Transseksualiteit

Ut Wikipedy
Nina Poon , in transseksueel Amerikaansk model .

Transseksualiteit (of mei in Ingelske term transgenderism ) is in foarm fan seksuele identiteit werby't men in konflikt underfynt tusken jins fysike geslacht en jins geslachtsidentiteit (hoe't men jins geslacht psychysk belibbet). Hjirby fielt in man him dus eins frou, of fielt in frou har in man. Medysk wurdt yn sokke gefallen faak de diagnoaze geslachtsdisfory stelt, benammen as it neamde konflikt sa sterk is dat men as in lid fan it tsjinstelde geslacht troch it libben gean wol.

Yn in jierrenlang proses kin mei hormoanterapy de lichemshushalding dusdanich oanpast wurde, dat men fysyk mear op it winske geslacht begjint te lykjen. Uteinlik liedt sa'n proses tsjintwurdich faak ta in geslachtsferoaringsoperaasje . Hjirby wurdt faak sprutsen fan pre-operative en postoperative transseksuelen; "pre-operatyf" wol sizze dat men al libbet as in lid fan it winske geslacht, mar dat men noch gjin geslachtsferoaringsoperaasje undergien hat, wylst mei de term "postoperatyf" oantsjut wurdt dat der al in geslachtsferoaringsoperaasje plakfun hat.

Flagge fan 'e transseksualiteit.

Transseksualiteit stiet yn prinsipe folslein los fan seksuele oriintaasje (de foarkar dy't men hat foar seksuele partners fan it iene of oare geslacht). Want om't immen dy't as man berne is himsels in frou fielt en ek frou wurde wol, wol dat noch net sizze dat er himsels ek seksueel oanlutsen fielt ta manlju.

Yn in protte dielen fan 'e wrald wurde transseksuelen stigmatisearre en diskriminearre . Ek yn Westerske lannen is dat noch faak it gefal. Guon lannen hawwe histoarysk in tradysje oangeande geslachtsdiversiteit; dan moat men benammen tinke oan Sud-Aazje : Yndia , Nepal , Banglades en Pakistan . Sunt de Midsiuwen is dat lykwols under ynfloed fan 'e islaam en de kekene fiktoriaanske mentaliteit fan 'e Britske kolonisators in stik minder wurden. Frjemd genoch is it strang islamityske Iraan op it med fan transseksualiteit en geslachtsferoaringsoperaasjes ien fan 'e meast foarutstribjende lannen fan 'e wrald, wat feroarsake wurdt troch in utspraak fan grutayatollah Ruhollah Chomeiny op dit med, en troch it feit dat men transseksualiteit yn Iraan folslein los sjocht fan homoseksualiteit , der't it yn 'e Westerske wrald allegeduerigen bewust of unbewust mei yn ferban brocht wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Bibliography , op dizze side .