Tallahassee (Floarida)

Ut Wikipedy
Tallahassee
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Floarida
County Leon County
Sifers
Ynwennertal 181.376 (2010)
Oerflak 268 km² (ynkl. wetter)
260 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 698,6 / km²
Stedekloft 375.371 (2010)
Hichte 62 m
Oar
Stifting 1786
Tiidsone UTC -5
Simmertiid UTC-4
Koordinaten 30°27′18″N 84°15′12″W
Offisjele webside
www.talgov.com
Kaart
De lizzing fan Tallahassee yn Leon County en yn 'e steat Floarida .

Tallahassee (utspr.: [tæl?'hæsi]) is de haadsted fan 'e sudeastlike Amerikaanske steat Floarida , en it haadplak fan it omlizzende Leon County . De sted leit deunby de noardgrins fan 'e steat, likernoch op it plak der't it skiereilan fan Floarida en de saneamde Florida Panhandle (de noardwestlik kuststripe dy't net ta it skiereilan heart) byinoar komme. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Tallahassee doe goed 181.000 ynwenners. As alle foarsteden en de heal ferstedske omlizzende plattelanskrite meirekkene wurdt, komt Tallahassee as stedekloft ut op in befolking fan goed 375.000 minsken.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oarspronklike bewenners fan 'e krite der't Tallahassee no leit wiene de Apalatsy - Yndianen , dy't lykwols al yn 'e Spaanske tiid ( 1565 - 1821 ) slim yn it neigean rekken. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw waard in diel fan 'e Kriik troch Amerikaanske kolonisten ut Georgia wei nei it suden ta ferdreaun, de grins fan Spaansk Floarida oer. Dy besetten dere it untfolke lan dat de Apalatsy ienris yn besit han hiene, en untjoegen har der, skaat fan harren noardlike folksgenoaten, ta de Seminoalen . Tallahassee waard yn 1786 stifte as in Seminoalsk doarp. Dy namme is in Muskogeesk wurd (ut 'e taal fan 'e Kriik en de Seminoalen), dat gauris oerset wurdt as "Alde Fjilden".

It alde Steatskapitoal fan Floarida , datearjend ut 1845 , mei derefter de moderne kapitoaltoer yn oanbou ( 1976 ).

Nei't Spanje Floarida yn 1821 ferkocht hie oan 'e Feriene Steaten, briek de Earste Seminoalske Oarloch ut, werby't de Amerikanen de Seminoalen, dy't hja twa generaasjes earder sels nei Floarida ta dreaun hiene, der wer wei besochten te krijen. Yn 1817 waard Tallahassee platbaarnd troch generaal Andrew Jackson , de lettere Amerikaanske presidint, doe't de pleatslike haadman wegere hie it doarp te untromjen. De Seminoalen fochten werom, dat it jiers derop ferovere Jackson it werboude doarp foargoed.

Foar't de Amerikanen Floarida oernommen hiene, hie it gebiet bestien ut twa Spaanske koloanjes: East-Floarida , mei as haadsted Sint-Augustinus , en West-Floarida , mei as haadsted Pensacola . De Amerikanen foegen dy beide dielen gear, mar doe't it parlemint fan it nije territoarium syn earste sittings hold, bliek der in probleem te wezen. De earste sitting waard yn 1822 yn Pensacola holden, en de leden ut Sint-Augustinus wiene doe 59 dagen underweis om der te kommen. It jiers derop waard de sitting yn Sint-Augustinus holden, en doe wiene de leden ut Pensacola 28 dagen underweis om hielendal om it skiereilan hinne te silen. Sadwaande waard doe besletten dat der in nije haadsted komme moast, dy't likernoch healwei Pensacola en Sint-Augustinus lizze moast. Der waard op 'e kaart sjoen hokker plak oft oan dy eask foldie, en doe foel de kar op Tallahassee. En alsa waard dat yn 1824 utroppen ta de haadsted fan Floarida.

Fan 1825 oant 1860 untjoech Tallahassee him stadichoan ta in echte steatshaadsted. Sa kaam yn 1845 it Steatskapitoal fan Floarida ree, in swiid bouwurk dat weromgrypt op 'e boustyl fan it alde Grikelan . Yn dy tiid wie Tallahassee ek in sintrum fan 'e slavehannel , mei't it midden yn it gebiet fan Noard-Floarida lei der't in soad katoen ferboud waard. Under de Amerikaanske Boargeroarloch ( 1861 - 1865 ) wie Tallahassee de iennichste Sudlike steatshaadsted eastlik fan 'e Mississippy dy't nea troch de Noardliken ferovere waard. In lytse skermutseling, de Slach by Natural Bridge , waard op 6 maart 1865 , krekt foar de Sudlike oerjefte, besuden de sted utfochten.

