Toprak Yalciner

Ut Wikipedy
Toprak Yalciner
akteur
persoanlike bysunderheden
echte namme Toprak Yalciner
nasjonaliteit Nederlansk
Turksk
berne 21 juny 1980
berteplak Karaman ( Turkije )
etnisiteit Turksk
jierren aktyf 1995 ? no
offisjele webside
gjint

Toprak Yalciner (utspr.: ['topr?k 'j?l?in?r], likernoch: "toprak jaltsjiner"; Karaman ( Turkije ), 21 juny 1980 ) is in Turksk - Nederlansk aktrise fan etnysk Turksk komof.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yalciner waard yn 1980 berne yn it Turkske Karaman , mar emigrearre mei har alden al hiel jong nei Nederlan , der't se opgroeide. Yn 1995 hie se in rol yn 'e koarte film Stampot Cowboy , en yn 2002 spile se yn ien oflevering fan 'e tillefyzjesearje Hartslag . Tegearre mei Dilan Yurdakul fertolke Yalciner sunt 2012 de rollen fan 'e Turkske susters Baydar yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden .

Yn 2013 untwurp Yalciner yn gearwurking mei de organisaasje POM Amsterdam in sjaal foar it goede doel Dance4life . Dy sjaal waard yn produksje nommen en per stik ferkocht foar € 59,95. De opbringst fan dizze aksje waard brukt foar de striid tsjin 'e geslachtssykte AIDS .

Yn july 2014 liet Yalciner har personaazje ut Goede Tijden, Slechte Tijden skriuwe om't se derfoar keas om har aktearkarriere op it toaniel fuort te setten. Fanof de ein fan 'e simmer stie se op 'e planken mei in rol yn 'e komeedzje De Kapsalon . Dernjonken die se ein 2014 mei oan twa ofleverings fan 'e kwis De Slimste Mens . Yn 2015 wie se in kandidate yn it BNN - realityprogramma De Zeven Zeeen , mar der waard se yn oflevering 5 eliminearre en einige se op it sande plak. Yalciner hat ek meidien oan it programma Ranking the Stars .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .