Jonestown (Guyana)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Trageedzje fan Jonestown )
Jonestown yn 1979

Jonestown  wie in delsetting yn 't oerwald fan Noardwest- Guyana , ofsletten fan 'e rest fan 'e wrald. It waard yn 1977 boud under lieding fan  Jim Jones , dy't de leden fan syn sekte, People's Temple , hjirta twong. Jonestown waard ynternasjonaal ferneamd, doe't op 18 novimber 1978 mear as 900 minsken om it libben kamen yn 'e delsetting, op 'e tichteby lizzende laningsbaan yn Port Kaituma en yn Georgetown , de haadsted fan Guyana. De namme Jonestown is ynherint wurden oan 'e ynsidinten dy't der plakfun hawwe.

In totaal fan 909 Amerikanen stoar yn Jonestown, fan wa 907 troch syanide-fergiftiging. Dy praktyk waard troch Jones en inkelde oanhingers "revolusjonere selsmoard" neamd. De fergiftigings yn 'e delsetting waarden utfiert nei't fiif oaren by Port Kaituma fermoarde wienen, under wa kongresman Leo Ryan . Fjouwer oare leden fan 'e sekte kamen om yn Georgetown op befel fan Jones.