Suriname
,
Surinam
, of
Sranang
is in lan yn
Sud-Amearika
, dy't eartiids ek
Nederlands Guyana
as namme hie. It lan hat in befolking fan likernoch in heal miljoen minsken, der't de helte fan yn 'e haadsted
Paramaribo
wennet. De earere legerlieder
Desi Bouterse
wie fan 12 augustus 2010 oant 31 july 2020 presidint fan it lan. Hy waard opfolge troch
Chan Santokhi
.
It lan wurdt begrinzge troch:
It lan oan de noardeastkust fan Sud-Amearika is ferneamd nei de
Suriname
rivier, dy't by
Brokopondo
in grutte
opslachmar
hat en by Paramaribo yn de
Atlantyske Oseaan
utmunet. De noardlike kuststripe bestiet ut
sompegebiet
dat tusken de 26 oant 100 km breed is. Efter de kustflakte, der't goed 80% fan de befolking wennet, bestiet it middenpart fan Suriname ut leech, gloaiend bosklan, dat troch
houtkap
lykwols hjir en der driget te feroarjen yn
Savanne
. Noch fierder lan ynwerts giet it bosklan stadichoan oer yn mei tichte oerwalden bedekte en foar it meastepart unoantaaste
Toemoek-Hoemak
berchtme.
Yn de sudlike helte fan it lan lizze meardere rigen bergen, dy't meiinoar ta it
Heechlan fan Guyana
hearre. Dat binne u.o. it
Oranjeberchtme
,
Van Asch van Wijckberchtme
,
Wilhelminaberchtme
,
Eilerts de Haanberchtme
,
Grinsberchtme
en it al earder neamde Toemoek-Hoemakberchtme. De heechste pyk fan Suriname is de
Julianatop
op 1280 meter hichte.
De wichtichste rivieren binne de al neamde Surinamerivier, de
Coppename
, de
Tapanahony
, de
Saramakka
en de
Korantyn
, dy't de grins mei Guyana foarmet.
De
Arawaakse
en
Karibyske
folkskloften wienen de earste bewenners fan Suriname, hja hawwe har der yn 3000 f.Kr. ta wenjen set. Fan de
17e iuw
of besochten de Britten en Nederlanners hieltyd de sizzenskip oer it lan te krijen. Uteinlik krigen de Nederlanners dat troch in ferdrach te sluten mei de Britten oer de koloanje.
De Nederlanners brochten skipsfrachten mei
slaven
ut
Afrika
nei Suriname ta, dy't der oan it wurk setten waard op 'e plantaazjes. Kloften slaven koenen flechtsjen en lutsen it binnenlan der't guons de Nederlanske plantaazjes ut de jungle oanfoelen.
1873
wie de offisjele ein fan 'e slavenhannel. Tenei holden de Nederlanners kontraktwurkers ut
Yndia
en
Yndoneezje
.
Yn
1954
krige Suriname in autonoam regear,
Nederlan
halde de utlanske saken en definsje ministearjes. Yn
1973
sette de
NPK
ut ein mei in petear oer folsleine unofhinklikens fan Nederlan. Op
25 novimber
1975
is Suriname offisjeel fan Nederlan unofhinklik wurden.
Nei de unofhinklikens gong it hurd minder mei de ekonomyske situaasje yn it lan. Neidat yn 1974 50.000 Surinamers gebruk hawwe makke fan har Nederlanske steatsboargerskip om nei Nederlan te kommen emigrearre nei de unofhinklikens noch ris ientredde fan de befolking om te untsnappen oan de slimme situaasje yn har lan. It feroaren fan bewald troch de by militere kup oan de macht kommen
Desi Bouterse
brocht gjin stabiliteit, mar hawwe foar nei swierrichheden soarge.
It meastepart fan de ynwenners wennet yn it noarden fan it lan, yn de distrikten
Paramaribo
,
Wanika
en
Nikkery
. It tinstbefolke diskrikt is
Sipaliwiny
, dat it grutste part fan it binnenlan beslaat.
De gearstalling fan de befolking is tige ferskaat en bestiet ut in grut tal etnyske groepen, der't de
Hindoestanen
(27,4 %),
Kreoalen
(17,7 %), Bosknegers of
Marrons
(14,7 %) en
Javanen
(14,6 %) de grutste kloften fan binne.
Yn Nederlan wenje om-ende-by 350.000 minsken fan Surinaamske komof. Fral yn de tiid om de unofhinklikheid hinne en nei militere kup fan
1980
of nei de
Desimbermoarden
fan
1982
gongen in soad ut Suriname wei.
Yn Suriname wurde mar leafst tweintich talen sprutsen. It meastepart fan de Surinamers is meartalich en sprekt faak ek goed
Ingelsk
. De offisjele taal is it
Nederlansk
.
Wat de godstsjinst oanbelanget wie yn 2007 it meastepart fan de befolking (40,7%) in oanhinger fan in
kristlike religy
. Twadgrutste wie it
hindoeisme
(19,9%) en mei 13,5% de
islam
tredde.