In
telefyzjenetwurk
of
tillefyzjenetwurk
is in
organisaasje
dy't ferskillende
telefyzjestasjons
yn eigendom en/of behear hat en/of fan
telefyzjeprogramma's
foarsjocht. It is in begryp dat benammen in protte brukt wurdt yn
Noard-Amearika
en
Austraalje
. Der biede sokke netwurken in programmearring dy't foar it hiele
lan
fierhinne itselde is, mar foar in diel taspitst op 'e regio, lykas
nijsprogramma's
en
waarberjochten
. Guon netwurken besitte sels in grut tal telefyzjestasjons, wylst oaren wurkje mei assosjearre stasjons dy't bestjoerlik selsstannich binne. It komt ek foar dat beide foarmen fan stasjons by ien netwurk oansletten binne. Bekende foarbylden fan telefyzjenetwurken binne
ABC
,
CBS
en
NBC
yn 'e
Feriene Steaten
,
CBC
yn
Kanada
,
ABC
yn
Austraalje
en de
BBC
en
ITV
yn it
Feriene Keninkryk
.
In soad tsjintwurdige telefyzjenetwurken binne oarspronklik untstien ut eardere
radionetwurken
. In wichtich ferskil tusken in telefyzjenetwurk en it Nederlanske begryp
omrop
is dat in netwurk de hiele of hast de hiele programmearring fan mear as ien telefyzjestasjon fersoarget, wylst omroppen de utstjoertiid op ien telefyzjestasjon mei-inoar diele. Yn 'e Nederlanske kontekst kinne benammen
RTL Nederlan
en
SBS Broadcasting
(dy't de telefyzjestasjons
RTL4
,
RTL5
,
RTL7
en
RTL8
, resp.
Net5
,
SBS6
,
SBS9
en
Veronica
yn eigendom hawwe) wol as telefyzjenetwurken sjoen wurde, ek al wurdt dy term yn Nederlan mar selden brukt.