Thomas Gainsborough

Ut Wikipedy
Thomas Gainsborough: Selsportret , ± 1758
Thomas Gainsborough: Blue Boy

Thomas Gainsborough ( Sudbury ( Suffolk ), 14 maaie 1727 ? Londen , 2 augustus 1788 ) wie in Ingelske keunstner, en is foaral bekend wurden troch syn portretten en lanskippen. Mei Sir Joshua Reynolds hearde Gainsborough ta de wichtichste en suksesfolste Britske keunstners fan de 18e iuw .

Om 1740 hinne ferhuze Thomas Gainsborough fan Suffolk nei Londen foar in keunststudzje. Hy wenne dere oant 1746. Gainsborough waard beynfloede troch Hollanke en Flaamske masters en de Franske grafikus Hubert Gravelot .

Meast makke Thomas Gainsborough portretten fan grutte ofmjittings, der't de persoan fan top ta tean ofbylde waard. Letter waard syn wurk yntym under ynfloed fan guonts as Van Dyck en Rubens . De kleuren waarden waarmer en de komposysjes yngewikkelder.

Thomas Gainsborough wie ien fan de oprjochters fan de Royal Academy of Arts . Hy wurke in protte yn opdracht. "Blue Boy" ut 1770 is ien fan de bekendste skilderijen fan Gainsborough.

De keunststreamings Romantyk en Klassisisme binne it dudlikst werom te finen yn syn wurk.

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Thomas Gainsborough fan Wikimedia Commons .