Nei de Boargeroarloch rekke de ekonomy fan Tallahassee yn 'e nederklits. Sunder slaven wiene de grutte katoen - en tabaksplantaazje unrindabel, en in protte derfan waarden ferkocht oan rike noarderlingen dy't der jachtreservaten fan makken. Meitiid paste de ekonomy him oan, en waarden der sitrusfruchten ferboud, wylst der ek oan boskbou (foar timmerhout) en feehalderij dien waard. Dernjonken waard fan 'e iuwwiksel of it toerisme stadichoan wichtiger. Oan 'e Twadde Wraldoarloch ta bleau Tallahassee lykwols in lyts stedsje (yn 1940 hie it goed 62.000 ynwenners), dat it fral hawwe moast fan 'e der festige oerheidstsjinsten en universiteiten .

Hjerstkleuren yn 'e binnensted fan Tallahassee.

Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw begun de befolking fan Tallahassee fluch te groeien, al koe de sted it nea halde foar plakken oer dy't sudliker op it skiereilan leine, en dy't harren yn dyselde snuorje folslein op it toerisme smieten, lykas Orlando , Miami en Tampa . Yn 'e santiger jierren hierde it regear fan Floarida de arsjitekt Edward Durell Stone yn om in nij steatskapitoal te untwerpen. It 23 ferdjippings tellende fletgebou waard yn 1977 oplevere. De lokale polityk hat tusken 1968 en 1992 fjouwer kear besocht om it bestjoer fan 'e gemeente Tallahassee en Leon County te "konsolidearjen" (d.w.s. gear te foegjen), mar eltse kear is dat utstel by in referindum troch de kiezers fuortstimd.

De sit fan it Heechgerjochtshof fan Floarida .

Tallahassee hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ekonomy fan Tallahassee stipet swier op 'e tsjinstesektor , en dan yn it bysunder op 'e oerheid, it underwiis en de sunenssoarch . De grutste wurkjouwer fan 'e sted is de steat Floarida, mei goed 20.000 arbeidsplakken. Op it twadde plak stiet de Steatsuniversiteit fan Floarida (FSU), it grutste ynstitut foar heger underwiis yn Tallahassee, mei krapoan 14.000 banen. De FSU waard oprjochte yn 1851 , en is woartele yn in foargeande underwiisynstelling dy't al bestie sunt 1843 . In oare wichtige universiteit yn 'e sted is de Florida A&M University (FAMU), dy't stifte waard yn 1887 . Wat berikberheid oangiet, wurdt Tallahassee betsjinne troch it Tallahassee Regional Airport , dat besiket om 'e status fan ynternasjonale lofthaven te krijen, en troch it lytsere Tallahassee Commercial Airport , dat fral brukt wurdt troch priveefleantugen en oare behindigere tastellen.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Tallahassee 8,2% alder as 65 jier en 17,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 53,4% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst 24,7% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 53,3% blanken ; 35,0% swarten ; 6,3% Latino's ; 3,7% Aziaten ; 0,1% Yndianen ; 1,6% oaren of fan mingd etnysk komof. Op taalkundich med waard yn 2000 feststeld dat yn Tallahassee 92,0% fan 'e befolking yn 'e hus inkeld Ingelsk spriek, wylst it Spaansk mei 4,1% op it twadde plak kaam. Dernei folgen Fransk en Dutsk , beide mei 0,6%.

In snieballegefjocht op 'e treden fan it alde Steatskapitoal fan Floarida , op 10 febrewaris 1899 .

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tallahassee hat in fochtich subtropysk klimaat , mei lange waarme simmers en koarte mylde winters . Yn july , de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,4 °C, en yn jannewaris , de kaldste moanne, is dat 17,5 °C. Rekortemperatueren wiene 41 °C op 15 juny 2011 en ?19 °C yn 1899 . Tallahassee kriget jiers trochinoar 1.506 mm delslach . Snie falt der mar komselden, yn trochsneed 2,5 sm ienris yn 'e 17 jier. De orkanen dy't foar in grut part fan Floarida in wiere pleach foarmje, geane ornaris by Tallahassee lans; de leste kears dat de sted datoangeande de folle laach krige, wie yn 1985 , doe't de orkaan Kate deroerhinne walste.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .