- Dizze side giet oer
trailer yn 'e sin fan promoasjefilmke
. Foar de oanhingwein fan in truck, sjoch:
oplizzer
.
In
trailer
is in foarm fan
kommersjele
reklame
en
promoasje
foar in
spylfilm
,
tillefyzjeprogramma
of
kompjuterspultsje
, werby't de
filmprodusinten
besykje en meitsje it
publyk
waarm foar harren produksje troch in kompilaasje fan bylden ut 'e oangeande film of
tillefyzjesearje
sjen te litten. Dat giet almeast mank mei in dramatyske
voice-over
dy't yn it koart wat oer de film of searje ferteld. Itselde kin dien wurde mei in kompjuterspultsje. It komt tsjintwurdich ek foar dat trailers makke wurde foar
muzykfestivals
en oare
eveneminten
.
De
Ingelske
oantsjutting 'trailer' (letterlik: "efterneikommer", frij fertaald: "folger") komt ut 'e
bioskoopsektor
, der't it oarspronklik wizansje wie om sokke filmkes nei de haadfilm te fertoanen. Dat barde foar it earst yn
1913
. Dy praktyk duorre net lang, om't it bioskooppublyk yn 'e regel al under de
oftiteling
fan 'e haadfilm de
filmseal
ferlit. Derom lit men sokke reklame tsjintwurdich foarofgeande oan 'e haadfilm sjen, as saneamde
foarfilms
. De oantsjutting 'trailer' bleau lykwols yn gebruk.
Oars as 'foarfilm' kin de term 'trailer' ek brukt wurde foar promoasjefilmkes dy't los fan in 'haadfilm' fertoand wurde, bygelyks op it
ynternet
, yn in
filmrubryk
op 'e
tillefyzje
of gewoan as oankundiging tusken de programma's troch op 'e tillefyzje. In
teasertrailer
(letterlik: "pleachtrailer") is in tige koarte trailer, dy't mar in hiel lyts bytsje priisjout oer de ynhald fan 'e film, de searje of it oare dat oanpriizge wurdt, en dy't benammen bedoeld is om it produkt meer
nammebekendheid
te jaan.