한국   대만   중국   일본 
Deastraf - Wikipedy Springe nei ynhald

Deastraf

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Terjochtsteld )
In kaart fan de wrald mei der op de lannen der't de deastraf wol en net utfierd wurdt.

De deastraf is de wettige terjochtstelling fan in minske as swierste straf foar in misdied. Yn in soad lannen, bygelyks yn de Feriene Steaten , Sina en Yndoneezje , wurdt de deastraf utfierd.

Der is in soad te dwaan om de deastraf. Mei it humanisme waard de deastraf yn Jeropa hieltyd kritysker folge. It hat laat ta it ofskaffen fan dizze straf yn in protte Westerske lannen; yn Jeropa komt de deastraf hast hielendal net mear foar.

Foar it utfieren fan de deastraf wurdt in ferskaat oan metoaden brukt. Neffens Amnesty International wurdt der it meast bruk makke fan de deadlike ynjeksje , de elektryske stoel , de gaskeamer , it fjoerwapen , ophingjen , unthaadzjen en stiennigjen .

De deastraf yn Fryslan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cesare Beccaria , Dei delitti e delle pene

De drekte deastraf kaam yn de Midsiuwen yn Fryslan net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lanferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elts koe him samar deameitsje.

De drekte deastraf kaam pas under it Saksyske bewald (yn guon steden justjes earder) en is sunttiid yn Fryslan geregeld utfierd, meastentiids yn Ljouwert . Soms waard de straf om de befolking of te skrikken ek wol op it plak fan de misdie utfierd, mar it wie wol altyd yn it iepenbier. Freed, 23 maart 1860 is op it tsjintwurdige Wilhelminaplein yn Ljouwert it leste deafunis middels ophingjen utfierd en wol oan Ype Baukes de Graaf .

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]


Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]