한국   대만   중국   일본 
Styffamylje - Wikipedy Springe nei ynhald

Styffamylje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Styfbern )

Styffamylje is in oerkoepeljende beneaming foar dy leden fan in gesin of famylje dy't gjin besibskipsrelaasje troch ofstamming mei-inoar hawwe, mar inkeld fia it houlik (of yn bredere sin de relaasje ) fan 'e alden fan it oangeande gesin oaninoar besibbe binne. Dat is in sitewaasje dy't foarkomt as in heit of mem mei ien of mear bern ut in eardere relaasje in nije relaasje oangiet mei in oare partner . De nije partner wurdt oantsjut as de styfalder . As it in man is, wurdt hy foar de bern harren styfheit ; is it in frou , dat wurdt hja harren styfmem . Oarsom wurde de bern foar him of har styfbern , en ofhinklik fan harren geslacht styfsoan of styfdochter . Fanut it eachpunt fan 'e biologyske alder fan 'e bern wurde bern ut in eardere as de hjoeddeiske relaasje foarbern neamd, nei geslacht spesifisearre as in foarsoan of in foardochter . Styfmemmen lizze by lju dy't ut eigen underfining net mei it ferskynsel 'styffamylje' te meitsjen han hawwe, op in minne namme troch it literere foarkommen fan it personaazje fan 'e 'boaze styfmem' yn wraldferneamde mearkes as Sniewytsje en Jiskepuster . Yn it ferlingde derfan wurdt de oantsjutting 'styfbern' wol sprekwurdlik brukt foar ien dy't oan 't krapperein komt of eat dat ferwaarleazge wurdt.

Foarhinne kaam in styfalder benammen foar nei it ferstjerren fan in eardere houlikspartner , wernei't de widner of widdo in nij houlik oangie. Foar froulju wie de driuwfear derfoar faak dat hja sels gjin ynkommen hiene en in man nedich wiene om har en harren bern te underhalden, wylst manlju yn 'e regel wertrouden om't harren bern ut 'e eardere relaasje ferlet hiene fan in mem om 'e opfieding ter han te nimmen. Sunt de midden fan 'e tweintichste iuw is yn 'e Westerske maatskippij lykwols it ferskynsel skieding folslein ynboargere rekke, mei as gefolch dat brutsen gesinnen fan allinnichsteande alders mei harren bern no folle mear foarkomme. Sadwaande is ek it tal skieden alders tanommen dat wertrout of in nije relaasje mei in oare partner oangiet, en dermei dus it foarkommen fan styffamyljes. Soms is derby sprake fan styfalderadopsje , werby't de styfalder syn of har styfbern formeel adoptearret , sadat der in wetlike ban tusken harren untstiet. Soks wurdt meastal dien as in soarte fan fersekering: as der wat mei de biologyske alder barre soe, ferliest de styfalder nammentlik alle sizzenskip oer de opfieding fan syn of har styfbern as hy of sy dy net adoptearre hat.

De famyljesitewaasje wurdt noch yngewikkelder as de nije partner sels ek al bern hat ut in eardere relaasje. As foarbern fan beide alden mei-inoar yn ien hushalding gearlibje, sprekt men wol fan in gearstald gesin . De foarbern fan 'e beide alden binne (mei in Ingelsk wurd) inoars styfsibling en spesifisearre nei geslacht binne se inoars styfbroer of styfsuster . Elts bern dat fuortkomt ut 'e nije relaasje tusken de oarspronklike alder en de styfalder is in healsibling ( healbroer of healsuster ) foar de foarbern fan beide alden . Hoewol't styfsiblings net biologysk oaninoar besibbe binne, wurde foar harren oer it algemien deselde mjitsteven oanholden as dy't jilde foar wiere siblings . Derta heart ek it maatskiplik taboe op seksuele omgong , hoewol't dat troch it untbrekken fan in biologyske famyljerelaasje net ta yntylt liede en yn prinsipe ek net foar ynsest oanmurken wurde kin.

In styfpake of styfbeppe is in pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan ien fan 'e alden fan syn of har bernsbern is. In pake of beppe dy't de styfheit of styfmem fan 'e styfheit of styfmem fan syn of har bernsbern is, soe as it der op oankomt in styfstyfpake of styfstyfbeppe neamd wurde kinne. Yn 'e praktyk sille alle styfpakes en -beppes troch de bernsbern lykwols gewoan oansprutsen wurde mei "pake" of "beppe". Oarsom is in styfpakesizzer of styfbeppesizzer it bern fan jins styfsoan of -dochter. In styfomke of styfmuoike is in omke of muoike dy't de styfbroer of -suster fan ien fan jins alden is, en omdraaid is in styfomkesizzer of styfmuoikesizzer de soan of dochter fan jins styfbroer of -suster.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Selected bibliography , Footnotes en References , op dizze side .

Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes