한국   대만   중국   일본 
Thomas Shepard - Wikipedy Springe nei ynhald

Thomas Shepard

Ut Wikipedy

Thomas Shepard ( Towcester , Northamptonshire , 5 novimber 1605 - Cambridge , Massachusetts , 25 augustus 1649 ) wie in Amearikaanske puriteinske dumny en in wichtich persoan in iere koloniale Nij Ingelan .

Syn godsfruchtige mem, Anne Shepherd-Bland, ferstoar doe't er fjouwer jier ald wie en hy hie in swier libben by syn styfmem. Doe't er 10 jier ald wie ferstoar syn heit, William Parmoor Shepard, en op dat stuit wenne er by syn pake en beppe en letter by syn aldere broer, dy't er tankber en heech achte. In skoalmaster puonne syn belangsteling yn de wittenskip oan en dit late der uteinlik ta dat er op 15-jierrige leeftyd nei de Emmanuel-ofdieling fan de universiteit fan Cambridge gie. Yn syn autobiografy jout er oan dat er yn leech en losbannich libben late, wat him der ta brocht om yn in fjild yn de buert yn gebet te gean en hy doe op dat stuit in begjin fan in bekearingserfaring undergie.

Yn 1627 waard er in assistint skoalmaster oan de Earls Colne Grammar School yn Earls Colne yn Essex . Hy waard in dumny dy't troch syn preken en Puriteinske manieren de lilkens fan de aartsbisskop fan de Tsjerke fan Ingelan , William Laud, opwekte en dertroch in preekferbod oplein krige. Nei de dea fan syn aldste soan, gie er yn 1635 ut Ingelan wei en gie er, mei syn frou en in jongere soan op in drege reis nei Massachusetts yn it koloniale Amearika ta. Syn frou ferstoar dernei en ek syn twadde frou Joanna Hooker (de dochter fan de dumny Thomas Hooker ) en oare bern, hoewol't er dizze erfarings, lykwols net al te maklik, ynpaste yn it ramt fan syn teology.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • De sune leauwige .
  • De wiere bekearing .
  • De likenis fan de tsien maagden (fammen).