Taeke Cnossen

Ut Wikipedy
Taeke Cnossen
Taeke Cnossen (1961)
Taeke Cnossen (1961)
persoanlike bysunderheden
echte namme Taeke Cnossen
nasjonaliteit Nederlansk
berne 20 juny 1896
berteplak Idzegea
stoarn 12 jannewaris 1988
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist
jierren aktyf fanof 1919

Taeke Cnossen ( Idzegea , 20 juny 1896 - Ljouwert , 12 jannewaris 1988 ) wie in Nederlanske sjoernalist .

Doe't er achttjin jier ald wie makke Cnossen syn earste reis nei de Feriene Steaten , yn 1924 en 1929 reizge er troch Kanada , tegearre mei de yn Nederlan bekende grifformearde dumny Henry Beets . Hy wie redakteur by it grifformearde Friesch Dagblad (1919-1921) en it antyrevolusjonere deibled De Standaard (1921-1943).

Cnossen wie ien fan de mei-oprjochters (mei prof. dr. A.A. van Schelven) fan de Grifformearde Emigraasje Feriening (GEV), oprjochte op 23 novimber 1927. Nei in reorganisaasje gie de GEV op in bredere protestantsk-kristlike basis fierder as de Kristlike Emigraasje Sintrale (CEC) sunt 5 febrewaris 1938. Nei de Twadde Wraldoarloch soe de CEC in grut oandiel hawwe yn de begelieding en organisaasje fan de Nederlanske lanferhuzing nei benammen Kanada, Austraalje en de Feriene Steaten, der't persintueel sjoen in soad grifformearden hinne teagen.

Yn septimber 1946 waard Cnossen direkteur fan de Sintrale Stichting Lanbou Emigraasje (CSLE), mar hy bleau aktyf binnen de CEC. Hy soe him mei Abraham Warnaar (1893-1975) oant april 1965 in entusjast en flamboyant lieder fan dy emigraasjesintrale toane. Cnossen waard yn 1952 beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau .

Publikaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Dwars door Canada (1927)
  • Emigratie , Antirevolutionaire Staatkunde. Orgaan van de Dr. Abraham Kuyperstichting 6 (1930) 304-310.
  • Canada. Land van vrijheid, ruimte en ontplooiing (Wageningen: Zomer en Keuning, 1951)
  • Emigratie, waarom en waarheen? (Zeist: Dijkstra, 1952)
  • Australie en Nieuw-Zeeland , yn 'e mande mei M. Apperloo (Wageningen: Zomer en Keuning, 1954)
  • Emigratie van agrariers , yn 'e mande mei J.M.A. Penders (De Haach, 1955)
  • Mensen en meningen. Journalistieke en politieke herinneringen (Amsterdam, 1968)

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Piet Koenes, Interview met de heer T. Cnossen , Patrimonium. Offisjeel orgaan fan it lanlik bun Patrimonium 83.6 (juny 1972) 167-187.
  • Enne Koops, De dynamiek van een emigratiecultuur. De emigratie van gereformeerden, hervormden en katholieken naar Noord-Amerika in vergelijkend perspectief (Hilfertsom: Verloren, 2010) 91-99.
  • Pedro de Wit, Wegen wijzen overzee. 65 jaar christelijk emigratiewerk (Kampen: Kok, 1993)
  • Argyf 'Christelijke Emigratie Centrale', Histoarysk Dokumintaasjesintrum, Frije Universiteit , Amsterdam

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: