhaldlike tematyk dy't faak wol ferban haldt mei it nijs fan 'e dei , mar der net mei lykslein wurde kin. Wat de frekwinsje fan ferskinen oangiet, besteane der ruchwei trije soarten tydskriften: it wykbled , dat ienris yn 'e wike utkomt; it moannebled , dat ienris yn 'e moanne publisearre wurdt; en tydskriften dy't noch minder faak publisearre wurde, bygelyks ienris yn it fearnsjier ( fearnsjierbled ), ienris yn 'e fjouwer moannen of ienris yn it jier ( jierboek ). Tydskriften kinne oan alderhanne underwerpen wijd weze, fan 'e aktualiteit ( opinybleden ) oant lifestyle ( glossys ), en fan religy (tsjerkebledsjes) oant neakenfotografy ( neakenbleden ) en pornografy ( pornobleden ). In tige behyplik tydskrift dat faak mar ut ien of twa siden bestiet, neamt men ek wol in nijsbrief .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .