Tankberens

Ut Wikipedy

Tankberens , tankberheid of tank , ek erkentlikens of erkentlikheid , is in gemoedstastan werby't men in posityf gefoel hat yn 'e rjochting in oar, omreden fan woldieden dy't dy persoan oan jin dien hat. Tankberens wurdt oer it algemien beskoge as in deugd en is yn frijwol alle religyen in sintraal begryp.

Om tankberens te fielen, moat oan fjouwer betingsten foldien wurde. Yn it foarste plak moat de persoan der't it om giet wat krije fan oar dat ut frijwilligens of goedheid jun wurdt (betingst 1). Derby kin it gean om wat materieels, lykas in kado , mar ek om wat ymmaterieels, lykas in tsjinst. Fierders moat itjinge dat jun wurdt troch de untfanger as weardefol sjoen wurde (betingst 2) en troch de jouwer as kostber (betingst 3). Ta einbeslut moat itjinge dat jun wurdt oan in beskaat ferlet foldwaan (betingst 4). De filosoof B. Weiner omskreau tankberens yn 1985 as in attribusje -ofhinklike gemoedstastan, dy't fuortkomt ut in twaliddich kognityf proses: a) men stelt fest dat eat in positive utkomst krigen hat, en b) men stelt fest dat derfoar in eksterne boarne ferantwurdlik west hat.

Tankberens falt under de empatyske emoasjes , dy't basearre binne op it fermogen om jin yn oaren te ferpleatsen. Yn 'e psychology wurdt de utinoar rinnende frekwinsje en yntinsiteit wermei't minsken tankberens underfine as in karaktertrek beskoge. Lju dy't faker in gefoel fan tankberens hawwe, binne minsken dy't der mear as oaren ta oerhingje om 'e goedheid fan oaren te werkennen. Neffens guon psychologen binne minsken dy't faker in gefoel fan tankberens underfine, oer it algemien tefredener , rjochtsje se harren mear op 'e lytse en/of de positive dingen yn it libben en hawwe se mear oandacht foar de rol dy't oare minsken yn harren libben spylje.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .