한국   대만   중국   일본 
Pennamityske Oarloggen - Wikipedy Springe nei ynhald

Pennamityske Oarloggen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tredde Pennamityske Oarloch )
Pennamityske Oarloggen
datum: 1769 ? 1799
plak: noardeastlik Pennsylvania
utkomst: gebiet kaam by Pennsylvania , mar de kolonisten ut Nij-Ingelan beholden har lan
konfliktpartijen
Pennsylvania

Konettikut
Fermont
sterkte
unbekend unbekend
ferliezen
1 deade
unbekend tal ferwunen
2 deaden
unbekend tal ferwunen

De Pennamityske Oarloggen , of ek wol de Yankee-Pennamityske Oarloggen , foarmen yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw in slepend konflikt tusken earst de Britske koloanjes Pennsylvania en Konettikut , en letter de Amerikaanske steaten Pennsylvania en Konettikut . It draaide om it besit fan 'e Wyomingdelling , oan 'e noardlike tuke fan 'e rivier de Susquehanna , der't sawol Pennsylvania as Konettikut oanspraak op makke. Dat late ta in rige botsings tusken Pennsylvaanske kolonisten , de saneamde 'Pennamiten', en harren Konettikutske tsjinstanners, de saneamde ' Yankees '. De Pennamityske Oarloggen omfiemen trije perioaden dat de tsjinstellings ta utbarstings fan iepentlik geweld kamen:

Foarskiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De woartel fan it konflikt tusken Pennsylvania en Konettikut leit yn 'e inoar tsjinsprekkende lanskinkings troch de Ingelske Kroan . Yn 1662 liet kening Karel II fan Ingelan de Koloanje Konettikut oprjochtsje, ut grungebiet dat al kolonisearre wie mar earder ta de koloanje Massachusetts heard hie. Konettikut omfieme neffens de hjirby ferliende oarkunde alle lan dat nei it westen ta yn it ferlingde fan it al kolonisearre gebiet lei, yn prinsipe oan 'e Stille Oseaan ta. Derta hearde ek de Wyomingdelling. Yn 1681 joech Karel II lykwols oan 'e quaker William Penn it rjocht om 'e koloanje Pennsylvania op te rjochtsjen, en yn 'e dermei mank geande oarkunde waard itselde gebiet oan Pennsylvania taparte. Dizze oerlaapjende lanrjochten diene yn 'e santjinde iuw en de earste helte fan 'e achttjinde iuw net ta de saak fanwegen de fuleindige wjerstan dy't de Yndiaanske bewenners fan 'e Wyomingdelling, de Suskehannok ( Susquehannock ) beaen tsjin 'e kolonisaasje fan harren lan troch de blanken , mar nei't dyselden ferslein wiene, untstie der in probleem.

It streamgebiet fan 'e rivier de Susquehanna .

Konflikt [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Omtrint 1750 kochten beide koloanjes by ferdraggen itselde lan oan fan 'e Yndianen. Konettikut stifte der, tusken de rivieren de Susquehanna en de Delaware , yn 1753 in njoggende county , Westmoreland , en begun der yn 1754 kolonisten hinne te stjoeren. Dy lju stiften yn 1769 de sted Wilkes-Barre . Dit waard troch de Pennamiten beskoge as landieverij , en bewapene groepen Pennsylvaanske kolonisten teagen der yn 1769 - 1770 op ut om 'e Yankees fan har lan te ferdriuwen. Dat konflikt kaam bekend te stean as de Earste Pennamityske Oarloch . Hjirby kamen ien Pennamyt en twa Yankees om en dermei wie it daliks ek fierwei de bloedichste fan 'e trije 'oarloggen', mei't der neitiid nea wer deaden foelen. Hoewol't Pennsylvania it foardiel hie dat it direkt oan it omstriden gebiet grinzge, wylst Konettikut oare kant fan it tuskenlizzende New York sitewearre wie, wisten de Pennamiten de Yankees net te ferdriuwen.

Yn 1771 waarden de lanoanspraken fan Konettikut befestige troch de Britske kening George III , mei as gefolch dat der yn 1773 in nije weach kolonisten ut Konettikut wei yn it omstriden gebiet arrivearre en der it stedsje Westmoreland stifte. De Pennamiten wegeren har lykwols by de utspraak fan it Britske regear del te lizzen, en yn desimber 1774 die de Pennamityske milysje fan Northumberland County in mislearre wraam op in delsetting fan Konettikutske kolonisten, in foarfal dat bekend kaam te stean as de Twadde Pennamityske Oarloch .

Neitiid waard it konflikt underbrutsen troch de Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch , weryn't Pennsylvania en Konettikut mei alve oare koloanjes tsjin 'e Britske oerhearsking fochten. It Kontinintaal Kongres , de foarrinner fan it Amerikaanske Kongres , bugde him yn 1782 oer de saak, en draaide de beslissing fan George III werom. Hoewol't Pennsylvania no gelyk krigen hie, untstie der op 'e nij in wapene konflikt, de Tredde Pennamityske Oarloch , doe't Pennsylvania yn 1784 de kolonisten ut Konettikut fan harren lan sette woe. Net allinnich namen dy kolonisten doe de wapens op tsjin 'e Pennsylvaanske steatsmilysje, mar boppedat stjoerden Konettikut en ek Fermont milysjetroepen om 'e kolonisten te helpen. Uteinlik moast Pennsylvania yn dizze saak bakseil helje, en yn 1788 erkende it Steatskongres fan Pennsylvania de eigendomsrjochten fan 'e Konettikutske kolonisten op harren lan. It konflikt waard uteinlik yn 1799 hielendal bylein en einige dermei dat de Wyomingdelling by Pennsylvania kaam te hearren en dat de Konettikutske kolonisten Pennsylvanen waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Bibliography , op dizze side .